Blues

Blues is in fokale en ynstrumintale muzykfoarm dy't ûntwikkele is út de Afrikaansk Amearikaanske work song's.

Blues hat in grutte ynfloed hân op lettere populêre muzyk, sawol yn Amearika as dêr bûten. De ynfloed fan Blues is werom te finen yn jazz, rhythm and blues, rock and roll likegoed as yn de konvinsjonele popmuzyk en sels yn moderne klassike muzyk.

Blues
Ma Rainey (1886-1939) krige de bynamme "Mem fan de blues".
Blues
Taj Mahal Blues Trio

De betide plattelâns blues ûntstie oan 'e ein fan 19e, begjin 20e iuw yn de súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Der waarden ienfâldige ynstruminten brûkt, benammen de akoestyske gitaar, piano en de mûlharp. De lieten hiene in grut ferskaat oan struktuer en skema's, mar de 12-maats en 8-maats blues oerhearsken.

W.C. Handy wie ien fan de earste muzikanten mei in knappe muzykoplieding, dy't de bluesmeldijen yn in moderne styl oanbea oan bands en sjongers. Hy soe ferskate bluesstikken skriuwe wêrfan The Saint Louis Blues faaks de bekendste is.

Tekstueel wiene de earste blues nûmers tige simpel fan opbou: Ien sin dy't twa as trije kear werhelle wurde. Underwerpen wiene faaks de misêre fan it libben, mar wol meast mei in kwinkslach en de nedige (sels)spot.

    Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
    Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
    It may be sending you baby, but it's worrying the hell out of me.

Fan 1917 ôf begjinne ek jazzbands bluesstikken op te nimmen. De blues út de 20-er jierren soe it leitmotyf foar de Amearikaanske populêre muzyk wurde. Yn dy tiid waarden in soad opnames makke troch sjongers as Blind Lemon Jefferson, Blind Blake en Robert en Lonnie Johnson. Ek froulike bluesartysten wiene yn dy tiid tige populêr, under harren Mamie Smith, Gertrude "Ma" Rainey, Bessie Smith, en Victoria Spivey.

Yn de 40-er en 50-er jierren naam mei de urbanisaasje, ek it brûken elektroanysk fersterke muzykynstruminten ta. Benammen yn stêden as Chicago wie de blues populêr mei as bekende artysten Howling Wolf en Muddy Waters. De elektroanyske blues soe úteinlik rock and roll opleverje.

Yn de jierren 60 en 70 wiene it artysten as Eric Clapton, Janis Joplin, Eric Burdon en Jimi Hendrix dy't sterk beynfloede waarden troch sawol de betide as elektroanyske, Chicago blues.

De film The Blues Brothers makke yn de 80-er jierren dat blues ek by in grut, jong publyk bekend waard.

Yn Nederlân wie it de Drint Harry Muskee dy't mei syn band ûnder de namme Cuby&Blizzards yn it clubsirkwy oan it begjin fan de santiger jierren furoare makke. Ek yn de muzyk fan âld-Blizzard Herman Brood wiene de blueswoartels faak noch goed te hearren.

Keppeling om utens

Smokestack Lightin' Internet Bluesradio
It jier fan de Blues

Tags:

JazzKlassike muzykMuzykPopmuzykRhythm and bluesRock and rollWork Song

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

600BarnstienProvinsjes en territoaria fan KanadaOrganisearre misdieHuningblomPeléList fan planetoïden 38001-39000Marije CornelissenAleksander II fan RuslânNoardwestgermaanske talenOblast OrenburgElektronAmmanFroukje AnnemaYndo-Jeropeeske talenKommunistysk ManifestSlowaaksk3 maartList fan planetoïden 17001-180006 augustusKai Nobel1 julyList fan planetoïden 24001-250002011Echte fazantfûgelsPornoaktriseKrusiging fan JezusGeslachtsmienskipAsteroïdeList fan lannen en territoariaCreative CommonsStasjon BedumNoelle EastonMidslânsk13 febrewaris5 oktoberParys1952Oflûken (seksualiteit)ReligieuzeKristenGoldbandNew York (stêd)BestjoerPinsjoenGrutte-boarstesjenreSlotDef RhymzSpoar fan Grins nei DelfsylPaleokontinintList fan planetoïden 46001-47000Wite BrânnettelStille BrânnettelRepublyk ArtsachMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Jeleazarov-kleasterMatearjeKeninkryk SkotlânAdam en Eva (plant)Ruslân1979Grins (stêd)Nederlânske Herfoarme TsjerkeISO 3166-1Tsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)UnderwiisSicario (film út 2015)🡆 More