4 - It Mars Exploration Rover-projekt fan 'e AmerikaanskeromtefeartorganisaasjeNASA giet fan start as de Spirit as de earste fan 'e 'rovers' súksesfol it oerflak fan 'e planeetMars berikt om dêr ûndersyk te dwaan.
29 - By in steatsgreep yn Haïty wurdt presidint Jean-Bertrand Aristide ôfset. Neitiid wurdt in interim-regear oansteld ûnder lieding fan Gérard Latortue.
22 - Sjeik Achmed Jassin, de oprjochter en geastlik lieder fan 'e militante PalestynskeHamas-beweging, wurdt yn 'e Gaza-stripefermoarde troch de Israelyske Loftmacht (mei ynset fan in gefjochtshelikopter).
8 - Under ynternasjonale druk tekenje it regear fan Sûdaan en twa rebellegroepearrings de Oerienkomst foar in Humanitêr Sjitferbod, dy't foar in skoft soargje moat yn 'e Oarloch yn Darfoer.
24 - By de referinda oer it Annanplan foar de weriening fan Syprus en Noard-Syprus stimme de Syprioatyske Turken yn Noard-Syprus foàr, wylst de Syprioatyske Griken yn Syprus it plan fersmite.
24 - Nei ôfreis fan de Ynternasjonale Lofthaven Domodedovo, yn Moskou, eksplodearret it ferkearsfleantúch Volga-AviaExpress-flecht 1303 yn 'e loft boppe de RussyskeprovinsjeTûla, wêrby't alle 43 ynsittenden omkomme. Inkele minuten letter eksplodearret in oar ferkearsfleantúch, Siberia Airlines-flecht 1047, boppe de provinsje Rostov, wêrby't alle 46 ynsittenden omkomme. It regear fan Ruslân ferklearret neitiid dat de ûntploffings feroarsake binne troch froulike Tsjetsjeenske selsmoardoanslachdoggers.
septimber
1-3 - By de Gizelingskrisis fan Beslan hâlde islamistysketerroristen yn Beslan, yn 'e RussyskeKaukasus, in hiele skoalle yn gizeling. As it Russyske Leger oergiet ta in bestoarming fan it skoalgebou, wurde dêrby tanks, raketten en oare swiere wapens ynset, mei as gefolch dat mear as 385 minsken omkomme, wêrûnder 186 skoalbern en 148 oare gizelders.
29 - De regearingslieders fan 'e lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny ûndertekenje yn Rome in oerienkomst oer in takom jier yn te fieren Jeropeeske Grûnwet.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 2004 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 2004, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.