Ivar Ballangrud

Ivar Eriksen Ballangrud (Lunner, 7 maart 1904 - Trondheim,1 juny 1969) wie in Noarsk reedrider.

Fyftjin jier lang, fan 1924 oant 1939, wie Ballangrud ien fan de bêste reedriders fan de wrâld.

Ivar Ballangrud
Ivar Ballangrud sporter
Ivar Ballangrud (1936)
Ivar Ballangrud (1936)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ivar Eriksen Ballangrud
nasjonaliteit Ivar Ballangrud  Noarsk
bertedatum 7 maart 1904
berteplak Lunner
stjerdatum 1 juny 1969
stjerplak Trondheim
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Sankt-Moritz 1928,
Lake Placid 1932,
Garmisch-Partenkirchen 1936
debút 1924
karriêre-ein 1939
wichtige prestaasjes
Ivar Ballangrud 4x goud Olympyske Spullen 1928, 1936
Ivar Ballangrud 2x sulver Olympyske Spullen 1932, 1936
Ivar Ballangrud 1x brûns Olympyske Spullen 1928,
Ivar Ballangrud 4x goud Wrâldkampioenskip 1926, 1932, 1936, 1939
Ivar Ballangrud 4x sulver Wrâldkampioenskip 1928, 1929, 1930, 1935
Ivar Ballangrud 3x brûns Wrâldkampioenskip 1931, 1933, 1934

Hy die trettjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, njoggen kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen, fjouwer kear Europeesk kampioen en fjouwer kear Olympyske kampioen. Hy waard ek fiif kear Noarsk allround kampioen.

Hy wist trije titels te winnen op de Winterspullen fan 1936 yn Garmisch-Partenkirchen: opfallend genocht wûn er njonken de 5 kilometer en 10 kilometer ek de 500 meter. Syn earste gouden medalje wûn hy al acht jier earder op de 5 kilometer op de Winterspullen fan 1928. Fierders wûn Ballangrud brûns op de 1500 meter yn 1928 en in sulveren medalje op de 10 kilometer op de Winterspullen fan 1932. Hy soe in favoryt foar in titel ûnder de Spullen fan 1932 yn Lake Placid west ha as de wedstriden op de normale wize tsjin de klok hâlden wiene en net op de Amerikaanske wize mei alle dielnimmers tagelyk op de baan.

Njonken syn fiif offisjele wrâldrekôrs wist er yn in testwedstriid foar de Olympyske Spullen yn 1932 in 10 kilometer ôf te lizzen yn 16.46,4. Dat wie 31 sekonden rapper as it wrâldrekôr op dat stuit. Syn tiid bleau de rapste tiid oer 10 kilometer foar mear as 20 jier oant Hjalmar Andersen de tiid lang om let ferbettere. Ivar Ballangrud ferstoar op 1 juny 1969, yn 'e aldens fan 65 jier.

Persoanlike rekôrs

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 42,7 31 jannewaris 1939 Ivar Ballangrud    Badrutts Park, Sankt Moritz
1000 meter 1.29,3 24 febrewaris 1937 Ivar Ballangrud  Frognerstadion, Oslo
1500 meter 2.14,0 29 jannewaris 1939 Ivar Ballangrud    Eisstadion Davos, Davos
3 km 4.49,6 29 jannewaris 1935 Ivar Ballangrud    Eisstadion Davos, Davos
5 km 8.17,2 18 jannewaris 1936 Ivar Ballangrud  Frognerstadion, Oslo
10 km 17.14,4 6 febrewaris 1938 Ivar Ballangrud    Eisstadion Davos, Davos

Resultaten

jier EK
Allround
WK
Allround
Olympyske
Spullen
1924 6e 5e
1926 Ivar Ballangrud 
1927 Ivar Ballangrud 
1928 4e Ivar Ballangrud  1500 m, Ivar Ballangrud 
5 km, Ivar Ballangrud 
1929 Ivar Ballangrud  Ivar Ballangrud 
1930 Ivar Ballangrud  Ivar Ballangrud 
1931 Ivar Ballangrud 
1932 Ivar Ballangrud  1500 m, 3e yn de heats
5 km, 5e
10 km Ivar Ballangrud 
1933 Ivar Ballangrud  Ivar Ballangrud 
1934 4e Ivar Ballangrud 
1935 Ivar Ballangrud 
1936 Ivar Ballangrud  Ivar Ballangrud  500 m, Ivar Ballangrud 
1500 m, Ivar Ballangrud 
5 km, Ivar Ballangrud 
10 km Ivar Ballangrud 
1938 Ivar Ballangrud  Ivar Ballangrud 
1939 4e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:NO

Tags:

1 juny190419697 maartNoarwegenReedridenTrondheim

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PornografyWyt-RuslânNynke HeegFryskHongarijeYnterprovinsjaal OerlisTurkskLeppelbekLânKolombiaKira EggersSkotlânAlgerijeList fan Frysktalige tydskriftenHelen DuvalFryslân2011María del Carmen CarricartAfrikaanske pappegaaidoPilekaaneftigenRedbadDanyel CheeksBasketbal1925Hellendoorn (gemeente)Katedraal fan CaltagironeGrou (plak)Nasjonaal Park YellowstoneCody BryantSeksuele penetraasjeMiddelseksNicole BexleyKoördinearre WrâldtiidVina SkyStikelbaarchAngelica BellaKening-keizer24 aprilPaulina SeikolaArjen Terpstra2008Wopke de VegtAtene1896MarianetrôchPearsJade MarcelaJoyce OliveiraMicrosoft WindowsHaaienAnouk WipprechtNasjonale feestdeiJeropaInterstellar (film)WylpreagerfûgelsISO 3166AfganistanRottekopEtruskenPierre WoodmanPet (holdeksel)KommunismeOflûken (seksualiteit)American Music AwardUleboerd🡆 More