Naughty America

Naughty America (Undogensk Amearika) is in Amerikaanske pornografyske webside en filmstudio, fêstige yn San Diego, yn 'e steat Kalifornje, dy't him spesjalisearre hat yn it opnimmen fan seksfantasijen (wat foar it meastepart delkomt op realitypornografy).

Naughty America
Naughty America
algemien
hist. namme SoCal Cash
nasjonaliteit Naughty America Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske webside
haadkertier San Diego (Kalifornje)
oprjochte 2001
dochters Suite 703
offisjele webside
www.naughtyamerica.com

Skiednis

Nettsjinsteande de fermelding op it logo fan it bedriuw dat it "established in 1776" wêze soe, is it eins oprjochte yn 2001 as in lytsskalige studio ûnder de namme SoCal Cash (SoCal is de ôfkoarting fan Southern California, "Súdlik Kalifornje"). Yn 2004 waard it bedriuw omneamd ta Naughty America. De ferwizing nei 1776 slacht op 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring, wêryn't Thomas Jefferson stelde dat alle Amerikanen it rjocht hawwe op "libben, frijheid en it neijeien fan gelokkigens." It biedwurd fan Naughty America is Nobody Does It Better ("Nimmen Docht It Better").

Op 't heden hat Naughty America mear as 60 wurknimmers yn tsjinst, en hoewol't it de opnommen sênes foar in grut part oer it ynternet oan 'e man bringt, produsearret it ek tradisjonele dvd's, dy't sûnt novimber 2005 distribuëarre wurde troch de studio Pure Play Media.

Yn augustus 2007 sette Naughty America fierders útein mei it publisearjen fan The Naughty American, in nijs- en kommentaarwebside dy't berjochtet oer naughtiness ("ûndogenskens") út 'e hiele Feriene Steaten. Dizze útjefte, yn 'e regel ôfkoarte ta TNA, kin men fine op 'e offisjele webside fan it bedriuw (sjoch ûnder). Yn jannewaris 2008 lansearre Naughty America in ymprint foar homoseksuële pornografy, ûnder de namme Suite 703.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Amerikaanske steatenFeriene SteatenKalifornjePornografyRealitypornografySan DiegoYnternet

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Bommesmiter20161671Maya BijouAldfryskKatolisismeBruce Venture19 aprilAbbey Brooks16 aprilDedemsvaart (doarp)Kwame NkrumahWesterske wrâldKatalaanskISSNPriya PriceLybjeRomantyk (leafde)Nikola TeslakuiersportShae Summers1855Fal fan it Westromeinske RykKoarte filmJoo Min LeeHTMLBorneoPornofilmCassandra Wilde1996SneonKrusing (fuortplanting)FideospultsjeMiddellânske SeePornografyske filmSjiïsmeTou1954Koördinearre WrâldtiidIstanbûlJayden LeeBiskop2009Hearke Tjerks Witteveen12 maartTiisdei1963Library of Congress9 julyTwadde Wrâldkriich10 desimber1952SekshâldingBalletIslamismeEastenrykFotosyntezeMia LiMinnie Beets12 desimberSlach by Ane1955MariûpolSjapoer IGenêskundeHelpMinskeEtnografyJezabel VessirFryslânGeslachtsmienskipArûba🡆 More