Jean-Yves Lecastel

Jean-Yves Lecastel (8 jannewaris 1965), is in rêstend Frânsk pornografysk akteur en regisseur.

Syn namme wurdt soms (mis)stavere as Jean-Yves Le Castel en Jean-Yves LeCastel, en hy hat ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen J-Y Lecastel, Jocelin Clousea, Jocelin Eon, Jocelin en Joe Calzone. Lecastel begûn yn 1992 mei in wurkpaad as pornoakteur, wêrby't er sawol yn 'e Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry aktyf wie. Njonken syn aktearjen regissearre er sels ek frijwat pornofilms. Yn 2009 loek Lecastel him út 'e pornoyndustry werom.

Jean-Yves Lecastel
Jean-Yves Lecastel persoan yn de seksyndustry
Jean-Yves Lecastel
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jean-Yves Le Castel, Jean-Yves
LeCastel, J-Y Lecastel, Jocelin
Clouseau, Jocelin Eon, Jocelin,
Joe Calzone
echte namme Jean-Yves Lecastel
nasjonaliteit Jean-Yves Lecastel Frânsk
berne 8 jannewaris 1965
berteplak ? (Frankryk)
etnisiteit Jean-Yves Lecastel Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 19922009
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Lecastel sette yn 1992 mei syn karriêre as pornoakteur útein, doe't er 27 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat er sûnt yn mear as 520 pornografyske films spile. Dêrby wurke er sawol foar Jeropeeske as Amerikaanske filmstudio's. Diskant de Atlantyske Oseaan wied er fral wurksum foar it Sweedske Private, mar ek wol foar Frânske labels as Vidéo Marc Dorcel en Nanou, de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, en Dútske studio's as Magmafilm en Multi Media Verlag. Yn Amearika spile er benammen yn films fan Evil Angel, mar ek wol yn dy fan labels as Digital Sin, Jules Jordan Video, VCA Pictures, Anabolic Video, Hustler Video, New Sensations, Zero Tolerance, Diabolic Video en Sin City.

De films fan Private dêr't Lecastel yn spile, waarden faker al as net makke troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, mei wa't er letter ek gearwurke doe't dy foar himsels begûn wie mei de studio Woodman Entertainment. Private-films fan Woodman dêr't Lecastel yn te sjen is, binne bygelyks: The Pyramid diel 2 en 3; The Gigolo diel 1 en 2; Tatiana diel 1, 2 en 3; Cape Town diel 1 en 2; en Kruger Park. Yn 2006 wûn er foar syn rol yn 'e film Euro Domination, fan Evil Angel, in Amerikaanske AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Under syn lange wurkpaad hat Lecastel gearwurke mei aktrises as: Nikki Anderson, Ania, Anna Maria, Erika Bella, Laura Black, Anita Blond, Blondie, Dolly Buster, Rita Cardinale, Tabatha Cash, Kim Chambers, Julia Chanel, Vivienne Clash, Monique Covét, Ivy Crystal, Carole DuBois, Tricia Devereaux, Helen Duval, Rita Faltoyano, Anita Gyöngy, Simone Horvath, Janet Jacme, Katja Kean, Sally Layd, Kristina Lion, Lovette, Mafalda, Angelica Mirai, MoniKat, China Moon, Demia Moor, Kai Nobel, Peggy Sue, Jennifer Red, Olivia del Rio, Karma Rosenberg, Aliza Rusk, Silvia Saint, Kristina Schwartz, Julia Spain, Amanda Steel, Lara Stevens, Aisha Sun, Agnes Tilli, Julia Tchernei, Coralie Trinh Thi, Vanda Vitus, Cassandra Wilde en Sarah Young.

Njonken syn aktearjen wie Lecastel fan 1997 oant 2007 ek efter de kamera wurksum as regisseur fan 139 pornofilms. Sa regissearre er bygelyks 5 dielen út 'e rige Weltklasse Ärsche, foar Multi Media Verlag, 15 dielen út 'e rige Debauchery, foar Diabolic Video, en 26 dielen út 'e rige Assman, foar Anabolic Video. Mar as regisseur waard er fral bekend mei de 15 dielen fan 'e Matador-searje, dy't er foar Private makke. Yn 2009 loek Lecastel him mei 44 jier út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn
2006 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Sandra Romain, Kid Jamaica en Nick Lang) Euro Domination

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Jean-Yves Lecastel Libben en karriêreJean-Yves Lecastel Prizen en nominaasjesJean-Yves Lecastel Keppelings om utensJean-Yves Lecastel1965199220098 jannewarisAktearjenArtystenammeFeriene SteatenFrankrykJeropaNammePornoPornoakteurPornofilmPornografysk akteurRegissearreRegisseurStaveringWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ExodusEchte fazantfûgelsAmmoniakOnno FalkenaDenemark14 novimberTatjana ŠimićSwierwêzenPinsjoenIvan IV fan RuslânHerbert HooverChakassiëNeakenmodelAartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)1814BoksenJasmine BlackHenny Tuinhout-de LeeuwÛntslachIersk1945LocustellidaeTuberkuloaze2011NitraatHarmony WonderDôve Broeier3 maaie1827Stasjon StedumSpoar fan Grins nei DelfsylAustraalje (lân)Nicole Oring1957AudulfGeorge W. BushFormule 1 yn 2018Santa Ana (Kalifornje)1 jannewarisParysGolf fan RigaDútslânNoardwestgermaanske talenLudwig van BeethovenReklamefilmke14 julyIt JiskelânJacques DerridaBob DylanJaylene RioSkiednisDûkers (fûgels)MinskeJuliaanske kalinderRMS Titanic28 febrewarisGrutte Synagoge (Tomsk)Kai NobelSuffolkDouwe van der MeulenBatterij5 oktoberOcca Johanna RipperdaList fan planetoïden 97001-98000Koptysk-Otterdokse TsjerkeHenk van der VeerSinnestelsel🡆 More