Anita Gyöngy

Anita Gyöngy (Hongaarske útspr.: , likernôch: dzjundzj; yn Hongarije, 30 juny 1974), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gyöngy M., Melissa G.

en Laura. Gyöngy sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Yn 1999 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Anita Gyöngy
Anita Gyöngy persoan yn de seksyndustry
Anita Gyöngy
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Anita, Maria Ceaucinsky,
Gyöngy M., Melissa G., Laura,
Marika
echte namme Anita Gyöngy
nasjonaliteit Anita Gyöngy Hongaarsk
berne 30 juny 1974
berteplak ûnbekend (Hongarije)
etnisiteit Anita Gyöngy Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19951999
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Anita Gyöngy waard yn 1974 earne yn Hongarije berne. Hja waard yn 1995 by in audysje ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, doe't dy yn East-Jeropa op 'e sneup wie nei nij talint. Noch datselde jiers makke se, mei 21 jier, har debút yn ien fan syn pornografyske films.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Gyöngy neitiid yn sân films, dy't foar it meastepart produksjes wiene fan it Sweedske Private-label. Dêrby wurke se gear mei manlike tsjinspilers as Yves Baillat, Richard Langin, Jean-Yves Lecastel, David Perry, Leslie Taylor en Frank Versace.

Gyöngy har bekendste film wie La Dolce Vita Hotel, fan Private. Dêrnjonken spile se ek yn in ôflevering fan 'e rige Private Video Magazine, en har audysjefideo wie sabeare te sjen yn it fjirde diel fan 'e Private Castings X-searje. Fierders wurke Gyöngy ek foar de Dútske studio Multi Media Verlag en foar de Italjaanske labels Rabbit Video en Moonlight Video. Uteinlik loek se har yn 1999 út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

Anita Gyöngy is blank, mei brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as pornoaktrise) in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en tatoeaazjes hat se allikemin.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Anita Gyöngy Libben en karriêreAnita Gyöngy LichemsskaaimerkenAnita Gyöngy Keppelings om utensAnita Gyöngy19741995199930 junyArtystenammeHongaarskHongarijeJeropaNeakenmodelPornoPornoaktrisePornofilmPornografysk aktriseWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DraaioargelNoetseleVanessa SkyTrommeOlstFryskSjongerParysTweintichste iuwDomtsjerke fan CefalùWurkhûsIt BûthúsbankjeAnne fan Grut-BrittanjeJeropeeske Ekonomyske RomteKristendomIngelânJ. MacCherokee d'AssAlyssa MilanoAdrianus Heringa CatsBiblioteek2012HelpGrutte OseaanNederlânskSithFacebookSarah BanksVladimir Pûtin12 septimberSaya SongSietske PoepjesLisa AnnStasjon Deventer Colmschate1675Feriene SteatenMassachusettsVanda VitusOekraynsk26 febrewarisGrutte PierBoeing C-17 Globemaster IIILolita (pornografysk aktrise)Video Art HollandJezabel VessirWurdCottagestylGina GersonFeltenwrotmûs1888NederlânPeriapsisMasturbaasje1564Evil Angel (filmstudio)Reade ibisBalkbrugGalaktysk KeizerrykVanessa PrideMagnetyske noardpoalSpoar fan Mariënberg nei AlmeloHûntsjeshâldingJeropaLos AngelesSnoadfoan1925Harley RaineWestland WyvernWijheFroukje VeenstraPeaskeSandy MilzBaalbekHaadside🡆 More