2021: Jier

Iuwen: 16e 17e 18e 19e 20e 21e iuw 22e 23e 24e 25e 26e
Jierren: 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022 2023 2024 2025 2026

2021: Foarfallen, Berne, Ferstoarn Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 2021: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
2021 MMXXI
Ab urbe condita 2774
Armeenske kalinder 1470

ԹՎ ՌՆՀ

Etiopyske kalinder 2013 – 2014
Hebriuwske kalinder 5781 – 5782
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 2076 – 2077
- Shaka Samvat 1943 – 1944
- Kali Yuga 5122 – 5123
Iraanske kalinder 1399 – 1400
Islamityske kalinder 1443 – 1443
Juliaanske kalinder
 2021: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder 4717 – 4718

丁子 – 戊丑

2021 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 2021.)

Foarfallen

    jannewaris
    febrewaris
    maart
    april
    maaie
    juny
    july
    augustus
    septimber
    oktober
    novimber
  • 1 - Yn it Skotske Glasgow begjint de Klimaatkonferinsje fan Glasgow.
  • 1 - Wrâldwiid binne der no 5 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19. Dat binne inkeld de registrearre deaden; it eigentlike sifer leit nei alle gedachten wol trije oant fjouwer kear sa heech.
  • 2 - De Sineeske tennisster Peng Shuai beskuldiget op 'e sosjale media yn in lang en yngeand betooch de eardere fise-premier fan Sina Zhang Gaoli fan ferkrêfting. Neitiid wurdt har ferhaal troch de Sineeske oerheid gau-gau wiske en ferdwynt Peng spoarleas. Pas nei swiere druk fan it Frouljustennisbûn (WTA) wurdt der op 17 novimber wer wat fan har heard, as der in e-mailberjocht ferskynt dat sabeare troch har skreaun is.
  • 5 - By de ûntploffing fan in tankwein mei branje komme yn Freetown, de haadstêd fan Sierra Leöane, 99 minsken om en reitsje mear as 100 oaren ferwûne.
  • 7 - Yn ferskate Poalske stêden fine grutskalige demonstraasjes plak tsjin 'e nije strange anty-abortuswet. Direkte oanlieding is it ferstjerren fan in 30-jierrige frou by wa't de dokters wegeren in abortus út te fieren, ek al wie dúdlik dat de foetus al dea wie.
  • 18 - Eastenryk beslút as earste lân yn 'e wrâld ta in ferplichte yninting tsjin COVID-19. Uterlik 1 febrewaris 2022 moatte alle ynwenners fan it lân faksinearre wêze.
  • 19 - By in demonstraasje tsjin 'e maatregels yn it ramt fan 'e koroanakrisis fan it Kabinet-Rutte III wurdt yn 'e Nederlânske stêd Rotterdam swier geweld brûkt tsjin 'e plysje en de brânwacht en wurde grutte fernielings oanrjochte.
  • 21 - De Folksrepublyk Sina makket bekend dat it de diplomatike betrekkings mei Litouwen ferbrekt, nei't dat lân Taiwan tastien hat de namme 'Taiwan' (ynstee fan 'Republyk Sina') te brûken foar syn diplomatike fertsjintwurdiging yn 'e Litouske haadstêd Vilnius.
  • 21 - It Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) bringt nei bûten ta dat de Sineeske tennisster Peng Shuai, dy't ferdwûn is nei't se de eardere fise-premier fan Sina Zhang Gaoli fan ferkrêfting beskuldige, wer boppe wetter is. Hja hat byldbelle mei IOC-foarsitter Thomas Bach en oare IOC-pommeranten, en dyselden hat se ferteld dat se fleurich, feilich en sûn is en dat men net oer har yn hoecht te sitten. Nei de publikaasje fan dat nijsbulletên kriget it IOC in stoarm fan krityk oer him hinne om't de organisaasje it ûnder druk setten fan Peng troch de Sineeske oerheid besiket te behimmeljen en aktyf meiwurket oan it yn 'e dôfpot stopjen fan 'e hiele saak.
  • 22 - Omreden fan 'e oprinnende oantallen lju dy't mei COVID-19 besmet binne, giet Eastenryk foar trije wiken yn lockdown.
  • 24 - De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA lansearret de Double Asteroid Redirection Test (DART), in earste besykjen om in asteroïde fan koers feroarje te litten, mei as doel om te learen hoe't de Ierde tsjin eventuele takomstige asteroïden op raamkoers beskerme wurde kin. De útkomsten fan 'e test sille pas oer in jier te sjen wêze, mei't it sa lang duorret foar't de romtesonde syn doel berikt hat.
  • 25 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) beleit in needgearkomste om te oerlizzen oer Omikron, in yngeand mutearre en nei alle gedachten besmetlikere nije fariant fan it COVID-19-firus, dy't fêststeld is yn Súdlik Afrika.
  • 25 - By in brân yn in stienkoalmyn yn Kemerovo, yn Sibearje, komme mear as 50 Russyske mynwurkers om.
  • 30 - Barbados hâldt op in monargy te wêzen mei de Britske keninginne Elizabeth II oan it haad, en is fan no ôf oan in republyk.
    desimber

Berne

Ferstoarn

    jannewaris
    febrewaris
    maart
    april
    maaie
    juny
    july
    augustus
    septimber
    oktober
    novimber
    desimber

Literatuer

    romans
    non-fiksje

Films

Tillefyzje

Jierren: 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022 2023 2024 2025 2026
Iuwen: 16e 17e 18e 19e 20e 21e iuw 22e 23e 24e 25e 26e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

2021 Foarfallen2021 Berne2021 Ferstoarn2021 Literatuer2021 Films2021 Tillefyzje2021

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Katedraal fan UdineEtruskenYnterprovinsjaal OerlisKatedraal fan NotoMisjonarishâldingAlkoholisme202323 aprilFen Fryske GrounRae Lil BlackRôze leppelbekGonny GaakeerMûs (kompjûter)Charles III fan it Feriene KeninkrykFryslânAnton DalhuysenMiddelseksBoedismeWopke de VegtLimoerhalskankerArtefakt (archeology)HantsjemierKira EggersEdelgasFryske gemeentenBetlehimRhylee RichardsWytsingenFjoerPierre WoodmanKleurLeppeltsje-leppeltsjeSensual JaneDomtsjerke fan GrossetoGamal Abdel NasserLânUleboerd1932MarianetrôchJ.R. CarringtonMoslimHaaienPausSkamhierHelen DuvalBiskopEmiel StoffersErika BellaRonald Reagan20 aprilDomtsjerke fan Messina2017Provansaalske wrotmûsGryptsjerkKatedraal fan OtrantoGemeenten fan NederlânHaadsideMuzyk22 april198018962011Tiffany Towers (pornografysk aktrise)1968NoardfryskRaffarinadeDreves Uitterdijk🡆 More