Megan Salinas

Megan Salinas (Edinburg (Teksas), 2 maart 1994), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel en pornografysk aktrise fan Meksikaansk etnysk komôf.

Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Mercedez Pequeño.

Megan Salinas
Megan Salinas persoan yn de seksyndustry
Megan Salinas
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mercedez Pequeño
nasjonaliteit Megan Salinas Amerikaansk
berne 2 maart 1994
berteplak Edinburg (Teksas)
etnisiteit Megan Salinas Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
pornoaktrise
jierren aktyf 20132018
offisjele webside
www.megan-salinas.com

Libben en karriêre

Salinas waard yn 1994 berne yn Edinburg, yn 'e steat Teksas (hoewol't guon boarnen úthâlde dat se yn Houston berne is). Yn elts gefal groeide hja op yn 'e Delling fan de Rio Grande, yn súdlik Teksas. Har earste baan hie se as kassiêre yn in skouboarch.

Yn jannewaris 2013, doe't se achttjin jier wie, makke Salinas har debút yn in pornografyske film. As pornoaktrise beheinde se har yn 't earstoan ta masturbaasjesênes en lesbyske pornografy. Pas tsjin 'e ein fan 2013 begûn se ek heteroseksueel wurk te dwaan.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Salinas ûnderwilens (mids 2015) yn krapoan 35 pornofilms spile, û.m. foar labels as Red Light District en Devil's Film, mar ek foar minder bekende studio's, wêrûnder Kick Ass Pictures, Filly Films en Mile High Productions. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Porn.com, Twistys, Mofos en Digital Desire. Dêrnjonken is Salinas ek aktyf as neakenmodel foar fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden, en as fetysjmodel foar bondaazjefideo's (fan it label FM Concepts) en -fotografy.

Lichemsskaaimerken en leafhawwerijen

Megan Salinas is neffens har offisjele opjefte 1.60 m lang, mei in gewicht fan 45 kg en in natuerlike kupmaat 34D. Nei eigen sizzen hâldt hja fan it spyljen fan Amerikaansk fuotbal en paintball.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Megan Salinas Libben en karriêreMegan Salinas Lichemsskaaimerken en leafhawwerijenMegan Salinas Keppelings om utensMegan Salinas19942 maartEtnyske groepFeriene SteatenFetysjmodelNeakenmodelPornografysk aktriseTeksas

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

East-JeropaGrutte Depresje2021Lânbou1960YouTubeBalletKagney Linn Karter1996J.R. CarringtonParysAfrica SexxKomoarenpappegaaido30 novimberKya TropicSlavernijTransport1978IstanbûlFuortplanting25 maartHistoaryskIranGrutte pappegaaido2016Koen EekmaFal fan it Westromeinske RykWittenskiplike nammeKartaachske RykPortegal21 desimberSekondeCassandra WildeLoftmachtPûn sterlingMinsklike seksuele aktiviteitFellatioRedbadHellendoorn (gemeente)Dead Horse RunningEgypteGenêsmiddelPornografyPornhub16 febrewarisHTMLFeriene Arabyske EmiratenPeaske-eilânAken2001BaaikleanSake P. RoodbergenKatee OwenLiteratuerDútslânJaylene RioJulie SkyhighÛndersoartePlysjeMoskouLybjeAntysemitismeAntonie Frederik ZürcherKrêftCowgirlhâldingStar WarsFryslânList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânTelegram (applikaasje)29 junyMount RushmoreGoogle11 maartISO 3166🡆 More