12 jannewaris - Yn 'e koloanje Dútsk-Súdwest-Afrika komme de Herearo yn opstân. De Herearo-Opstân wurdt laat troch haadman Samuel Maharero. De ûnmeilydsume Dútske ûnderdrukking fan dizze opstân en fan dy fan 'e Nama liedt ta de Namibyske Genoside.
7 febrewaris - By de Grutte Brân fan Baltimore, yn 'e AmerikaanskestêdBaltimore, komme mar 5 minsken om. Mar der wurde yn 30 oeren 1.500 gebouwen yn 'e jiske lein, mei as gefolch dat 35.000 minsken wurkleas wurde.
8 febrewaris - Japan ferklearret de oarloch oan Ruslân en falt de Russyske marine yn Sina oan yn 'e Slach by Port Arthur. Dit is it begjin fan 'e Russysk-Japanske Oarloch, dy't draait om rivalisearjende koloniale ambysjes fan 'e beide lannen yn Mantsjoerije en Koreä.
23 febrewaris - Nei't it Keizerryk Koreä yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch troch Japansketroepen beset is, twingt Japan it Koreaanske regear in ferdrach op dat fan Koreä yn 'e praktyk in Japansk protektoraat makket sûnder wiere selsstannichheid.
14 maart - Op fersyk fan 'e gûverneur fan Dútsk-Súdwest-Afrika, Theodor Leutwein, stjoert it Dútskeregearmilitêre fersterkings nei dy koloanje om 'e Herearo-Opstân te ûnderdrukken.
8 april - It Feriene Keninkryk en Frankryk slute de saneamde Entente Cordiale ("Hoflike Oerienkomst"), dy't û.m. in militêr bûnsgenoatskip omfiemet dat rjochte is tsjin Dútslân. Dit ferdrach makket in ein oan goed tûzen jier rivaliteit mei om de safolle tiid oarloch tusken de beide lannen.
3 july - It regear fan it Feriene Keninkryk publisearret in rapport dat in ferneatigjend oardiel útsprekt oer it skrikbewâld dat út namme fan 'e Belgyskekening Leopold II fierd wurdt yn 'e Kongofrijsteat, dy't syn priveekoloanje is.
10 augustus - Yn 'e Slach yn de Giele See, dy't útfochten wurdt yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch, foarkomt de Japanske Keizerlike Marine in útbraak fan 'e Russyskefloat fan it Fiere Easten út 'e Sineeskehaven fan Port Arthur.
11-12 augustus - Yn it ramt fan 'e Herearo-Opstân ferslacht de Dútskegeneraal Lothar von Trotha yn Dútsk-Súdwest-Afrika de Herearo ûnder haadman Samuel Maharero yn 'e Slach by Waterberg. Neitiid driuwe de Dútsers de oerlibjende Herearo-krigers mei froulju en bern de woastyn yn. Dit is it begjin fan 'e Namibyske Genoside troch de Dútsers op 'e lânseigen Herearo en Nama.
20 oktober - Sily en Bolivia slute it Ferdrach fan Frede en Freonskip wêrmei't nei in fearnsiuw einlings formeel in ein komt oan 'e Salpeteroarloch fan 1879-1884. Bolivia jout syn oanspraken op 'e kuststripe fan noardlik Sily op, dy't de Silenen yn dy oarloch feroveren en anneksearren.
21 oktober - De Eastseefloat fan Ruslân, ûnderweis fan 'e Eastsee nei it Fiere Easten om it yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch op te nimmen tsjin 'e Japanners, iepenet op 'e Noardsee it fjoer op in fyftichtal Britskefiskersskippen dy't troch de Russyske bemannings oansjoen wurde foar Japanske torpedoboatjagers. By it tweintich minuten duorjende bombardemint wurdt ien fiskersboat ta sinken brocht en fergiet mei man en mûs, wylst op in oarenien twa leden fan 'e bemanning omkomme. It Britske regear yn Londen is sawol ferbjustere as poerrazen oer dit Doggerbankynsidint, en slút it Suëzkanaal foar de Russyske float, sadat dy hielendal om Kaap de Goede Hoop hinne farre moat om it Fiere Easten te berikken.
28 novimber - Yn Dútsk-Súdwest-Afrika wurde de opstannige Nama (foarhinne yn 'e regel Hottentotten neamd) yn 'e Slach by Warmbad troch de Dútsers ferslein.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1904 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1904, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.