Kigali

Kigali is de haadstêd en grutste stêd fan Rûanda.

It plak lei by it geografysk middelpunt fan it lân en is, sûnt it haadstêd waard by de ûnôfhinklikens yn 1962, it ekonomyske, kultuerele en transportsintrum fan Rûanda.

Kigali
Sintrum Kigali
Sintrum Kigali
Polityk
Lân Rûanda
Provinsje Kigali-Stêd
Sifers
Ynwennertal 965.398 (2009)
1.168.570 (2012)
Oerflak 730 km²
Befolkingsticht. 1583 / km²
Hichte 1567 m
Oar
Stifting 1907
Tiidsône CAT (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
(in) Offisjeel webstee Kigali

Ut de skiednis

Kigali waard yn 1907 ûnder de Dútske kolonisaasje troch Richard Kandt stifte. Earst yn 1962, by de dekolonisaasje, waard Kigali de haadstêd fan Rûanda. De tradisjonele haadstêd wie yn it ferline de residinsje fan de Mwami (kening) te Nyanza. It koloniale sintrum wie yn Butare, dat doetiids Astrida hjitte. Yn it earstoan wie it de bedoeling dat Butare de haadstêd fan it ûnôfhinklike Rûanda wurde soe, mar út reden fan de sintrale lizzing fan de stêd waard it dochs Kigali. Sûnttiid is de stêd hurd groeid en hieltyd it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan Rûanda bleaun.

Kigali 
Noardlike bûtenwyk yn Kigali

Fan 7 april 1994 ôf wie Kigali it toaniel fan de Rûandeeske genoside, de moard op sa'n miljoen Tûtsy's en matige Hûtû's troch Hûtû-milysjes (interahamwe) en leden fan it Rûandeeske leger. Yn Kigali wie ek de striid tusken it leger, dat troch Hûtû's dominearre waard, en it Front Patriotique Rwandais (FPR, Patriottysk Front fan Rûanda), dat meast út Tûtsy's bestie.

Nei 1994 koe de stêd har hurd ûntjaan. In protte Rûandezen hawwe har dêr nei wenjen set, benammen Tûtsyflechtlingen dy't weromkaam binne. Der binne in soad nije gebouwen set en der wurdt noch hieltyd boud.

Geografy

Kigali is opboud om fjouwer sintrums hinne, dy't oerienkomme mei de eardere doarpen Nyarugenge, Kanombe, Mutamba en Butamwa.

Ferbiningen

De stêd hat in ynternasjonale lofthaven mei deistige flechten op Nairoby en Addis Abeba, nei Europa en alle wichtige Afrikaanske lannen. Kigali leit oan in grutte dyk, dy't de stêd ferbynt mei Boerûndy yn it suden en mei Uganda yn it noarden.

Underwiis

Kigali hat de Technyske Hegeskoalle Kigali en der sitte mear as ien Ingelsktalige skoallen en ien Frânsktalige Belgyske skoalle.

Kigali 
Kigali sjoen troch Spot Satellite

Keppeling om utens

Tags:

Kigali Ut de skiednisKigali GeografyKigali UnderwiisKigali Keppeling om utensKigali1962HaadstêdRûanda

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ter AardHistoarysk7 maart1769LatynDeaPriya PriceMya NicholeOezbekistanMuntsjesylKollumBommesmiterHelen DuvalBelestingGeslachtsmienskipPieter BreukerUpskirtOlaf ScholzManedoNel BenschopUnderwiisNikki AndersonSavana GingerSkotskChesty Puller20e iuwLjouwert (stêd)IngelskAssenAlbertus Samuel Carpentier AltingSwurdFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952DampkringDemokratyske Republyk Kongo9 junyMicrosoftGrykskJierGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004Grutte PierSensual Jane1901Megan SalinasYby PotlatchMisjonarishâldingJ.R. CarringtonMia KhalifaMaserati XXXDoekle TerpstraBedrigingIngelumVanessa SkySlowakije1951HynstekrêftTel AvivLofthaven EeldeSteatsfoarmHeipealhâldingMartin Luther KingNijsJureka del MarLos AngelesEmiel Stoffers16 aprilTruus PostmaMerknammeAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996NeakenfotografyFeanster FeartAustraalje (lân)List fan sterke tiidwurden yn it FryskHûntsjeshâldingMarianna Madia🡆 More