17 - Kosovo ropt de ûnôfhinklikheid út, en wurdt erkend troch in grut part fan 'e Westerske en islamityske wrâld. Servje wegeret dat te akseptearjen en hâldt deroan fêst dat it gebiet in yntegraal ûnderdiel fan Servje útmakket.
maart
2 - Nei in ynfal fan Kolombiaansketroepen op it grûngebiet fan Ekwador, dy't rjochte wie tsjin 'e guerriljastriders fan 'e FARC, rinne de spannings tusken Kolombia en syn buorlannen heech op. Ekwador en Fenezuëla stjoere troepen nei de Kolombiaanske grinzen.
24 - Yn Bûtan wurde de alderearste ferkiezings holden nei de ynfiering fan in grûnwet en de omfoarming fan it lân fan in absolute monargy nei in demokrasy mei in mearpartijestelsel.
2 - De fulkaan de Chaitén, yn Sily, begjint foar it earst sûnt likernôch 1640 mei in rige útbarstings.
3 - De sykloan Nargis treft de kust fan Birma ekstreem hurd. De stoarm soarget dêr foar mear as 138.000 deaden en rjochtet foar $10 miljard oan skea oan.
23 - De Andeaanske Mienskip en Mercosur geane op yn 'e nije Uny fan Súdamerikaanske Naasjes.
28 - It parlemint fan Nepal stimt mei oerweldigjende mearderheid foar de ôfskaffing fan 'e 240 jier âlde monargy en foar de ynstelling fan in republyk.
30 - Yn 'e IerskehaadstêdDublin wurdt de ynternasjonale Konvinsje oangeande Klustermunysjes oannommen.
juny
11 - Yn Kanada biedt premier Stephen Harper út namme fan it Kanadeeske regear formeel syn ûntskuldigings oan 'e Yndianen oan foar it Kanadeeske Yndiaanske kostskoallesysteem, dat desennia lang lânseigen bern oan 'e soarch fan harren âlden ûntskuorde om op ynternaten grutbrocht te wurden, mei as doel om harren har eigen taal, godstsjinst en kultuer te ûntnimmen.
21 - De tyfoan Fengshen lit op syn trochgong oer de Filipynske Fisaya-eilannen it skip de MS Princess of the Stars sinke, wêrby't mear as 800 opfarrenden ferdrinke.
12 - Yn it ramt fan 'e Russysk-Georgyske Oarloch moat Georgje de striid opjaan nei't de Russen it lân mei help fan 'e Súdosseten en de Abgazen in swiere nederlaach tabrocht hawwe.
18 - As gefolch fan 'e politike krisis yn Pakistan, dy't ûntstien is nei de moard op Benazir Bhutto, moat presidint Pervez Musharraf ôftrede.
26 - Abgaazje en Súd-Osseesje, de facto selsstannige steatsjes dy't har oan it begjin fan 'e jierren '90 losmakke hawwe fan Georgje, wurde formeel troch Ruslân as ûnôfhinklike lannen erkend.
29 - Op 'e Effektebeurs fan New York stoart de Dow Jones-yndeks yn it ramt fan 'e Bankekrisis 777,68 punten omleech (it grutste ferlies ea op ien dei). Dat bart nei de fajisseminten fan 'e Amerikaanskebanken Lehman Brothers en Washington Mutual.
oktober
3 - Yn it ramt fan 'e Bankekrisis ûndertekenet de AmerikaanskepresidintGeorge W. Bush de op 'e nij besjoene Emergency Economic Stabilization Act, wêrmei't it Troubled Asset Relief Program ûntstiet. Dat is in pot fan $700 miljard om wifkjende banken op te keapjen.
oktober
1 - De Bitcoin, de earste digitale kryptofaluta, wurdt yntrodusearre.
27 - It oanhâldende Belis fan de Gaza-stripe troch Israel lokket raketbesjittings fan Israelyske stêden út troch Hamas en oare militante Palestynske groepearrings. Yn reäksje dêrop fiert it Israelyske leger in langduorjende ynvaazje fan 'e Gaza-stripe út.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 2008 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 2008, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.