De Olympyske Winterspullen 1936, ek wol de IVe Olympyske Winterspullen neamd, waarden yn 1936 hâlden yn de Dútske stêd Garmisch-Partenkirchen fan 7 oant en mei 16 febrewaris.
IVe Olympyske Winterspullen | ||||
holden yn | Garmisch-Partenkirchen, Dútslân | |||
jier | 1936 | |||
dielnimmende lannen | 28 | |||
dielnimmende atleten | 646 | |||
eveneminten | 17 yn 4 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 7 febrewaris | |||
slutingsseremoanje | 22 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1932 Lake Placid | |||
folgjende edysje | 1948 Sankt Moritz | |||
|
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Noarwegen | NOR | 7 | 5 | 3 | 15 |
2 | Dútslân | GER | 3 | 3 | 0 | 6 |
3 | Sweden | SWE | 2 | 2 | 3 | 7 |
4 | Finlân | FIN | 1 | 2 | 3 | 6 |
5 | Switserlân | SUI | 1 | 2 | 0 | 3 |
6 | Eastenryk | AUT | 1 | 1 | 2 | 4 |
7 | Grut-Brittanje | GBR | 1 | 1 | 1 | 3 |
8 | Feriene Steaten | USA | 1 | 0 | 3 | 4 |
9 | Kanada | CAN | 0 | 1 | 0 | 1 |
10 | Frankryk | FRA | 0 | 0 | 1 | 1 |
Hongarije | HUN | 0 | 0 | 1 | 1 |
Partenkirchen is ûntstien as de Romeinske stêd Partanum en lei op de hannelsroute fan Feneesje nei Augsburg yn in dal fan it Karwindel ûnderdiel fan de Alpen. Partenkirchen is foar it earst neamd yn it jier AD 15. De haadstrjitte, Ludwigsstrasse, is itselde paad as de eardere Romeinske dyk. Garmisch wurdt pas sa'n 800 jier later foar it earst neamd, as Germaneskau in dútsk distrikt, wat suggerearet dat op in bepaald punt in Dútske stam in delsetting boud hat yn it westlike útein fan de delte. De stêd Garmisch-Partenkirchen is yn 1935 ûntstien, doe't op it befel fan de doetiidske Dútske Rykskânselier Adolf Hitler, de stêden Garmisch en Partenkirchen ta ien stêd en gemeente gearfoege waarden. Oant de dei fan hjoed wurdt dat him kwea ôf nommen. De gearfoeging hie alles te krijen mei de IVe Olympyske Winterspullen dy't yn febrewaris fan 1936 yn dizze stêd holden waarden.
28 lannen diene mei oan de Olympyske Winterspullen yn Garmisch-Partenkirchen
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Olympyske Winterspullen 1936, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.