Gûverneur

In gûverneur is meastal in funksjonaris yn it iepenbier bestjoer dy't oan it haad stiet fan 'e útfierende macht fan in ôfhinklik gebiet of in subnasjonale regio, lykas in dielsteat of in provinsje.

In gûverneur is lykwols nea in steatshaad. Foarbylden fan gûverneurs binne de regearingslieders fan 'e steaten fan 'e Feriene Steaten en, histoarysk, de hearskers oer de provinsjes fan it Romeinske Ryk. Yn it Nederlânske steatsbestel komme gjin gûverneurs foar, mar de kommissaris fan de kening, dy't oan it haad fan it bestjoer fan 'e Nederlânske provinsjes stiet, kin mei in gûverneur ferlike wurde. Yn Limburch wurdt de kommissaris fan 'e kening sadwaande ek ynformeel as 'gûverneur' betitele.

Gûverneurs kinne oansteld wêze (lykas de kommissarissen fan 'e kening yn 'e Nederlân binne), mar se kinne ek keazen wurde, sa't yn 'e Feriene Steaten wizânsje is. De macht dy't in gûverneur útoefenet kin tige by tige ferskille fan it iene lân ta it oare. Guon gûverneurs hawwe inkeld seremonieel foech, wylst oaren frijwol folslein selsstannich fan it nasjonale regear operearje. Yn it ferline wie de titel gûverneur-generaal ("algemien gûverneur") yn gebrûk foar amtlike bestjoerders fan koloanjes, lykas Nederlânsk-Ynje. Fral yn it begjin fan 'e koloniale perioade wiene sokken gauris net oansteld troch it regear fan it memmelân, mar troch it bestjoer fan in partikuliere ûndernimming, yn it gefal fan Nederlânsk-Ynje de Feriene Eastyndyske Kompanjy. Ek tsjintwurdich wurdt de term 'gûverneur' (fral yn it bûtenlân) noch wol brûkt yn it bedriuwslibben en foar bestjoerders fan beskate ynstellings, lykas finzenissen, skoallen en banken.

Histoarysk koe in 'gûverneur' ek in manspersoan wêze dy't troch in begoedige famylje oannommen waard om 'e âldelju de opfieding fan 'e bern út 'e hannen te nimmen. De froulike foarm fan dy betsjutting is it (folle bekendere) gûvernante.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Amerikaanske steatenBestjoerDielsteatFeriene SteatenKommissaris fan de keningLimburch (Nederlân)List fan lannen en gebietenNederlânProvinsjeRomeinske RykSkiednisSteatshaadÚtfierende macht

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ljouwert (stêd)DûbaiTonger (god)NatoerTer AardDownblouseFriesPhilippus H. BreukerHertpuzelWolfJan Hepkes WoudaGazastripeYnternasjonale Kynologyske FederaasjeVanessa PrideKatee Owen20e iuwOmnibus (boek)1482Feriene Steaten1 augustusPablo PicassoIngelumOentsjerkArwen GoldAeolus SeisbierrumWurdlGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004Anne Tjerk PopkemaRommert de BreeFranklin D. Roosevelt1 maartDiezerpoarteCharles Robinson (yllustrator)PornofilmDoekle TerpstraThundermotherMarianna Madia9 oktoberEeldeUnbreakable (film)GrykskJoyce OliveiraGrikenZevenhuizen (Westerkertier)YrreligyAudree Jaymes2014Amstel (rivier)FryslânPornoakteurFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952SkiermûntseachIngeborg Uyt den BoogaardFiere EastenSlowakijeJoo Min LeeNikki AndersonKetsjûa (taal)SekshâldingMaya BijouCharlie ChaplinReinhard HeydrichKeninkryk FryslânMoskeftigenKunnilingus1935KollumJacht (aktiviteit)KarnivoarSalvador AllendeEastenryk🡆 More