Jaylene Rio

Jaylene Rio, echte namme: Andrea Bravo (Los Angeles, 16 april 1975), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en prostituee fan Meksikaansk etnysk komôf, dy't benammen bekend stiet om har natuerlike grutte boarsten.

Hja hat yn it ferline ek wol wurke ûnder de artystenammen Daylene Rio en Santi.

Jaylene Rio
Jaylene Rio persoan yn de seksyndustry
Jaylene Rio
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Daylene Rio, Santi
echte namme Andrea Bravo
nasjonaliteit Jaylene Rio Amerikaansk
berne 16 april 1975
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Jaylene Rio Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
prostituee
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.msjaylenerio.com

Libben en karriêre

Jaylene Rio waard yn 1975 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se ek opgroeid is. Yn 2008, doe't se 33 jier wie, spile se foar it earst yn in pornografyske film, wêrby't se daliks opfoel fanwegen har natuerlike grutte boarsten. Neffens har offisjele opjefte is Rio 1.60 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36EEE of 37F, ôfhinklik fan 'e beha. Hoewol't har boarsten "puer natuer" binne, hat hja al ymplantaten yn har stuten ynbringe litten.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Rio sûnt har debút, yn 2008, yn likernôch 45 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Sin, Hustler Video, Evil Angel, Devil's Film en New Sensations. Ek hat se in protte wurke foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros en Brazzers. Dêrnjonken posearre hja ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden fan it grutte-boarstesjenre, wêrûnder Score, wêrfoar't hja ek yn in stikmannich fideo's ferskynde. Njonken har aktear- en modellewurk is Rio ek beskikber as eskort.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

16 april1975BoarstenEtnyske groepFeriene SteatenLos AngelesNeakenmodelPornografysk aktriseProstituee

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Nút (lichemsdiel)Prins EdwardeilannenNana AppiahGrutte Priis Formule 1 fan Ruslân 2019feehâlderijBoete (jildstraf)KleanKoji SasakiISBNSkiednis fan de provinsje FryslânSarah YoungMediaWikiTwitterGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2000Ferdrach fan MaastrichtMaya BijouSieds LyklesMisjonarishâldingKommando geanEjakulaasjePake- en beppesizzer27 maartDe OesdripBoerûndyNoelle EastonVáclav HavelBommesmiterPeaske-eilânEkshibisjonismeMarijn KuipersJerine FleurkeHoarnstersweachFormosapappegaaidoGenèveSwartewetterskleasterAmbigramRugby op de Paralympyske SimmerspullenFegetarismeJoyce OliveiraLuna SilverGeslachtsmienskipIuwskema20 aprilPornografysk aktriseBrühlPanhandle fan Teksas2024CJ MilesInes RidereCircuito de JerezSpoar fan Mariënberg nei AlmeloMarkeartaalGNU/FDLToby AlderweireldLily CollinsArmie FieldGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2004Durk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)Joop den Uyl🡆 More