Vca Pictures

VCA Pictures, soms ôfkoarte ta VCA, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Beverly Hills, yn 'e steat Kalifornje.

It is ien fan 'e âldere pornostudio's, dy't yn 1978 oprjochte waard troch Russ Hampshire, en dy't ien fan 'e wichtichste spilers yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wie yn it saneamde Goudene Tiidrek fan de Porno (fan omtrint 1978 oant it útbrekken fan 'e AIDS-epidemy om 1984 hinne).

VCA Pictures
Vca Pictures
algemien
nasjonaliteit Vca Pictures Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Beverly Hills (Kalifornje)
oprjochte 1978
oprjochter Russ Hampshire
eigner Hustler Video
offisjele webside
www.vcaxxx.com

Yn 'e santiger en tachtiger jierren konsintrearre VCA him op it meitsjen fan big budget-pornofilms mei in plot, oftewol de saneamde feature films. Yn 1982 giene der op 'e earste dei fan 'e ferkeap tolvetûzen eksimplaren fan 'e VCA-film Insatiable oer de toanbank, wat dy ta de bêstferkeapjende fideo fan dat jier makke (mainstream-films ynbegrepen).

Fan 'e ein fan 'e jierren tachtich ôf begûn VCA stadichoan wat yn it neigean te reitsjen, hoewol't it yn 'e jierren njoggentich noch in soad prizen wûn foar films as Sex en Latex. Yn 2003, doe't de studio al lang net mear ta de top hearde, waard er oernommen troch Hustler Video, in dochterûndernimming fan Larry Flynt Productions, it porno-concern fan Larry Flynt. Binnen dat konglomeraat hat VCA in selsstannige identiteit witten te bewarjen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

19781984AIDSAmerikaanske steatenBeverly HillsFeriene SteatenKalifornjePornografy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

444Hôf fan TwinteSeptember ReignRiviermûning14e iuwGeorgia O'KeeffeDykhurdfytsen op de Olympyske SimmerspullenPromoasjeKlaarkampster MarEchte mûzenCees JongsmaUnstjerlikensAileene DacostaJulianna VegaSybren JansmaSilkeborg (gemeente)Shalina DevineGrytzDaisy SummersSophie HilbrandVeronica RodriguezNút (lichemsdiel)GokkenDoctor Zhivago (film)Esfigmenou-kleasterSasha BeartWalkuereBûkarestIt Heitelân (liet)AtoomNoelle EastonAngela PostmaJ. MacDurk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)BoerûndyFegetarismeSoarte1333Hegere BoargerskoalleMarkeartaalKaMarijn KuipersBrühlJapan17 junyHoarnstersweachFellatioGoudjakhalsDe HaachGrimalkin (mytysk wêzen)IranISBNYnternetShae SummersWikipedyGray's AnatomyPolo op de Olympyske Simmerspullen 1900Grutte BrekkenMediaWiki1899FriezenSpanje🡆 More