Ulbe Van Houten

Ulbe van Houten (Boksum, 23 maart 1904 - Sint-Anne, 22 maart 1974) wie in Frysk skriuwer.

Libben

As arbeiderssoan en jongste fan fjouwer bern gie er nei de kweekskoalle om foar ûnderwizer te learen. Yn 1922 waard er beneamd as ûnderwizer oan de kristlike De Slotskoalle yn Sint Anne. Letter waard hy learaar oan de MULO yn dat plak. Syn frou, Sieuwke Lep, kaam út Froubuorren. Sadwaande hearden de fiif bern yn de húshâlding Van Houten thús twa talen, mem prate Biltsk mei har en heit Frysk.

Syn earste Fryske boek skreaun er yn 1936. Syn literêre neilittenskip bestiet út ien roman, in ferhalebondel en twa novelles. It neifertellen fan de bibelske ferhalen yn De Hillige Histoarje yn twa dielen, it âlde en nije testamint, seach de grifformearde Van Houten as syn libbenswurk. Yn 1955 krige er dêrfoar yn Boalsert de heechste literêre ûnderskieding fan de provinsje Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

As taalkundich ûnderstiper wurke er yn it ramt fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978) mei oan 'e fertaling fan 'e bibelboeken Genesis, Exodus, Leviticus, Numeri, Deuteronomium, Jozua, Rjochters, Ruth, 1 en 2 Samuël, 1 en 2 Keningen, Ester, Psalmen, Spreuken, Preker, Heechliet en Kleilieten.

Wurk

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee Tresoar en "Meester Ulbe van Houten : levensverhaal van een onderwijzer : onderwijzer te St. Annaparochie van 1922 tot 1969", skreon yn 1988 troch syn soan Hink van Houten.

Tags:

1904197422 maart23 maartBoksumFryslânSint-AnneSkriuwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ReidhintsjePontius PilatusSwierwêzenKneppelfreedTurkmenistanAlde EgypteSlowaakskMarkus Tullius SiseroGeslachtsmienskip2023Charles III fan it Feriene KeninkrykJacobus Henricus van 't HoffEnsyklopedyRekkenmasineNikolo-Korelski kleasterDeiskemaWikipedyCowgirlhâlding1827Alfred HitchcockSylviidaeFerstanlike beheining194611e iuwRunenJohan FrieswijkList fan planetoïden 43001-44000Arwen GoldTwadde iuwLisa Ann20011922DútskAndrej RûbljovJ.R. Carrington36Lev TolstojFryske talenAC/DCFrancesca PetitjeanWiskundeMasturbaasje1969AppingedamSlotPaleokontinintISSNSúd-SûdanEjakulaasjeHeipealhâldingBrezjnev-doktrinePrins EdwardeilânSinaFryske RykLudwig van BeethovenAfrica Sexx1814EreksjeNoardwâlde (Grinslân)RMS TitanicFryslânDOK25 maartBruorren GrimmBouke Oldenhof20e iuwSuffolkLeonid BrezjnevSolovetski-kleaster🡆 More