Helen Duval

Helen Duval, echte namme: Bernadette Heesink-Friebel (Edam, 19 septimber 1965), is in rêstend Nederlânsk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoprodusinte en -regisseur, dy't berne is yn it Noardhollânske Edam.

Hja makke yn 't earstoan ek wol gebrûk fan 'e artystenamme Helena. Duval sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2003 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Helen Duval
Helen Duval persoan yn de seksyndustry
Helen Duval
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Helena
echte namme Bernadette Heesink-Friebel
nasjonaliteit Helen Duval Nederlânsk
berne 19 septimber 1965
berteplak Edam (Noard-Hollân)
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur, produsinte
jierren aktyf 19932003
offisjele webside
www.helenduval.com (deade link)

Libben en karriêre

Duval waard yn 1965 as Bernadette Heesink-Friebel berne yn it Noardhollânske Edam. Hja sette mei har karriêre yn 'e pornoyndustry útein as kollumnskriuwster foar it Nederlânske pornobledsje Tuk. Oan har kollumns, dy't se skreau ûnder de namme 'Helena', foege se eroatyske foto's fan harsels ta, dy't geandewei eksplisiter waarden. Uteinlik makke se yn 1993, doe't se 28 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Dat wie nei't se yn 'e kunde kommen wie mei de Dútske pornoprodusint Hans Moser (better bekend ûnder syn artystenamme Sascha Alexander). Foar har nije karriêre as pornoaktrise naam se de skûlnamme 'Helen Duval' oan, om't dat ynternasjonaler klonk.

Duval har trochbraak as pornostjer kaam yn 1994 mei har optreden yn Private Video Magazine #7. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn in sechstichtal films, yn it foarste plak foar Jeropeeske labels as it Sweedske Private, it Dútske Sascha Alexander Productions en Sarah Young Communications en it Nederlânske Video Art Holland. Se wie lykwols ek wol yn 't spier foar Amerikaanske studio's as VCA Pictures, Anabolic Video en Blue Coyote Pictures. Har lêste rol hie Duval yn 'e film Ice & Fire, út 2003. Njonken har aktearwurk wie se ek aktyf as produsinte en regisseur fan guon pornofilms mei har eigen studio Helen Duval Entertainment.

Lichemsskaaimerken

Helen Duval is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as pornoaktrise) in gewicht fan 54 kg. Se hat kupmaat 38D, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, mar wol hat se in tatoeaazje fan in roas op har ûnderrêch.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Helen Duval Libben en karriêreHelen Duval LichemsskaaimerkenHelen Duval Keppelings om utensHelen Duval19 septimber196519932003ArtystenammeBerneEdamFeriene SteatenJeropaNammeNeakenmodelNederlânNoard-HollânPornoPornoaktrisePornofilmPornografysk aktriseRegisseurWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Emiel StoffersAlgerijeNaughty AmericaRedbadFrankrykPersia MonirKeiran LeeKultuerKunnilingusGNU/FDLHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiFideospultsjeGemeenten fan NederlânKatedraal fan Piazza ArmerinaHimelfeartsdeiBoedismeNeakenmodelOlst-WijheProvinsjes fan NederlânKylee StruttGraham SwiftGonny GaakeerSlavyske talenWikipedyJada StevensAfrikaanske leppelbekEarmoedeSkrikkeljier fan tongersdei ôfHongarijeFrysk Ynternasjonaal Kontakt1950-er jierrenLetlânMiranda Werkman2020NasjonaalsosjalismeKristoffel KolumbusVanessa Sky1557Kolombia2012Billy GlideSietske PoepjesBart Jan SpruytTroudSean LawlessGrinslânDe BoarnRhylee RichardsMoslimSophie HilbrandLesoto19e iuwFen Fryske GrounTiffany Towers (pornografysk aktrise)Charles III fan it Feriene KeninkrykIrakDigital SinPornografyJan Hepkes Wouda🡆 More