Foarfallen
18 jannewaris - Reinier Paping út Ommen wint de tige swiere Tolfde Alvestêdetocht yn in tiid fan 10 oeren en 59 minuten. 8 febrewaris - By in steatsgreep yn Irak wurdt presidint Abdûl Karim al-Kassem fermoarde . De nije presidint is Abdûl Salim Arif. 21 maart - Ljouwert wurdt troffen troch in grutte brân op de Nijstêd . Trije pannen, wêrûnder dat fan de V&D, geane ferlêrn. 22 maart - Yn it Feriene Keninkryk ûntstiet trelit as de Profumo-affêre oan it ljocht komt. Minister fan Definsje John Profumo bychtet in bûtenhoulikse relaasje mei de callgirl Christine Keeler op, dy't tagelyk ek omslein hat mei Jevgeni Ivanov, de marine-attasjee fan 'e Sovjet-Uny . 5 april - De Nederlânske prinsesse Marijke feroaret har namme yn Christina. 1 maaie - Under swiere Amerikaanske druk draacht Nederlân de koloanje Nederlânsk Nij-Guineä (neitiid West-Papoea) oer oan Yndoneezje . Dat bart útdruklik tsjin 'e wil fan 'e lânseigen Papoea-befolking fan it gebiet. 11 maaie - Yn 'e Amerikaanske steat Alabama wurde troch blanke ekstremisten ferskate bomoanslaggen dien op swarte foaroanlju. 12 maaie - De earste frou giet it Belgyske leger yn. 22 maaie - Op in gearkomste yn Addis Abeba rjochtsje de lieders fan Afrikaanske lannen de Organisaasje fan de Afrikaanske Ienheid (OAU) op. 11 juny - Gûverneur George Wallace fan 'e Amerikaanske steat Alabama wegeret persoanlik de earste negroïde studinten de tagong ta de Universiteit fan Alabama. Pas nei tuskenkomst fan federale troepen moat er belies jaan. 12 juny - Medgar Evers, in lid fan 'e minskerjochte -organisaasje NAACP , wurdt Mississippy fermoarde troch Byron de la Beckwith, in lid fan 'e Ku Klux Klan . 16 juny - De Sovjet -kosmonaute Valentina Teresjkova sirkelet as earste frou yn in baan om 'e Ierde . 26 juny - De Amerikaanske presidint John F. Kennedy hâldt yn West-Berlyn syn Ich bin ein Berliner -taspraak . 26 july - By de ierdbeving fan Skopje komme yn 'e Joegoslavyske dielrepublyk Masedoanje 1.070 minsken om. Fan 'e stêd Skopje wurdt 80% ferwuostge, en mear as 200.000 minsken reitsje dakleas. 28 augustus - Oan 'e Mars op Washington, dy't organisearre is troch de Amerikaanske boargerrjochtebeweging, dogge likernôch 200.000 swarte en blanke minsken mei. Yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. harket de mannichte ta hoe't dûmny Martin Luther King syn I Have a Dream -taspraak hâldt. 15 septimber - Yn 'e Amerikaanske steat Alabama komme 4 swarte bern om by de bomoanslach op de 16th Street Baptist Church yn Birmingham . 16 septimber - De Britske koloanjes Singapoer , Noard-Borneo en Sarawak foarmje mei it al ûnôfhinklike Maleizje (Malakka ) de Maleizyske Federaasje . 16 septimber - Iepening fan de Fryslânhal yn Ljouwert . 9 oktober - By de trochbraak fan de Vajontdaam komt yn 'e delling fan 'e rivier de Piave, yn Itaalje , by in ierdferskowing in diel fan 'e berch de Toc omleech en falt yn 'e kearmar efter de Vajontdaam, dy't as gefolch dêrfan trochbrekt. Sa'n 2.000 minsken komme om. 1 novimber - By in steatsgreep yn Súd-Fjetnam wurdt presidint Ngô Đình Diệm fermoarde . It lân komt ûnder in militêre diktatuer . 8 novimber - Foar it earst wurdt de feemerk fan Ljouwert holden yn 'e Fryslânhal . 22 novimber - By in besyk oan Dallas (Teksas) wurdt de Amerikaanske presidint John F. Kennedy deasketten wylst er yn in iepen auto in rûnrit makket. Der wurdt suver daliks in fertochte fan 'e moard oppakt: Lee Harvey Oswald . 24 novimber - Lee Harvey Oswald , de man dy't ferantwurdlik holden wurdt foar de moard op John F. Kennedy, wurdt sels deasketten troch nachtklubeigner Jack Ruby . 4 desimber - Yn it nije Italjaanske koälysjeregear fan premier Aldo Moro binne foar it earst ek sosjalistyske partijen opnommen. 10 desimber - It Sultanaat Sansibar wurdt wer ûnôfhinklik nei in 73 jier ûnder Britske hearskippij stien te hawwen. 12 desimber - Kenia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk . Berne
Ferstoarn
Films
Literatuer
Muzyk
Adamo, Tombe la Neige Adamo, Vous Permettez, Monsieur? Anneke Grönloh, Cimeroni Anneke Grönloh, Santo Domingo Anneke Grönloh, Soerabaya The Beach Boys, Little Deuce Coupe The Beach Boys, Surfin' USA Billie Davis, He's the One Billy J. Kramer with The Dakotas, Bad to Me Billy J. Kramer with The Dakotas, Do You Want to Know a Secret Bob Dylan , Blowin' in the Wind Bobby Bare, Detroit City Bobby Bare, Five Hundred Miles Away from Home Bobby Darin, Eighteen Yellow Roses Bobby Rydell, Loop De Loop Cliff Richard, Bachelor Boy Cliff Richard, Lucky Lips Cliff Richard, Summer Holiday Doris Day , Move Over, Darling Dusty Springfield, I Only Wanne Be with You Elvis Presley , Devil in Disguise Elvis Presley, Kiss Me Quick Elvis Presley, Viva Las Vegas Eydie Gorme, Blame It on the Bossa Nova Fats Domino, Red Sails in the Sunset Fats Domino, There Goes My Heart Again Françoise Hardy, Tous les Garçons et les Filles Frankie Valli, Walk Like a Man Freddy Quinn, Junge, Komm Bald Wieder Gene Pitney, 24 Hours from Tulsa Gerry & The Pacemakers, You'll Never Walk Alone Gert Timmerman, Ik Heb Eerbied voor Jouw Grijze Haren Helen Shapiro, Queen for Tonight Jim Reeves, Distant Drums Jim Reeves, Roses Are Red, My Love Jim Reeves, Welcome to My World Jimmy Gilmer & The Fireballs, Sugar Shack John Leyton, Funny Man Johnny Cash , Ring of Fire Jumping Jewels, Africa Lesley Gore , It's My Party Little Peggy March, I Will Follow Him Paul & Paula, Hey, Paula Paul Anka, Hello, Jim Peter & Zijn Rockets, Speel Die Dans Ria Valk, Ik Wil een Cowboy als Man Rob de Nijs & The Lords, Ritme van de Regen The Rolling Stones , Come On Roy Orbison , California Blue Roy Orbison, In Dreams Skeeter Davis, The End of the World Soeur Sourire, Dominique The Angels, My Boyfriend's Back The Beatles , From Me to You The Beatles, I Wanna Hold Your Hand The Beatles, Please, Mister Postman The Beatles, Please Please Me The Beatles, She Loves You The Beatles, Twist and Shout The Crickets, Lost and Alone The Crystals, Da Doo Run Run The Crystals, Then he kissed me The Ronettes, Be My Baby The Searchers, Sugar and Spice The Searchers, Sweets for My Sweet The Shadows, Atlantis The Shadows, Foot Tapper The Spotnicks, Dakota Trini Lopez , America Trini Lopez, If I Had a Hammer Willeke Alberti, Spiegelbeeld Willy & The Giants, Ajoen Ajoen
Boarnen, noaten en referinsjes Boarnen, noaten en/as referinsjes: Wiki Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1963 fan Wiki Commons .
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1963 , which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0") ; additional terms may apply (view authors ). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0 , at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.