Piercing

In piercing (fan it Ingelske wurd dat trochboarring betsjut) is in foarm fan lichemsfersiering wêrby't in gatsje boarre wurdt yn in diel fan it minsklik lichem, sadat dêrtrochhinne in sieraad oanbrocht wurde kinne.

De oantsjutting 'piercing' kin sawol ferwize nei it boarjen fan syn gatsje, as nei it eigentlike gatsje sels. It ferwiist lykwols yn prinsipe net nei it sieraad dat troch sa'n gatsje droegen wurdt (hoewol't it wurd yn it gewoane spraakgebrûk wolris sa brûkt wurdt). Hjoeddeistige piercingpraktiken beklamje it gebrûk fan steryl ark, mei't it oanbringen fan in piercing yn prinsipe lykslein wurde kin mei it meitsjen fan in wûne, en der dus in risiko op ynfeksje bestiet. Oare risiko's binne allergyske reäksjes en groedefoarming. De genêzingsperioade fan piercings rint útinoar fan in moanne foar guon genitale piercings oant soms wol twa jier foar in nâlpiercing.

Piercing
In jonge frou mei ferskate piercings.

Skiednis

Hoewol't de skiednis fan 'e piercing as ferskynsel ferdizene wurdt troch desynformaasje en in brekme oan wittenskiplike belangstelling, is it ûntsjinsisber wier dat de praktyk fan it meitsjen en hawwen fan piercings al sûnt oerâlde tiden by beide geslachten bestiet.

Sawol earpiercings as noaspiercings kamen en komme yn in grut tal kultueren foar. De âldste mummifisearre minsklike resten dy't ea ûntdutsen binne, droegen al earbellen, wêrmei't it ferskynsel earpiercing teminsten 5.000 jier tebek giet. De ierst dokumintearre noaspiercings datearje fan 3.500 lyn. Lippiercings en tongpiersings kamen histoarysk foar yn Afrika en by Yndiaanske folken yn Súd- en Midden-Amearika. Spienpiercings binne bekend út it Romeinske Ryk, wylst genitale piercings al omtrint it jier 320 yn Yndia foarkamen. De skiednis fan 'e nâlpiercing is lykwols tige dizenich.

Yn 'e Westerske kultuer hat it meitsjen fan piercings (fan fral de earen) ferskate op- en delgeande bewegings kend om't it dêr nau ferbûn is mei de moade. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch is de populariteit fan it dragen fan earbellen lykwols tanommen en fral foar froulju frij algemien wurden, wylst piercings fan oare dielen fan it lichem sûnt de 1970-er jierren yn subkultueren en fanôf de 1990-er jierren yn 'e haadkultuer yngong fûn hawwe.

Redens

Redens om in piercing te nimmen, beslane in grut ferskaat. Yn guon kultueren foarmje piercings in utering fan religy of spiritualiteit, wylst it yn 'e Westerske kultuer faak mei estetyske omtinkens te krijen hat. Oare redens kinne wêze: it útdrukken fan jins eigen identiteit, seksueel geniet, oanpassing oan in kultuer en ôfsetten tsjin in kultuer. Guon foarmen fan piercings, fral spienpiercings en genitale piercings, mar ek gesichtspiercings, kinne tige kontroversjeel wêze, benammen as se op jonge jierren al oanbrocht wurde. Der hawwe gefallen west dat it toanen of dragen fan sieraden troch piercings beheind of ferbean is troch skoallen, wurkjouwers en religieuze groepen.

Piercing 
In Gond-frou út Yndia, mei ear- en noaspiercings.

Soarten piercings

gesichtspiercings

  • earpiercing
    • antyhelikspiercing
    • antytraguspiercing
    • conch-piercing
    • daith-piercing
    • earlelpiercing
    • helikspiercing
    • industrial-piercing
    • rook-piercing
    • snug-piercing
    • stretching
    • traguspiercing
  • noaspiercing
    • noasrêchpiercing
    • noasskudpiercing
    • noaswjukpiercing
  • lippiercing
  • tongpiercing
    • tongfrenulumpiercing
  • oare gesichts- en mûlpiercings
    • antywynbraupiercing
    • hûchpiercing
    • wangpiercing
    • wynbraupiercing

lichemspiercings

  • genitale piercing
    • ampallang
    • apadravya
    • Christina-piercing
    • dolfynpiercing
    • dydoe
    • foarhûdpiercing
    • fourchette
    • frenulumpiercing of frenumpiercing
    • guiche
    • hafada-piercing
    • Isabella-piercing
    • keinheidspiercing
    • klitoariskapkepiercing
    • klitoarispiercing
    • loarumpiercing
    • magysk krús
    • Nefertiti-piercing
    • omkearde prins Albert
  • genitale piercings (ferfolch)
    • prins Albert
    • prinsesse Albertina
    • skachtljedder
    • skachtpiercing
    • skamhierpiercing of pubic piercing
    • skamlippiercing
    • transskrotale piercing
    • trijehoekspiercing
  • oare lichemspiercings
    • anuspiercing
    • halspiercing
    • hânwebpiercing
    • heuppiercing
    • korsetpiercing
    • Madison-piercing
    • nâlpiercing
    • nekpiercing
    • spienpiercing

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


Tags:

Piercing SkiednisPiercing RedensPiercing Soarten piercingsPiercingIngelskMinskeNâlpiercing

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jan RijpstraFingerjenAnneke DoumaRoplettersSeksuele penetraasjeAdolf Hitler11 aprilJurjen DreeuwsKraachdoRedbadHeipealhâldingCarla de WalJaylene RioOflûken (seksualiteit)Noelle EastonSymboalLiteratuerBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 2004Nika NoirePornografyEala Frya FresenaSpitstoefdoMir (Wyt-Ruslân)PraachSasha BeartAtom Heart MotherMediaWikiDyami MillarsonRoxy RayeKrystal SwiftFoppe LandLaura LionWurdAkteurLulu ChuEmiel StoffersIngelskHarley RaineTechnologyJasmine BlackWyt-RuslânRae Lil BlackMichelle SambaBistSkiednis fan FryslânMense RuiterFryslânArnon GrunbergWetterDomein (taksonomy)SkiednisEastlike rotsmûsGrammy AwardIt OranjewâldWetPornoaktriseISO 3166-1Cassidy BanksFresia (midsieuwen)May ThaiTsiisReidsjongersNeakenfotografyWolfNina AgdalIvan KramskojAafke Bijlsma1733🡆 More