1900-Er Jierren

De 1900-er jierren wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder.

Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1901 en duorre it oant en mei 31 desimber 1910, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1900 oant en mei 31 desimber 1909. Dit desennium hearde ta de Belle Époque. It waard behearske troch de oanrin nei de Earste Wrâldoarloch, wat ta utering kaam yn 'e krises dy't om 'e safolle tiid útbrieken tusken de Jeropeeske grutmachten, dy't yn dizze snuorje de ynternasjonale polityk dominearren. Benammen ûnder de Bosnyske Krisis fan 1908-1909 balansearre de wrâld op it rântsje fan in grutte oarloch, mar úteinlik waard it skeel bylein en soe it noch fiif jier duorje ear't de Earste Wrâldoarloch útbriek.

1900-er jierren
De Amerikaan Orville Wright makket yn 1903 op it strân fan Noard-Karolina de earste flecht yn in fleanmasine.
De Amerikaan Orville Wright makket yn 1903 op it strân fan Noard-Karolina de earste flecht yn in fleanmasine.
<< 1890-er jrn  •  1900-er jrn  •  1910-er jrn >>
1900   •   1901   •   1902   •   1903   •   1904
1905   •   1906   •   1907   •   1908   •   1909

Oersjoch

De 1900-er jierren makken diel út fan 'e Belle Époque, de tiid tusken de Frânsk-Dútske Oarloch (1871-1872) en de Earste Wrâldoarloch (1914-1918). Oan it begjin fan dit desennium kaam yn it Feriene Keninkryk in ein oan it lange regear fan keninginne Fiktoaria en dêrmei oan it nei har ferneamde Fiktoriaanske Tiidrek. It dêropfolgjende Edwardiaanske Tiidrek (1901-1910), dat de regearperioade fan har soan en opfolger Edwert VII besloech, foel frijwol gear mei de 1900-er jierren.

Yn dit desennium waard de wrâld noch behearske troch de Jeropeeske grutmachten: it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, Ruslân, Itaalje, Eastenryk-Hongarije en it Osmaanske Ryk. Tsjin 1900 hiene dy riken sa'n bytsje alle beskikbere lân ta koloanje makke en wie dêrmei de Wedrin om Afrika beëinige, dy't it lêste haadstik wie fan it tiidrek fan it ekspansjonistysk kolonialisme. Wat oerbleau wie in sitewaasje wêrby't de grutmachten inoar it ljocht yn 'e eagen net gunden en allegeduerigen besochten en stek inoar foar eigen gewin de loef ôf. Dat soarge om it hoartsje foar in grutte krisis, wêrby't de spannings soms gefaarlike heech oprûnen. De wrâld sette op dy manear ûntsjinkearber ta op in grutte oarloch, dy't úteinlik yn 1914 ek wier útbrekke soe. Punten op it paad dêrhinne wiene yn 'e 1900-er jierren de Fenezolaanske Krisis fan 1902-1903; it sluten fan 'e Britsk-Frânske Entente Cordiale, de "Hoflike Oerienkomst", yn 1904; de Earste Marokkaanske Krisis fan 1905-1906; de Britsk-Russyske Konvinsje fan 1907; en de Bosnyske Krisis fan 1908-1909.

Fan 'e sân Jeropeeske grutmachten stie it Osmaanske Ryk bekend as de 'Sike Man fan Jeropa'. Al sûnt de iere njoggentjinde iuw krommele dat ryk stadichoan mear ôf. Sa snie yn 1908 it Keninkryk Bulgarije alle bannen troch mei it regear fan 'e sultan yn Konstantinopel, wylst Eastenryk-Hongarije datselde jiers de Osmaanske gebietsdielen Bosnje en Hertsegovina anneksearre. Ruslân hie yn deselde tiid almar mear te krijen mei ynterne swierrichheden, dy't feroarsake waarden trochdat fral de fabryksarbeiders yn 'e stêden har net mear deljaan woene ûnder it autokratyske bewâld fan 'e tsaar. It belied fan ûnmeilydsume ûnderdrukking fan eltse foarm fan opposysje, dat yn it ferline altiten fertuten dien hie, wie net mear ôfdwaande om 'e status quo te hanthavenjen en wurke boppedat de opkomst fan radikale ideologyen yn 'e hân, lykas it anargisme en it kommunisme.

Underwilens kamen ek inkele oare grutmachten op. De Feriene Steaten, mei harren polityk fan isolasjonisme, wiene in slommerjende reus allyk, dy't inkeld acht sloech op wat der yn 'e widere wrâld barde as syn belangen yn 'e knipe kamen, sa't mei de Fenezolaanske Krisis it gefal wie. Oan 'e oare kant fan 'e wrâld hie Japan him stilwei ûntjûn ta in modern lân mei in sterke kriichsmacht. Dat waard de rest fan 'e wrâld op minder as subtile wize ûnder de noas wreaun doe't de Japanners yn 'e Russysk-Japanske Oarloch fan 1904-1905 de flier oanfagen mei de Russen.

1900-Er Jierren 
In politike spotprint oangeande de opdieling fan Sina yn ynfloedssfearen fan 'e grutmachten: in skokte mandaryn yn Mantsjoe-klaaiïng moat tasjen hoe't keninginne Fiktoaria (it Britske Ryk), keizer Willem II (Dútslân), tsaar Nikolaas II (Ruslân), Marianne (Frankryk) en in samoerai (Japan) it mês yn in taart sette dêr't yn it Frânsk Chine (Sina) op stiet.
1900-Er Jierren 
Sneuvele Britske soldaten nei de Slach by Spionkop, yn 'e Twadde Boere-oarloch (jannewaris 1900).
1900-Er Jierren 
Troepen fan 'e Alliânsje fan de Acht Naasjes brekke ûnder de Bokseropstân troch de Suderpoarte fan 'e Sineeske stêd Tianjin. Britten oan 'e lofterkant, Japanners yn 'e midden en Frânsen oan 'e rjochterkant.
1900-Er Jierren 
De opstiging fan it earste loftskip te Friedrichshafen oan 'e Bodenmar, yn 1900.
1900-Er Jierren 
Amerikaanske troepen feroverje de muorren fan 'e Sineeske haadstêd Peking by it ûntset fan 'e ynternasjonale legaasjes ûnder de Bokseropstân.
1900-Er Jierren 
Rêdingswurkers yn 'e Teksaanske stêd Galveston nei't dy troffen is troch de swiere orkaan fan Galveston, yn septimber 1900.

Wichtichste foarfallen

1900-Er Jierren 
Afrikaner troepen ûnder de Twadde Boere-oarloch.
1900-Er Jierren 
In neitekening fan 'e moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint William McKinley troch de anargist Leon Czolgosz yn 1901. (McKinley kaam 8 dagen letter oan syn ferwûnings te ferstjerren.)
1900-Er Jierren 
Afrikaner froulju en bern yn in Britsk konsintraasjekamp ûnder de Twadde Boere-oarloch.
1900-Er Jierren 
Filipynske opstannelingen jouwe har oer yn 'e Filipynsk-Amerikaanske Oarloch.
1900-Er Jierren 
De ynname fan it fort Kuto Reh troch troepen fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) ûnder de Atjee-oarloch (1904).
1900-Er Jierren 
De Fenezolaanske havens wurde blokkearre troch Britske, Dútske en Italjaanske marineskippen ûnder de Fenezolaanske Krisis fan 1902-1903.
1900-Er Jierren 
De Ford Model A wie de earste auto dy't yn produksje nommen waard troch de Ford Motor Company (1903).
1900-Er Jierren 
De Amerikaanske stêd Baltimore nei de Grutte Brân fan Baltimore, yn 1904.
1900-Er Jierren 
Bern en folwoeksenen skeind foar it libben ûnder it skrikbewâld fan Leopold II fan Belgje yn 'e Kongofrijsteat.
1900-Er Jierren 
Marianne, it symboal fan 'e Frânske Republyk, en Brittannia, wêrmei't op it Feriene Keninkryk doeld wurdt, dûnsje mei-inoar op in Frânske ansichtkaart út 1904, útjûn ta gelegenheid fan it sluten fan 'e Entente Cordiale tusken de beide lannen.
1900-Er Jierren 
Russyske troepen op 'e flecht nei harren nederlaach tsjin 'e Japanners yn 'e Slach by Mukden yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch (1905).
1900-Er Jierren 
It Noarske parlemint, it Storting, stimt op 7 juny 1905 unanym foar de opheffing fan 'e Uny mei Sweden.
1900-Er Jierren 
San Francisco frijwol mei de grûn lyk makke nei de swiere ierdbeving fan 1906.
1900-Er Jierren 
De Amerikaanske gûverneur-generaal fan 'e Filipinen, William Howard Taft, sprekt yn 1907 de Filipynske Assimblee ta.
1900-Er Jierren 
De oanlis fan it Panamakanaal, yn 1907.
1900-Er Jierren 
Platsleine beammen yn Sibearje troch it Tûngûska-foarfal (1908).
1900-Er Jierren 
Tsaar Ferdinand I fan Bulgarije ropt op 5 oktober 1908 yn Veliko Tarnovo de ûnôfhinklikheid fan Bulgarije út.
1900-Er Jierren 
Ynwenners fan 'e Bosnyske haadstêd Sarajevo lêze yn oktober 1908 op in oanplakbiljet it nijs fan 'e Eastenryksk-Hongaarske anneksaasje fan Bosnje en Hertsegovina.
1900-Er Jierren 
De Sisyljaanske havenstêd Messina nei de swiere ierdbeving fan 1908.
1900-Er Jierren 
De ekspedysje fan Robert Peary op 'e Noardpoal.
1900-Er Jierren 
Kening Leopold II fan Belgje stjert yn 1909 nei in regear fan 49 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

1900-Er Jierren Oersjoch1900-Er Jierren Wichtichste foarfallen1900-Er Jierren1 jannewaris1900190119081909191020e iuw31 desimberBelle ÉpoqueDesenniumEarste WrâldoarlochGregoriaanske kalinderJeropaOarlochPolityk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Persia MonirKristendomArwen GoldOcca Johanna RipperdaLibbenTrochgongPepyn fan HerstalSotsjyPornhubNoardwestgermaanske talenFryslân BoppeBestjoerFilmstudioKosovo-oarlochDurrësHurdegarypster OpfeartFreedList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânBoerjatiëMe Before You (film)Ludwig van BeethovenKazachstanUnbemanne fleanmasineGandzasarJoost van den VondelKubaBatterijSekshâldingGolf fan RigaWordPressMay ThaiISO 3166Gauke BoelensAmmoniakKoptysk-Otterdokse TsjerkeKurt GödelTsjoevasjiëCowgirlhâldingWim KanHoratio NelsonSEgypteNije mediaKraj PrimorskiVina SkyMoriah Mills14e iuwList fan planetoïden 77001-78000Nicole OringList fan haadstêdenKai NobelLocustellidaeNoardfryskRussysk37Bedum (plak)201118 novimberSophie HilbrandSalisbury (Ingelân)Hendrik ConsciencePearsClaudia SchifferKâlde KriichRoarik🡆 More