Kirgyzje

Kirgyzje of Kirgyzstan, sûnt 1993 offisjeel de Kirgizyske Republyk, is in lân yn Sintraal-Aazje.

Кыргыз Республикасы
Flagge fan Kirgyzje Wapen fan Kirgyzje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kirgyzje
Offisjele taal Kirgizysk, Russysk
Haadstêd Bisjkek
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
198.500 km²
3,6­%
Ynwenners (1999) 4.896.100
Munt Som (KGS)
Tiidsône UTC +5
Nasjonale feestdei 2 desimber
Lânkoade KGZ
Ynternet .kg
Tillefoan 996

De haadstêd is Bisjkek en de presidint fan de republyk is sûnt 2005 Kurmanbek Bakiyev.

Geografy

Lizzing

Kirgyzje wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Kirgyzje 
Tiansanberchtme yn Kyrgyzstan.

Kirgyzje leit foar it grutste part yn it Tiansanberchtme. De helte fan it lân leit boppe de 3000 meter, allinnich de foarberchtmen yn it westen en noarden lizze ûnder de 1200 meter. It lânskip bestiet foar in grut part út woastyneftige gebieten, mar der binne ek gebieten mei bosk en greiden. Boppe de 3000 meter giet it lânskip oer yn berchtoendra folge troch in gletsjersône.

Skiednis

Kirgyzje waard yn 1876 opnommen yn it Russyske Ryk fan de Tsjaren. Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 krige it foar it earst in modern steatsbestel. De sosjalistyske sowjetrepublyk feklearre har yn 1991 selsstannich fan de USSR. De grûnwetwiziging fan 1993 hat fan it lân in presidintsjele republyk makke en jout de presidint fiergeande foegen.

Demografy

Befolking

De befolking fan Kirgyzje waard yn 2007 op 5.2 miljoen skatten. De grutste befolkingsgroep binne Kirgizen, in Turksk folk, dy't om-ende-by 69% fan de befolking útmakket. Oare etnyske groepen binne de Russen (9.0%) dy't fral yn it noarden wenje en de Oezbeken (14.5%) yn it suden fan it lân. Fierders wurdt Kirgyzje bewenne troch in tal lytsere folken, te witten Tataren (1.9%), Uygoeren (1.1%), Tadzjiken (1.1%), Kazakken (0.7%) en Oekraïners (0.5%) en oars (1.7%).

Sûnt de ûnôfhinklikens fan Kirgyzje is de ferhâlding tusken de etnyske groepen nochal wizige. It persintaazje fan etnyske Kirgizen is bot tanomd fan goed 50% yn 1979 oant sawat 70% yn 2007, wylst it persintaazje fan de Jeropeesk etnyske groepen lykas (Russen, Oekraïners en Dútsers) en allyksa de Tartaren yn dy tiid tebekrûn is fan 35% nei sawat 10%.

Religy

De befolking fan Kirgyzje bestiet foar 75% út Moslims, 20% Russysk Ortodoksen en 5% oars.

Keppeling om utens

Tags:

Kirgyzje GeografyKirgyzje SkiednisKirgyzje DemografyKirgyzje Keppeling om utensKirgyzje19932005AazjeBisjkekPresidint

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)Francesca PetitjeanAldfryskFedde SchurerList fan planetoïden 6001-7000J. MacHeipealhâldingStalkingTransportDútslânDûsjanbeLybjeSanskrytGandzasarMegan SalinasNederlânsk Kanker YnstitútShakey SamOrgasmeBoksenClaudia Schiffer9 febrewarisSandy MilzKristina LionFryslânDOKGrutte-boarstesjenreLeonid BrezjnevEnsyklopedyKanonike evangeeljesWordPressDollarGrykskProvinsjes en territoaria fan KanadaOdysseeNoardwestgermaanske talenReklamefilmkeKommunistysk ManifestHouwerzijlDaisy SummersNeakenmodelVeronica Rodriguez28 febrewarisFenloSúd-SûdanDaasjeKoördinearre WrâldtiidLev TolstojSpien27Kosovo-oarlochLatynMarije CornelissenSpoar fan Grins nei EemshavenPornografysk aktriseFormule 1 yn 2018ISSNIranJames A. MichenerBefolkingKateftigenLegaatKarelië (deelrepubliek)Wite Brânnettel20066 febrewarisList fan Romeinske steatshadenList fan Fryske famkesnammen🡆 More