Swazylân (Keninkryk fan Eswatini, Ingelsk: Kingdom of Eswatini, Swazy: Umbuso weSwatini) is in lân yn it suden fan Afrika.
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk, Swazy | ||||
Haadstêd | Mbabane | ||||
Steatsfoarm | Monargy, steatshaad: kening Mswati III | ||||
Gebiet % wetter | 17,364 km² 0.9% | ||||
Ynwenners (2005) | 1,173,900 | ||||
Munt | lilangeni (SZL) rand (ZAR) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 6 septimber | ||||
Lânkoade | SZ, SWZ, 748 | ||||
Ynternet | .sz | ||||
Tillefoan | 258 |
It wurdt foar it grutste part ûmsletten troch Súd-Afrika en grinzet oan Mozambyk.
Ut archeologyske fynsten docht bliken dat der al minsken yn Swazylân wennen yn de iere stientiid, sawat 200.000 jier lyn. De prehistoaryske rotsskilderingen dy't fûn binne stamme út om-ende-by 25.000 f.Kr.
De ierste ynwenners dêr't de komôf dúdlik fan is, wienen de Koisan jager-samlers. Dat folk soe troch de komst fan Bantû stammen foar it meastepart ferdreaun wurde. Iere bewizen fan lânbou en it brûken fan izer datearre fan de 4e iuw en de foarâlden fan de hjoeddeistige Sotho een Nguny sprekkers begûn har net letter as de 11e iuw yn Swazylân te fêstigjen.
It tsjintwurdich hearskjende Dlaminy geslacht krige har liederskip oer de regio al yn de 18e iuw. In grut Swazy keninkryk waard stifte troch Kening Sobhuza I begjin 19e iuw. Al gau nei dy tiid soene de earste blanken har ek yn de omkriten festigje. Yn de njoggentiger jierren fan de 19e iuw kleemde Súd-Afrika de hearskippij yn de Transfaal oer Swazylân mar krige nea de folsleine macht oer it gebiet. Nei de Twadde Boerekriich fan 1899 oant 1902, waard Swazylân in protektoraat fan Grut Brittanje. It lân waard op 6 septimber 1968 sellstannich en lid fan Britsk Mienebest. Sûnt dy tiid hat it lân te krijen mei in politike machtsstriid tusken pro-demokratyske krêften en de monargy.
De grutste stêden binne:
Mear as 90 % fan de befolking fan Swazylân hearre by it Bantûfolk fan de Swazy. Soto, Sûlû, Tsonga, blanken en healbloedsjes foarmje in minderheid.
It oantal HIV-ynfeksjes yn Swazylân is it heechste op de wrâld. Yn 2004 wie 39 % besmet, yn 2005 wie it 42 % fan de befolking. 63 % fan de âlderein en bern ha de sykte. Swazylân hat mei 34,1 jier de leechste trochsneed libbensferwachting fan de wrâld (2007).
Neffens de lêste rûzing is 66 % fan de befolking protestânsk kristlik. De rest fan de befolking leaut oan natoerreligys.
Eswatini is ferdield yn fjouwer distrikten:
BYP per persoan is $5.100 (2008). Gearstalling fan BYP per sektor is 11,9% lânbou, 45,1% yndustry en 43% tsjinsten.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Swazylân, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.