Vienna Black

Vienna Black, echte namme: Candice McMillan (New York, 27 maaie 1995), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf.

Hja sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Vienna Black
Vienna Black persoan yn de seksyndustry
Vienna Black
persoanlike bysûnderheden
echte namme Candice McMillan
nasjonaliteit Vienna Black Amerikaansk
berne 27 maaie 1995
berteplak New York (New York)
etnisiteit Vienna Black Brazyljaansk
Vienna Black Dominikaansk
Vienna Black Frânsk
Vienna Black Jamaikaansk-Kreoalsk
Vienna Black Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Vienna Black op Twitter

Libben en karriêre

Vienna Black waard yn 1995 berne fan 'e stêd New York. Se is fan mingd Brazyljaansk, Dominikaansk, Frânsk, Jamaikaansk-Kreoalsk en Skotsk etnysk komôf. Black waard grutbrocht yn 'e New Yorkske borough Queens. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, fûn se wurk as fersekeringsaginte. Nei eigen sizzen begûn se in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry om't se it as in feilich fermidden seach om har eigen seksualiteit te ferkennen.

Black makke har debút yn in pornografyske film yn 2017, doe't se 22 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2019 yn 190 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Elegant Angel. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media en Girlfriends Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.

Under har karriêre hat Black yn ien sêne spile mei kollega-aktrises as Bridgette B, Maya Bijou, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Dana DeArmond, Veronica Rodriguez en Vanessa Sky. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mick Blue, James Deen, Sean Lawless, Logan Long, J. Mac, Ramon Nomar en Mark Wood. Njonken har aktearwurk hat Black ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden posearre.

Lichemsskaaimerken

Vienna Black is fan mingd ras, mei in hûdskleur dy't ljochtbrún is, mar ek foar blank trochgean kin. Se hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en in natuerlike cupmaat 32C. Se hat gjin tatoeaazjes, mar njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se in piercing troch har lofternoaswjuk.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Vienna Black Libben en karriêreVienna Black LichemsskaaimerkenVienna Black Keppelings om utensVienna Black1995201727 maaieEtnyske groepFeriene SteatenKomôfNeakenmodelNew York (stêd)PornofilmPornografysk aktrisePornoyndustryWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Manedo1 augustus11 septimber1780JierDoede VeemanOezbekenInga RidereEreksjeGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007CJ MilesSao Tomee en PrinsipeHeather LeeZevenhuizen (Westerkertier)Maya BijouYves BaillatHarley RaineSwurdSasha BeartMidsiuwenPornografyTaeke Jitze BotkePenisSisca FolkertsmaMaserati XXXISSN1 febrewarisTechnologyCharlie ChaplinMasturbaasjeEeldeWikipediaLiifmoer23 maaieTwitterHurde pornografyOlaf ScholzGermaanske talen1969Museum MartenaMirka Antolović-TipurićSwartnoasklapperiikhoarntsje2000HistoaryskJapanBurgumTel Aviv3 febrewarisAld StoutenburchRommert de Bree9 junySamoähunningiterMuskusrôtYndoneezjeAnnejoke SmidsKeunstriden op de Olympyske Winterspullen 2018PrêrjewolfIan KershawAssenJapanskMartin Luther KingBlaudokeTennis1901Ingeborg Uyt den BoogaardBesibskipNoelle Easton1482Moskeftigen🡆 More