Generaal

In generaal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen.

Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is yn prinsipe admiraal. (Yn 'e Nederlânske kriichsmacht, dêr't de rang fan admiraal yn ûnbrûk rekke is, is it ekwivalint fan generaal by de marine eins luitenant-admiraal.) Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst, hawwe foar generaal by de loftmacht ynstee de rang opperloftmaarskalk (air chief marshal). Yn 'e measte legers dy't de rang fan generaal hawwe, is it mei-iens ek de heechste rang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas maarskalk, fjildmaarskalk of generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal'). De term 'generaal' is eins in ôfkoarting fan it ferâldere kaptein-generaal, dat yn it begjin fan 'e santjinde iuw yn gebrûk wie, en wêrby't de tafoeging 'generaal' safolle betsjut as "algemien" (dus 'algemien kaptein').

As de term 'generaal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerregeneraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens fjouwer stjerren omfetsje. Der besteane noch trije legere gradaasjes fan generaals: luitenant-generaal (trije stjerren), generaal-majoar (twa stjerren) en brigadegeneraal (ien stjer). Yn guon legers komt de brigadegeneraal net foar. It Dútske leger, oan 'e oare kant, hie oant 1945 noch in ekstra gradaasje, de kolonel-generaal (Generaloberst), dy't tusken generaal (mei fjouwer stjerren) en fjildmaarskalk yn stie. Alle gradaasjes fan generaals wurde oansprutsen mei "generaal".

Skematysk oersjoch

Oersjoch fan 'e generaalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
maarskalk
of fjildmaarskalk
of generaal fan it leger
grutadmiraal
of admiraal fan de float
maarskalk fan de loftmacht
generaal admiraal
of luitenant-admiraal
generaal
of opperloftmaarskalk
luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal
of loftmaarskalk
generaal-majoar skout-by-nacht generaal-majoar
of fise-loftmaarskalk
brigadegeneraal kommandeur commodore

Befel

Generaals fiere it befel oer gruttere formaasjes, dy't gauris gearstald binne út ferskillende ienheden fan faak ûnderskate wapens, lykas ynfantery, artillery, kavalery, sjeny, ferkenningsienheden, ensfh. Sokke formaasjes kinne legers, legerkorpsen, difyzjes of brigades wêze. Dêrby stiet in leger ûnder it befel fan in generaal (mei fjouwer stjerren); in legerkorps ûnder dat fan in luitenant-generaal; in difyzje ûnder dat fan in generaal-majoar; en in brigade ûnder dat fan in brigadegeneraal. As der mear as ien leger ûnder it befel fan deselde ofsier pleatst wurdt, sprekt men fan in legergroep; oer sokke legergroepen wurdt it befel fierd troch in maarskalk of in fjildmaarskalk.

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
(NATO rang OF-10)
Generaal  admiraal
admiraal
(út tradysje; rang bestiet net mear)
NATO rang OF-9
Generaal  generaal
generaal
Generaal  luitenant-admiraal
admiraal
(by it Korps Mariniers: generaal)
Generaal  generaal
generaal
NATO rang OF-8
Generaal  luitenant-generaal
generaal
Generaal  fise-admiraal
admiraal
(by it Korps Mariniers: luitenant-generaal)
Generaal  luitenant-generaal
generaal
Generaal  luitenant-generaal
generaal
NATO rang OF-7
Generaal  generaal-majoar
generaal
Generaal  skout-by-nacht
skout-by-nacht
(by it Korps Mariniers: generaal-majoar)
Generaal  generaal-majoar
Generaal
Generaal  generaal-majoar
Generaal
NATO rang OF-6
Generaal  brigadegeneraal
generaal
Generaal  kommandeur
kommandeur
(by it Korps Mariniers: brigadegeneraal)
Generaal  commodore
commodore
Generaal  brigadegeneraal
generaal

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Generaal Skematysk oersjochGeneraal BefelGeneraal Yn e Nederlânske kriichsmachtGeneraal Sjoch ekGeneraalAdmiraalBritske MienebêstFjildmaarskalkGrut-BrittanjeKriichsmachtLeger (lânmacht)LoftmachtLuitenant-admiraalLânLânmachtMaarskalkMaresjeseeMarineMariniersMilitêre rangNederlânOpperofsierSantjinde iuw

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Maya BijouPontius PilatusEnsyklopedyAsteroïdeUgandaVolodymyr ZelenskyHêgelânspoarAustralyske dollarKollegiale tsjerke (Neuchâtel)Paleokontinint2011HuningblomFrankrykAudulf1946Johan Rudolph ThorbeckeStasjon It Hearrenfean IisstadionKommunistysk ManifestOnno FalkenaHenk van der VeerBosnjeDominion NijfûnlânJeleazarov-kleaster1 julySylviidaeMoriah MillsNeakenmodelYnternetStasjon Grins NoardNoard-IerlânMir (romtestasjon)WikiLeaks18 junyFritz WepperGeslacht (sekse)Oman1505Sêfte BroeierFeriene KeninkrykBestjoerFryske Ryk1200Petrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)List fan planetoïden 46001-47000Audree JaymesMozilla FirefoxISSNKeninkryk SkotlânTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)Ria RodrigezJoost van den VondelReklamespotsjesPsychologyDenemarkISO 3166Grins (stêd)2006SotsjyDûnsGauke BoelensKroaasjeMinnistenRomeinen1969Minnie Beets1952List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânNije TestamintKosovo-oarloch🡆 More