Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei

It Pontifikale Hillichdom fan 'e Jongfaam fan 'e Roazekrâns fan Pompei (Italjaansk: Pontificio Santuario della Beata Vergine del Santo Rosario di Pompei) is in roomsk-katolike katedraal en beafeartsplak yn 'e moderne stêd Pompei, yn Itaalje (net te betiizjen mei de Romeinske ruïnestêd Pompeï).

Hillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan Pompei

Pontificio Santuario della Beata Vergine del Santo Rosario di Pompei

Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei
Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei
Lokaasje
lân Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei Itaalje
regio Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei Kampaanje
provinsje Napels
plak Pompei
adres Piazza Bartolo Longo
koördinaten 40° 45' N 14° 30' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Napels
Arsjitektuer
arsjitekt Antonio Cua
boujier 1876-1938
boustyl Historisme
Webside
www.santuario.it
Kaart
Hillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan Pompei (Itaalje)
Hillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan Pompei

De neobarokke koepelbasilyk waard yn de jierren 1878-1891 op inisjatyf fan 'e sillige Bartolo Longo ta eare fan 'e Keninginne fan de Roazekrâns boud. Yn 'e jierren 1934-1939 waard de tsjerke nochris fergrutte, sadat der tsjintwurdich 6.000 minsken yn passe. It Marije-hillichdom is de katedraal fan 'e territoriale prelatuer Pompei en hat de status fan in pauslike basilyk.

Alle jierren bringe mear as fjouwer miljoen minsken in besite oan it hillichdom. Dêrmei is it ien fan 'e meast besochte tsjerken fan Itaalje.

Skiednis fan it hillichdom

Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei 
Genedebyld Madonna del Rosario.

De Italjaanske jurist Bartolo Longo (1841-1926) wie grutbrocht yn it katolyk fermidden, mar rekke yn syn stúdzjetiid by in anty-tsjerklike beweging telâne. It wie yn in tiid dat saken as spiritisme en okkultisme yn 'e moade rekken en nasjonalisten krewearren foar de ôfskaffing fan it pausdom. Neffens eigen sizzen liet Longo him sels ynwije as preester fan in satanistyske beweging. Nei in perioade fan depressy en mentale swierrichheden socht er syn âlde freon Vincenzo Pepe op, dy't him werom brocht op it paad fan it katolisisme.

Nei syn bekearing sette er him yn foar it befoarderjen fan it roazekrânsgebed. Foar dat doel woe Longo in tsjerke bouwe en tanksij spontane jeften fan katoliken út de hiele wrâld koed er dat doel realisearje. Op 8 maaie 1876 waard mei de bou útein set, dy't op 7 maaie 1891 troch kardinaal Raffaele Monaco La Valletta konsekrearre waard. It hillichdom krige fan paus Leo XIII op 4 maaie 1901 de status fan pauslike basilyk.

It krewearjen fan Longo die in soad fertuten, benammen nei't it genedebyld fan 'e Madonna fan 'e Roazekrâns yn ien fan e kapellen fan 'e nije tsjerke in plak krige. It genedebyld soe wûnderdiedich wêze en fanwegen de grutte oanrin fan katoliken moast de ynearsten ienskippige tsjerke yn 1934 oant 1938 nochris fergrutte wurde mei twa sydskippen, kapellen en in koeromgong. De oarspronklike 29 meter hege koepel waard nei de útwreiding fan 'e tsjerke ferfongen troch in 57 meter hege koepel.

Paus Jehannes Paulus II besocht it hillichdom yn 1979 en 2003. Paus Benediktus XVI besocht it hillichdom yn 2008 en kende de tsjerke de Gouden Roas ta. Paus Franciskus besocht de tsjerke op 21 maart 2015 .

Op 11 novimber 1962 waard in monumint foar Bartolo Longo ûntbleate op it plein foar it hillichdom.

Toer

Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei 
Koepel.

Yn 1925 folge de foltôging fan 'e 80 meter hege klokketoer. Yn 'e nis fan 'e fjirde ferdjipping stiet in seis meter heech Hillich Hert-byld fan Jezus mei de wurden Venite ad me omnes. In ferdjipping leger steane op alle fjouwer hoeken brûnzen ingels dy't op trompetten blaze. Foar it jitten fan 'e acht klokken yn 'e toer waarden kanonnen omraand. Mei it sân meter hege krús, dat yn 'e nacht ferljochte is, hat de toer in hichte fan hast 88 meter.

Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei 
Skryn fan de sillige Bartolo Longo

Krypte

Sûnt it wurk fan 'e jierren 1930 hat de tsjerke in krypte, dêr't de mis fierd wurde kin en de bycht ôfnommen wurdt. Efter it heechalter is in kapel, dêr't yn in skryn de oerbliuwsels fan Bartolo Longo lizze. De pylders fan 'e krypte binne mei fresko's beskildere, dy't fertelle oer de skiednis fan 'e tsjerke en de kroaning fan it skilderdij fan 'e Madonna fan 'e Roazekrâns troch paus Paulus VI yn 1965 nei de restauraasje. Oan 'e muorren hinget de krúswei doe't it hillichdom noch yn oanbou wie.

Oare reliken

Yn 1902 joech de famylje Ciccodicola út Arpino twa kostbere reliken oan it hillichdom fan Pompei. It gyng om in fan bloed oantaaste stikel dat in diel foarme hawwe soe fan de stikelkrâns fan Kristus en in stikje hout fan it Wiere Krús.

Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei 
Fresko ferwulft.

Madonna del Rosario

Sûnt oktober 1873 reizge Bartolo Longo nei Napels om in skilderij te keapjen fan 'e Madonna del Rosario foar de tsjerke. Dêr liet syn bychtheit him witte dat der noch wol in skilderij te finen wie mei dat tema yn it Roazekrânskonservatoarium. Dat skilderij hied er sels nammentlik sa'n tsien jier earder oan it kleaster jûn. Longo folge syn advys op, mar seach ferheard op doe't de non him in âld en fersliten skilderij fan 'e Madonna mei Bern, dy't oan twa hilligen in roazekrâns oerlanget, sjen liet. It wie ferskriklik suterich en oeral misten stikjes farve, mar it waard restaurearre en krige in plak yn ien fan 'e kapellen (letter omdoopt ta de Katarinakapel) fan it hillichdom, dy't noch yn oanbou wie.

It genedebyld waard al gau bedekt mei ealstiennen dy't leauwenden offeren as tank foar it ferhearren fan gebeden. Yn sokke grutte kloften kamen de pylger op it genedebyld ôf, dat in útwreiding needsaaklik waard, dy't yn 'e jierren 1930 realisearre waard.

Yn 1965 folge yn Rome noch in lêste wittenskiplike en profesjonele restauraasje fan it genedebyld, wêrby't de oarspronlike kleuren werom helle waarden. Ek de foar it linnen skealike ealstiennen waarden doe ferwidere. By de gelegenheid waard de Madonna in pear dagen útstald yn 'e Sint-Piter en op 23 april waard it skilderij troch paus Paulus VI mei kroantsjes foarsjoen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Hillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei Skiednis fan it hillichdomHillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei ToerHillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei KrypteHillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei Oare relikenHillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan Pompei Madonna del RosarioHillichdom Fan Us-Leaffrouwe Fan De Roazekrâns Fan PompeiBeafeartItaaljeItaljaanskKatedraalPompeïRomeinske RykRoomsk-Katolike Tsjerke

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Knooppunt Drachten13 aprilLolita (pornografysk aktrise)Luna SilverHarendermolenFúzjeferdrachTolbert1200Zaya CassidyMariah MadysinnDiamantdoFaasjeMinsklike seksuele aktiviteitHispanjeMaserati XXXKrúspuntMasedoanyskGoldbandLibanonAnkaraTiidOflûken (seksualiteit)Bavo fan Gint2002OldekerkTony van der Meulen1953BoekhâlderMegan VaughnSanskrytAutogongwegenRomeinske RykLjipKevelaerNoardamerikaanske reade iikhoarntsjesSwierwêzenGidsMasturbaasjeSandy MilzDe Holder (literêr tydskrift)Knooppunt SurchMay ThaiOlympyske Simmerspullen 1908WebcamgirlJeropeeske UnyEvelyn LinForbes (tydskrift)NederlânMaly25 maartSeksualiteitISBNBrimstone (reggaeband)Johan DerksenCoen van Vrijberghe de ConinghKnooppunt De JouwerHeather LeeHavana Ginger1985SimmerDe Grinzer PeinAstrologySeksuele stimulaasjeAkkrumTwadde WrâldkriichEsmée van EeghenBasketbalRosa CaraccioloWittenskipWieke Bosch🡆 More