Addis Abeba (Amhaarsk: አዲስ አበባ, foar Nije Blom) is de haadstêd fan Etioopje.
De befolking fan de stêd telt 3.059.000 persoanen (2007). De stêd leit op in hichte tusken de 2200 en 3000 meter, oan de foet fan de berch Entoto, en is dêrmei de op twa nei heechste haadstêd fan de wrâld (nei La Paz, de haadstêd fan Bolivia en Kwito, dy fan Ekwador).
Addis Abeba | ||
Polityk | ||
Lân | Etioopje | |
Boargemaster | Kuma Demeksa | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.384.569 (2008) | |
Oerflak | 530.14 km² | |
Befolkingsticht. | 5.165/ km² | |
Stêdekloft | 4.567.857 | |
Hichte | 2355 m | |
Oar | ||
Stifting | 1886 | |
Tiidsône | East Africa Time (UTC+3) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webstee oerheid |
Addis Abeba is in kosmopolityske stêd mei mear as tsientallen etnyske kloften dy't in likegrut oantal talen sprekke. De grutste etnyske kloft binne de Amharen dy't ûngefear de helte fan de stêdsbefolking útmeitsje. Oare grutte kloften binne Oromo (19%), de Gurage (17%) en de Tigrinja (8%).
De stêd beskikt oer in universiteit, Addis Abeba universiteit. It ynternasjonaal fleanfjild Bole International Airport leit tichtby en de stêd hat ek in spoarferbining mei Dzjibûty, al is dizze al bûten gebrûk rekke troch de oarloch mei Eritrea.
It plak dêr't de haadstêd boud is waard keazen troch de frou fan keizer Menelik II en yn 1886 stifte.
De yn 1963 oprjochte Organisaasje fan Afrikaanske Ienheid (OAE) hat yn Addis Abeba har haadkertier. Yn 2002 waard de OAE lykwols ûntbûn en ferfongen troch de Afrikaanske Uny, dy't ek hjir festige is.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Addis Abeba fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Addis Abeba, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.