2023: Jier

ԹՎ ՌՆՀԲ .

Iuwen:16e17e18e19e20e21e iuw22e23e24e25e26e
Jierren:20182019202020212022202320242025202620272028
Calendar-nl.svg Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
2023
MMXXIII
Ab urbe condita2776
Armeenske kalinder1472

ԹՎ ՌՆՀԲ

Etiopyske kalinder2015 – 2016
Hebriuwske kalinder5783 – 5784
Hindoekalinders
- Vikram Samvat2078 – 2079
- Shaka Samvat1945 – 1946
- Kali Yuga5124 – 5125
Iraanske kalinder1401 – 1402
Islamityske kalinder1445 – 1445
Juliaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder4719 – 4720

己寅 – 庚卯

2023 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 2023.)

Foarfallen

    jannewaris
    febrewaris
    maart
    april
  • 1 - By in bomoanslach yn Sint-Petersburch komt Vladlen Tatarsky om, in oanhinger fan presidint Vladimir Pûtin, dy't op syn floch yngeand ferslach die fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch en dêrby propaganda makke foar de Russyske oarlochsynset.
  • 4 - Finlân wurdt as 31e lân lid fan 'e NATO.
  • 4 - Yn Nederlân fynt by it plak Voorschoten, yn 'e provinsje Súd-Hollân, op de âlde line in treinûngelok plak, wêrby't in trein ûntspoart en 1 persoan omkomt.
  • 11 - Yn 'e Birmeeske Boargeroarloch komme by in bombardemint fan 'e Birmeeske loftmacht op it doarp Pazigyi teminsten 165 boargers om.
  • 14 - De Jupiter Icy Moons Explorer (JUICE), in romtesonde dy't de mei iis oerdutsen moannen fan 'e planeet Jupiter fan deunby ûndersykje sil, wurdt lansearre troch it Jeropeesk Romtefeartagintskip (ESA). De sonde sil Jupiter yn 2031 berikke.
  • 15 - Yn Dútslân wurdt de lêste kearnsintrale fan it lân sletten.
  • 15 - Yn 'e Sûdaneeske haadstêd Chartûm en oare dielen fan it lân brekke gefjochten út tusken de Sûdaneeske Striidkrêften en in tige grutte paramilitêre milysje, de Flugge Stipemacht (RSF). De RSF feroveret ier yn 'e striid de Ynternasjonale Lofthaven fan Chartûm en it presidinsjeel paleis. As de gefjochten nei in pear dagen inkeld mar oanboazje, driget der in nije boargeroarloch te ûntstean.
  • 19 - As yn 'e Jemenityske haadstêd Sana'a by it útdielen fan iten en jild yn it ramt fan 'e festelmoanne Ramadan panyk útbrekt trochdat der yn 'e loft sketten wurdt, komme troch ferdrukking teminsten 90 minsken om it libben. Nochris 322 oaren reitsje ferwûne.
  • 25 - Yn it Shakaholawâld yn Kenia wurde 110 folgelingen fan 'e kristlike sekte Good News International Ministries yn ûndjippe grêven oantroffen. Nochris 300 oaren wurde noch fermist en fan har wurdt freze dat se ek dea binne. De sekteleden hawwe harrensels skynber deahongere om't se op dy manear neffens sektelieder Paul Nthenge Mackenzie "God moetsje" soene. Mackenzie hat himsels lykwols net deahongere en wurdt arrestearre op beskuldiging fan mearfâldige deaslach.
    maaie
    juny
    oktober
    desimber

Berne

Ferstoarn

    jannewaris
    Febrewaris
  • 2 - Jean-Pierre Jabouille, Frânsk Formule-1 koereur (* 1942)
  • 3 - Paco Rabanne Spaansk moade ûntwerper (* 1934)
  • 3 - Melis van der Sluis, Frysk keunstner
  • 6 - Greta Andersen, Deensk Swimster (* 1927)
  • 6 - Ger Thijs, Nederlânsk akteur en regisseur (* 1948)
  • 6 - Taner Savut, Turksk fuotballer en bestjoerder (* 1974)
  • 6 - Cemal Kütahya, Turksk hânballer (* 1990)
  • 6 - Christian Atsu, Ganeesk fuotballer (* 1992)
  • 6 - Ahmet Eyüp Türkaslan Turksk fuotballer (* 1994)
  • 8 - Vladimir Morozov Turkmeensk kanofarder (* 1940)
  • 9 - Marijke Merckens Nederlânsk aktrise (* 1940)
  • 10 - Marie Gabrielle fan Lúksemboarch, Lúksemboarchske prinses (* 1925)
  • 11 - Hans Modrow, premier fan East-Dútslân (* 1928)
  • 14 - Tim Aymar, Amerikaansk sjonger (* 1963)
  • 15 - Raquel Welch, Amerikaanks aktrise (* 1940)
  • 16 - Tim Lobinger, Dútsk atleet (* 1972)
  • 18 - Robert Cazala, Frânsk hurdfytser (* 1934)
  • 19 - Greg Foster, Amerikaansk atleet (* 1958)
  • 19 - Cock Kerling-Simons, Nederlânsk politikus (* 1929)
  • 23 - Slim Borgudd, Sweedsk formule-1 koereur (* 1946)
  • 26 - Bob Richards, Amerikaansk atleet (* 1926)
    maart
  • 2 - Jos Heymans, Nederlânsk journalist (* 1951)
  • 2 - Sietse de Boer, Frysk fotograaf (* 1963)
  • 3 - Tom Sizemore, Amerikaansk akteur (* 1961)
  • 4 - Judith Heumann, Amerkaansk minskerjochten aktiviste (* 1947)
  • 5 - Gary Rossington, Amerikaansk gitarist (* 1951)
  • 7 - Harry de Winter, Nederlânsk programma makker (* 1949)
  • 8 - Josua Madsen, Sweedsk drummer (* 1978)
  • 12 - Art Boon, Kanadeesk feteraan (* 1925)
  • 12 - Dick Fosbury, Amerikaansk atleet (* 1947)
  • 27 - Wim de Bie, Nederlânsk komediant (* 1939)
  • 31 - Evert Wilstra, Frysk fierljepper (* 1951)
  • 31 - Johannes Brandsma, Frysk keatser (* 1957)
    april
    maaie

Bisten

Tillefyzje

Jierren:20182019202020212022202320242025202620272028
Iuwen:16e17e18e19e20e21e iuw22e23e24e25e26e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) nos.nl, 16-01-2023, Geen hoop meer op overlevenden vliegramp Nepal
  2. lc.nl 30-5-2023, Cambuur-icoon Dirk Roelfsema op 84-jarige leeftijd overleden: topschutter was de eerste contractspeler ooit van SC Cambuur
  3. (ned) Horses.nl, 11-1-2023,Friese hengst Jasper 366 overleden
  4. diergaardeblijdorp.nl, 5-4-2023, GORILLA BOKITO OVERLEDEN

This article uses material from the Wikipedia Frysk article 2023, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply. (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 3.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
#Wikipedia® is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.