foarbehâld

Dizze ynternet-ensyklopedy wurdt by einbeslút skreaun troch de lêzers.

Der is gjin garânsje wat de siden fan de Wikipedy oanbelanget

Alhoewol't hast eltse meidogger wier besiket krekte ynformaasje te jaan is it wat dat oangiet net mooglik om in garânsje te jaan. Eltsenien dy't him saakkundich achtet mei wizigings yn de tekst oanbringe. It is wol sa dat in grutte flater fansels gau sjoen wurde sil troch oare meidoggers, en gau ferbettere wurde sil. De tendins is dat siden hieltyd fierder útwreide en ferbettere wurde. Ynsidenteel is der ris in tebekfal, mar oer it algemien wurdt it wat langer wat krekter en folsleiner.

Sjogge jo in flater?

As jo leauwe dat jo in flater fûn hawwe, dan stiet it jo frij dy - as jo wis binne - sels daliks te ferbetterjen, of - as jo sa fier net gean wolle - der in opmerking oer te skriuwen yn it sideoerlis dat by eltse side heart. Wy wolle jo graach oanmoedigje en doch soks, om't de Wikipedy der better fan wurdt.

Auteursrjocht

Al it tekstuele materiaal fan it Wikipedia projekt falt ûnder de GNU/FDL-lisinsje. Soenen jo in part tsjinkomme dat opnaam is sûnder tastimming fan de auteursrjochthawwer, dan kinne jo dat oan de Wikipedy trochjaan, of jo kinne it sels oanpasje.

Auteursrjocht ôfbylden

Foar de ôfbylden jildt dat net alle ôfbylden yn it Wikipedia projekt ûnder de GNU/FDL-lisinsje falle. Dat, it kin wêze dat der beheinings binne oan it brûken dêrfan. It is de eigen ferantwurdlikens fan de brûker fan Wikipedia om dêr acht op te slaan. Troch yn de tekst op in ôfbyld te klikken kin in omskriuwing fan it ôfbyld oproppen wurde, dêr't de status fan it ôfbyld ek yn opnaam is. Stiet yn de omskriuwing fan it ôfbyld neat oer de auteursrjochten, dan moat oannaam wurde dat in oar rjochten hat op it ôfbyld en dat it net frij ferspraat wurde kin.

Oanspraaklikens

De frijwilligers dy't dizze ensyklopedy skriuwe (en dat binne de lêzers, dus jo ek) oanfurdzje gjin oanspraaklikens foar de krektens fan de ynformaasje. Se kinne ek net garandearje dat de skriuwers sekuer west hawwe by it formulearjen fan de teksten. De organisaasjes dy't neamd wurde op de siden hawwe gjin direkte bining mei de ensyklopedy, en binne ek net ferantwurdlik foar de ynhâld. It stiet eltsenien frij en brûk de ynformaasje, mar it is al op eigen noed.

Juridysk sjoen leit de einferantwurdlikens by de WikiMedia Foundation.

As jo leauwe dat der in swierrichheid is, nim dan earst kontakt op mei de Fryske Wikipedy. Wolle jo in lilke brief stjoere, dan kin dat ek, yn it Ingelsk oan :

WIKIMEDIA FOUNDATION, INC. 1 Montgomery Street Suite 1600 SAN FRANCISCO, CA 94104 United States of America 

Kontakt

Oare foarmen fan kontakt mei de Wikimeida Foundation kinne fûn wurde op de side [1].

Tags:

foarbehâld Der is gjin garânsje wat de siden fan de Wikipedy oanbelangetfoarbehâld Sjogge jo in flater?foarbehâld Auteursrjochtfoarbehâld Auteursrjocht ôfbyldenfoarbehâld Oanspraaklikensfoarbehâld

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1757GasselteSkiermûntseachJeropeesk RuslânJade KushNaughty AmericaYnternetSwahily (taal)BoskmarmotAlaskaNovialManchester City FCTyra MooreYnternasjonale Kynologyske FederaasjeKatee OwenJohan DerksenMiljuschka WitzenhausenTennis2006Max WernerMichelle Samba1953AldgillisFranke SloothaakRachel AzianiJan KleefstraCassidy BanksSkriuwerRae Lil BlackLiuwe H. WestraPearsEjakulaasjeJoyce OliveiraBeatrix PotterPaulina SeikolaNikki Anderson1e iuwPakeDouwe Algra1665Novodevitsji-begraafplakPornografyHelpIt Oranjewâld1993Aero Contractors (Nigearia)WytsingenCody BryantLexi DiamondJeropaOflûken (seksualiteit)TrajanusJoadenList fan sterke tiidwurden yn it FryskYndo-Jeropeeske talenSlowaakskTony van der MeulenKroandowenWurdKunnilingusSupermoanneSûlû (taal)AldgislMuskusrôtMay ThaiFraachpetearSkamte (anatomy)The New York TimesMisjonarishâldingNikkie PlessenNoemilk🡆 More