Paulina Seikola

Paulina Seikola, echte namme ûnbekend (yn Ruslân, 7 oktober 1989), is in rêstend Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Russysk-Mongoalsk etnysk komôf.

Hja makke ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Yasmine, Verunka en Irenka, en, yn mindere mjitte, fan Alba, Abigail, Danielka, Sandra, Valeska en Vera. Hja sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2012 beëinige Seikola har karriêre as pornoaktrise.

Paulina Seikola
Paulina Seikola persoan yn de seksyndustry
Paulina Seikola
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Yasmine, Verunka, Irenka,
Alba, Abigail, Danielka,
Sandra, Valeska, Vera
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Paulina Seikola Russysk
berne 7 oktober 1989
berteplak ûnbekend (Ruslân)
etnisiteit Paulina Seikola Russysk
Paulina Seikola Mongoalsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20082012
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Seikola waard yn 1989 earne yn Ruslân berne. Yn 2008, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn in stik as tritich pornofilms, wêrby't se sawol yn 'e Jeropeeske as yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurksum wie. Seikola lei har benammen ta op it sjenre fan 'e lolitapornografy, en gie dêrby ek anale seks en dûbele penetraasjes net út 'e wei.

Yn Jeropa wie se û.m. yn 't spier foar it Nederlânske Video Art Holland, wylst se yn 'e Feriene Steaten wurke foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Digital Sin en Devil's Film. Njonken har aktearwurk posearre Seikola ek ferskate kearen as neakenmodel foar guon neakenblêden. Yn 2012 loek hja har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

Paulina Seikola is fan mingd blank en mongoloïde ras, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Hja hat gjin piercings en likemin tatoeaazjes.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Paulina Seikola Libben en karriêrePaulina Seikola LichemsskaaimerkenPaulina Seikola Keppelings om utensPaulina Seikola1989200820127 oktoberArtystenammeEtnyske groepKomôfMongoalenNammeNeakenmodelPornoPornoaktrisePornofilmPornografysk aktriseRuslânRussenWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

5 junyKeulskHotel95924 julyWurkpaadEgypteFilmKomponist17e iuw1970The WashVentspilsRodeoMinnie BeetsJoy KissEtmelSjonger2010-er jierrenIngelsk600Hot SpaceIkoanKanonHTMLWehr (Eifel)Rogaland15e iuwSisyljeOmkeMilitêrSekshâldingJustin Bieber6 maaieArmeenske kalinderDesimberSint-PetersburchMuseum416 f.Kr.30 augustusPongIsraelMarilyn CrystalUgandaDaisy SummersDe Sambrinco'sAlawitenTiisdeiBo SinnMammoetenSwimmenRomanMeartalichheidskoördinatorEarste WrâldkriichBreslauKlammerkeDesjima1198Keizer31 julyEreksjeSweden22 maartCody BryantMelrose FoxxxAl-Qaida1824Albert Camus162822 junyWolkGeorg Wolfgang thoe Schwartzenberg en HohenlansbergTaksonomy🡆 More