Filmprodusint

In filmprodusint (froulike foarm: filmprodusinte) is immen dy't it tafersjoch hat oer de produksje fan in film.

Sa'nent is òf yn 'e tsjinst fan in filmstudio, òf hy of sy wurket selsstannich. Filmprodusinten planne en koördinearje ferskate aspekten fan 'e filmproduksje, lykas it selektearjen fan it senario, it oersjoch fan senario, rezjy en montaazje, en it regeljen fan 'e finansiering.

Yngeandere beskriuwing

De produksje fan in film set ornaris útein as in filmprodusint in gaadlik ûnderwerp foar de film tsjinkomt, of as sok materiaal (mei opsetsin) ûnder syn of har oandacht brocht wurdt. Utsein as it giet om in útwurke senario moat sok materiaal dêrnei ta in senario omwurke wurde. Dêrfoar hiert de filmprodusint in senarioskriuwer yn. Soms wurdt ek in al besteand senario nochris ûnder hannen nommen troch in (nije) senarioskriuwer, of wurdt der in saneamde skriptdokter ynset om in breklik senario better te meitsjen.

As it senario ienris klear is om ferfilme te wurden, bringt de filmprodusint jild byinoar fan ynvestearders (faak ien of mear filmstudio's) foar it budget fan 'e film. Pas as der in budget is, kinne it eigentlike meitsjen fan 'e film begjinne. Yn 'e preproduksjefaze is de filmprodusint dêrby ferantwurdlik foar it oannimmen fan in regisseur en oare wichtige leden fan 'e filmcrew, lykas de kameraregisseur, de filmeditor, de produksje-ûntwerper en de komponist fan 'e filmmuzyk. Dat is fan alle taken fan 'e filmprodusint eins de wichtichste, mei't it súkses fan in film foar in grut part stiet of falt mei de beskikberens fan in goede regisseur en kundige crewleden.

Wylst de regisseur dêrnei ûnder it opnameproses sizzenskip hat oer de kreätive beslissings, beävensearret de filmprodusint de logistike en saaklike oangelegenheden. It komt lykwols ek foar dat regisseurs harren eigen films produsearje. Yn dat gefal binne de regisseur en de produsint dus ien en deselde persoan, wat betsjut dat de kreätive en de saaklike lieding oer it filmprojekt yn ien hân binne.

De filmprodusint is der fierder ferantwurdlik foar om derfoar te soargjen dat de film op 'e tiid klear is en binnen it budget bliuwt. As der ûnienichheid is mei de regisseur oer in kreätive beslissing, hat de filmprodusint yn prinsipe it lêste wurd. Yn 'e postproduksjefaze lit de produsint de ferantwurdlikheid oer de montaazje fierhinne oan 'e regisseur en de filmeditor oer, wylst hy him sels taleit op it beöarderjen fan 'e marketing en de filmdistribúsje.

Om't films tige grutte projekten wêze kinne, is it foar de filmprodusint net altyd mooglik om oeral yn eigen persoan tafersjoch op te hâlden. Dêrom sette filmstudio's faak mear as ien filmprodusint per film yn. Ek binne der gauris ien of mear ko-produsinten (associate producers), assistint-produsinten, útfierende produsinten, line producers en/of unit production managers ynset.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BudgetFilmFilmstudioFroulikMontaazje (film)RezjySenario

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Anale seksPornhubCharles Robinson (yllustrator)NoardhoekskMartin Luther KingRicki RaxxxPablo PicassoFuotbalClara Trinity1 jannewarisAsa fan JudaNoardseeJarreHoutHurde pornografyMinskeWolfIngelumSan DiegoNasjonaal parkAmerikaanske dollarWolverineGeslachtsmienskipRunenKatee OwenVienna BlackGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001Kommunikaasje1969SamoähunningiterBachreinEreksjeNASA7 febrewarisList fan Fryske jongesnammenEtiopyske kalinderFideospultsjeFrankrykAnusSaya SongMerknamme5 augustusUnderwiisAdam en EvaMirka Antolović-TipurićUnbreakable (film)DiezerpoarteFryskSeksuele penetraasjeSasha BeartNeakenmodelSean LawlessHûntsjeshâlding7 maart19071839PortegalMeksiko2009BudgetVina SkyFeanster FeartFiere EastenLycklama à NijeholtLofthaven Skiphol2010-er jierrenPornografyBoarstfergruttingFilipinenKalifornjeFranklin D. RooseveltJulianna Vega🡆 More