Nicole Bexley

Nicole Bexley, echte namme ûnbekend (Miami, 21 july 1997), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf.

Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films.

Nicole Bexley
Nicole Bexley persoan yn de seksyndustry
Nicole Bexley
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Nicole Bexley Amerikaansk
berne 21 july 1997
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Nicole Bexley Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20152017
offisjele webside
Nicole Bexley op Twitter

Libben en karriêre

Bexley waard yn 1997 berne yn Miami, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Oer har bertedatum bestiet wat ûndúdlikheid; de measte boarnen (wêrûnder de Internet Movie Database) jouwe 21 july as har jierdei, mar ien oars wol betroubere boarne, de Internet Adult Film Database, wol hawwe dat se op 31 oktober te wrâld kommen is. Yn elts gefal makke Bexley yn 2015, doe't se krekt 18 jier en dêrmei mearderjierrich wurden wie, har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Bexley (anno 2018) yn sa'n 45 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Digital Sin, Digital Playground en West Coast Productions. Fierders hat se ek in protte wurke foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings en Brazzers. Under har karriêre hat Bexley gearwurke mei kollega-aktrises as Skyler Nicole, en mei manlike tsjinspilers as J. Mac, Sean Lawless, Seth Gamble en Charles Dera.

Lichemsskaaimerken

Nicole Bexley is swart, mei brune eagen en swart hier dat troch hierferve of ferbleking yn 'e sinneskyn gauris in wat brune tint hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 32D. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat ek in tongpiercing. As tatoeaazjes hat se in stjer op lofterkant fan hat ûnderbúk en teksten op har lofterearm en de rêchkant fan har lofterskouder.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Nicole Bexley Libben en karriêreNicole Bexley LichemsskaaimerkenNicole Bexley Keppelings om utensNicole Bexley1997201521 julyAfro-AmerikanenFeriene SteatenMiamiNammeNeakenmodelPornoPornofilmPornografysk aktriseWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Py (wiskunde)MassachusettsSeksuele penetraasjeIerlân1200PrêrjewolfGrutte pappegaaidoIngelskJoegoslaavje1971FuotbalSiblingArabyskEksplosyfMadrid21 desimberMoleJoo Min LeeAstronoomRedbadVienna BlackLatyn10 desimberPornoakteurItaaljeKunnilingusHûnTechnykFloaridaIuwJean-Louis TrintignantKya TropicLibrary of CongressMinskeLannen en territoariaLiter2020Feneesje (stêd)SûkerbôleBernemisbrûkSkaai (taksonomy)Pornofilm1970LybjeMenameradiel24 desimberEjakulaasje1955Noard-IerlânLetlânHadrianusList fan Belgyske keunstskilderskuiersportBefallingPriya Price1925ParysGesinKatee OwenNeakenfotografyBruto Ynlânsk ProduktAken13 junyFeriene KeninkrykFeriene Arabyske EmiratenPûn sterling9 maart16 julyTon Baas27 septimberSinne-enerzjyAccra🡆 More