Lisa Ann

Lisa Ann, echte namme: Lisa Anne Corpora (Easton (Pennsylvania), 9 maaie 1972), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, en radiopresintatrise fan etnysk Italjaansk komôf.

Hja hat ek wurke as pornoregisseur, pornoprodusinte, fisazjiste en ympressario. Yn it ferline hat Lisa Ann wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Zina Sunshine, Leesa en Lee Ann Vision. Se is tige súksesfol en wurdt beskôge as de populêrste pornoaktrise fan 'e wrâld. Sadwaande wurdt se ek wol oantsjutten as de Queen of Porn. Se sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, hold yn 1997 op, mar makke yn 2006 in comeback. Yn 2008 krige se bekendheid by in breder publyk troch har haadrol yn 'e pornofilm Who's Nailin' Paylin?, wêryn't se de doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin parodiëarre. Yn 2014 beëinige Lisa Ann har karriêre as pornoaktrise, mar yn 2018 kearde se op 'e nij werom. Se is ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame, de XRCO Hall of Fame en de Urban X Hall of Fame.

Lisa Ann
Lisa Ann persoan yn de seksyndustry
Lisa Ann
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Zina Sunshine, Leesa, Lee Ann Vision
echte namme Lisa Anne Corpora
nasjonaliteit Lisa Ann Amerikaansk
berne 9 maaie 1972
berteplak Easton (Pennsylvania)
etnisiteit Lisa Ann Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise,
regisseur, filmprodusinte,
ympressario
jierren aktyf 19931997
20062014
2018 – no
offisjele webside
www.thelisaann.com

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Lisa Ann waard op 9 maaie 1972 te Easton, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, berne as Lisa Anne Corpora. Hja is fan Italjaansk etnysk komôf. Lisa Ann groeide op yn har berteplak Easton. Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it basketbalteam fan har skoalle en siet se teffens op 'e skyklub. Yn 1990, doe't se 18 jier wie, sette se útein mei in wurkpaad as stripper om har oplieding ta diplomearre toskedoktersassistinte te bekostjen.

Lisa Ann 
Lisa Ann yn it begjin fan har karriêre as porno-aktrise, yn 'e '90-er jierren.

Karriêre yn 'e pornoyndustry

Iere jierren

Yn july 1993 spile Lisa Ann mei 21 jier foar it earst yn in pornografyske film, Cinesex 2. Se wurke dêrnei fjouwer jier as pornoaktrise, yn 't earstoan noch ûnder artystenammen as Zina Sunshine en Leesa. Yn 1997 liek it der even op dat se AIDS oprûn hie. Lokkigernôch rûn dat mei in skamper ôf, mar se wie der wol sa fan skrokken dat se har pornografyske karriêre deroan joech.

Dûnseresse en eigen modelleburo

Yn 'e jierren dêrop toerde Lisa Ann as feature dancer yn it Amerikaanske stripklubsirkwy, wêrby't se altiten de haadattraksje fan 'e jûn wie. Se dreau yn dy tiid ek fjouwer jier lang in skientmesalon. Yn 2005 kearde se lykwols werom nei de pornoyndustry, diskear as aginte foar oare aktrises, fia it modelleburo L.A. Direct Models, dêr't se fan septimber 2005 oant febrewaris 2006 foar wurke.

Lisa Ann 
Lisa Ann ûnder in synjearsesje op it AVN Expo fan 2011.

Yn novimber 2006 rjochte hja in eigen modelleburo op, earst ûnder de namme Clear Talent Management, mar yn 2007 neamde se it om ta Lisa Ann's Talent Management. Datselde jiers noch gie Lighthouse Talent Agency, it agintskip fan pornoregisseur Seymore Butts, dêryn op. Neffens Lisa Ann wie har motivaasje om in eigen ympressariaat te begjinnen dat pornoaktrises fan boppe de tritich allegeduerigen ôfwiisd waarden troch oare modelleburo's, sels al wie der troch it opkommen fan 'e milfpornografy in groeiende fraach nei harren. It wie sadwaande har bedoeling om sokke aktrises in alternatyf te bieden, om't se oars twongen wiene en fertsjintwurdigje harrensels. Uteinlik waard Lisa Ann's Talent Management yn july 2010 opdoekt.

Comeback en rol as 'Serra Paylin'

Underwilens hie Lisa Ann har comeback as pornoaktrise makke nei't se troch fotografe Suze Randall frege wie om mei te wurkjen oan in pornografyske fotoshoot mei in manlik model. Dat resultearre úteinlik yn 'e film Bra Bustin’ and Deep Thrustin’, dy't útkaam yn febrewaris 2006. Yn 2008 spile Lisa Ann de haadrol fan Serra Paylin yn 'e film Who's Nailin' Paylin?, in produksje fan Hustler Video fan pornomagnaat Larry Flynt. Dy rol wie in parody op Sarah Palin, de Republikeinske kandidate foar it fise-presidintskip fan 'e Feriene Steaten ûnder John McCain by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008. Hustler naam op 'e dei fan it fise-presidinsjeel debat kontakt mei Lisa Ann op om har foar de rol te freegjen. Lisa Ann gie doe daliks foar de tillefyzje sitten om Palin har hâlden en dragen ûnder it debat te observearjen. Dêrnjonken rette se har ek op 'e rol ta troch nei de imitaasje fan Palin te sjen troch komédiënne Tina Fey, yn it tillefyzjeprogramma Saturday Night Live.

Who's Nailin' Paylin? befettet sênes wêryn't Serra Paylin seksuële omgong hat mei aktrises dy't de froulike politisy Hillary Clinton (spile troch Nina Hartley) en Condoleezza Rice (spile troch Jada Fire) parodiëarje, en dêrnjonken mei twa Russyske soldaten. Dat lêste is in ferwizing nei in útspraak fan Palin, dy't doedestiden gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Alaska wie en op in stuit opmurk dat men út Alaska wei (fan it eilân Lyts-Diomedes ôf) by goed waar Ruslân (it Russyske eilân Ratmanov) lizzen sjen kin. In bonussêne mei de titel Obama is Nailin' Paylin, wêryn't Serra Paylin seks hat mei in swarte akteur dy't presidint Barack Obama parodiëarret, waard frijjûn op 'e foarjûn fan ferkiezings; dizze sêne wie beskikber fia de ledewebside fan Hustler en op 'e blu-ray-útjefte fan 'e film, mar stie net op 'e dvd-útjefte.

Lisa Ann 
Lisa Ann as 'Serra Paylin' op 8 jannewaris 2010 op it AVN Expo, te Las Vegas.

Who's Nailin' Paylin? waard útbrocht op 4 novimber 2008, de dei fan 'e presidintsferkiezings, en wie fuortynienen al in grut súkses. Dêrtroch krige Lisa Ann ek foar it earst bekendheid by in breder publyk. Sa waard se útnûge foar in fraachpetear yn it bekende Amerikaanske praatprogramma Entertainment Tonight, dêr't se op 7 novimber te gast wie om 'e film te promoaten. Who's Nailin' Paylin? wie sa populêr, dat Hustler Video noch ferskate ferfolgen makke, mei alle kearen Lisa Ann wer yn 'e titelrol: Letterman's Nailin' Palin (augustus 2009), You're Nailin' Palin (septimber 2009), Hollywood's Nailin' Palin (2010) en Who's Nailin' Palin #2 (2011). Dêrfan is Letterman's Nailin' Palin in ferwizing nei de iepentlike deilisskip fan Sarah Palin en talkshowpresintator David Letterman, wylst Hollywood's Nailin' Palin in wink is nei de realitysearje op 'e Amerikaanske tillefyzje, wêrby't Sarah Palin en har gesin harren de hiele dei troch de kamera folgje lieten. Hustler liet foar Halloween 2009 ek in masker produsearje mei de likenis fan Lisa Ann yn har rol as Serra Paylin, en Lisa Ann gie as Serra Paylin op toernee by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Ek ferskynde Lisa Ann as Serra Paylin yn 'e fideoklip fan it nûmer We Made You, fan 'e ferneamde rapper Eminem, op syn album Relapse. Dat kameoroltsje waard se foar frege op foarspraak fan Joseph Kahn, de regisseur fan 'e klip. Al dy optredens as imitator fan Sarah Palin bliezen Lisa Ann har karriêre as pornoaktrise nij libben yn. Sterker noch, it makke fan har de populêrste pornoaktrise fan 'e wrâld en besoarge har de bynamme Queen of Porn. Yn 2012 hie Lisa Ann neffens de siikmasine Google it 43e plak op in ranglist fan 'e 50 populêrste froulju op it ynternet. Yn april 2013 wie se, neffens de webside Pornhub en de krante de New York Post, noch altyd "de populêrste froulike pornostjer".

Lisa Ann 
Lisa Ann yn 2012.

Regisseur

Op oantrúnjen fan har manlike kollega C.J. Wright makke Lisa Ann yn septimber 2009 har debút as regisseur, mei de ynterrasiale pornofilm Hung XXX, in produksje fan 'e filmstudio Justin Slayer International. Yn augustus 2013 begûn Lisa Ann har eigen studio, Lisa Ann Productions. Dêrfoar tekene se in kontrakt oangeande filmdistribúsje mei de gruttere studio Jules Jordan Video. De earste film dy't Lisa Ann Productions makke, mei Lisa Ann sels as regisseur, wie MILF Revolution, dy't op 5 augustus 2013 útkaam. Dyselde film wûn yn 2014 de AVN Award yn de kategory bêste milfproduksje.

Ophâlden as pornoaktrise en nije comeback

Op 15 desimber 2014 poste Lisa Ann in hânskreaune bekendmakking op har offisjele Facebookside dat se har mei direkte yngong weromloek út 'e pornoyndustry. Koarte tiid letter liet se har boarsten ferlytsje as ûnderdiel fan 'e weromkear nei in normaal bestean. Nettsjinsteande dat hold se oan mei út en troch as webcamgirl in optreden op har webside te jaan.

Neitiid die bliken dat it ôfskie fan 'e pornoyndustry by Lisa Ann ynjûn wie trochdat se in nije karriêre begûn wie op it mêd fan fantasijsport. Yn desimber 2014 makke se buorkundich dat se no aktyf wie yn it Amerikaansk fantasijfuotbal. Tsjin jannewaris 2016 rekke se stadichoan ek behelle yn it fantasijhonkbal. Ein 2014 sette Lisa Ann útein mei de presintaasje fan ferskate radioprogramma's op 'e Amerikaanske satellytradiostjoerder Sirius XM. Moandeitejûns presintearre se mei Adam Ronis Lisa Ann Does Fantasy, en tongersdeitemoarns fersoarge se de presintaasje fan The Morning Men.

Lisa Ann 
Lisa Ann op it AVN Expo fan 2013.

Underwilens wie Lisa Ann ek dwaande mei it skriuwen fan har autobiografy, dy't se op 15 desimber 2015 publisearre ûnder de titel The Life. Yn jannewaris 2018 makke Lisa Ann op har Twitterpagina bekend dat se mei 45 jier fannijs in comeback makke as pornoaktrise en dat se dêrfoar in eksklusyf kontrakt tekene hie mei de filmstudio Evil Angel.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Lisa Ann mids 2019 yn 790 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Evil Angel, Penthouse, VCA Pictures, Digital Playground, Zero Tolerance, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Sin City, Adam & Eve, Hustler Video, Score, Digital Playground, Diabolic Video, Devil's Film, Digital Sin en Red Light District. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films, Gina Lynn Productions, West Coast Productions, Metro, Leisure Time Entertainment, Extreme Associates, Black Ice, Napali Video, Mile High Media, Girlfriends Films en Justin Slayer International. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com. As regisseur hie Lisa Ann anno 2019 58 films makke, û.m. foar Evil Angel, Jules Jordan Video, Justin Slayer International en har eigen studio Lisa Ann Productions.

Op it mêd fan prizen hie Lisa Ann anno 2019 trije kear in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) wûn: ien yn 2009, yn 'e kategory milf/cougar-artyste fan jier, en twa yn 2014, foar meast seksy milf en (as regisseur) foar bêste milfpornografyske film (te witten: MILF Revolution). Dêropta is se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame (yn 2009), de XRCO Hall of Fame (yn 2013) en de Urban X Hall of Fame (yn 2011).

Lisa Ann 
Lisa Ann yn 2010, yn 'e rol fan har personaazje Serra Paylin.

Under har karriêre hat Lisa Ann yn deselde sênes spile mei kollega-aktrises as Ava Addams, Anikka Albrite, Brittany Andrews, Nikki Benz, Carmella Bing, Summer Brielle, Casey Calvert, Sophie Dee, Skin Diamond, Helen Duval, Jada Fire, Shay Fox, Diamond Foxxx, Sasha Grey, Sara Jay, Julia Ann, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Belle Knox, Ava Lauren, Francesca Le, Lovette, Kendra Lust, Gina Lynn, Krissy Lynn, Romi Rain, Rachel Starr, Jada Stevens, Shyla Stylez, Puma Swede, Juelz Ventura, Sienna West en Jennifer White. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Mick Blue, T.T. Boy, Tom Byron, Danny D, Mark Davis, James Deen, Jon Dough, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Billy Glide, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, Mandingo, Mr. Marcus, Sean Michaels, Ramon Nomar, David Perry, Mr. Pete, Toni Ribas, Johnny Sins, Lexington Steele, Michael Stefano, Criss Strokes, Tony Tedeschi, Nacho Vidal, Mark Wood en Prince Yahshua.

Oare aktiviteiten

Lisa Ann werpt har al sûnt 2005 op as mentor foar jongere pornoaktrises. Sa lei se yn augustus 2014 fia harren mienskiplike ympressariaat kontakt mei Belle Knox, dy't doe mei 19 jier al grutte populariteit genoat. Yn in fraachpetear lei se út dat se wist wat Knox trochmakke, mei't se sels yn 2008 mei Who's Nailin' Paylin? itselde belibbe hie. "Ik begryp dat it tige iensum wêze kin om in nije aktrise yn 'e pornoyndustry te wêzen. [...] Se reizget no al om as feature dancer, hat al miljoenen mooglikheden, en ik leau, as dat mysels oerkommen wie, as 'Paylin' my oerkommen wie doe't ik njoggentjin jier wie, dan wit ik net hoe't ik my rêden hie," sei Lisa Ann. Dêrom begelate se Belle Knox troch geregeldwei mei har te skiljen, sms-en of skypen, en dêrby dingen te bepraten en Knox advizen te jaan. Yn desimber 2014 begûn Lisa Ann op dit mêd in formeel advysburo, mei as namme Porn Stars Boot Camp.

Lisa Ann 
Lisa Ann yn 2011, jitris as Serra Paylin.

Lisa Ann hat ek kampanje fierd om ynterrasiale pornografy te destigmatisearjen troch har te oppenearjen oer de behanneling fan Afro-Amerikaanske akteurs yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en it gebrek oan wurk dêr't se mei te krijen hawwe. Fierders wol hja help om 'e pornoyndustry om te foarmjen ta in reguliere arbeidssektor, mei pinsjoenen, syktekostefersekerings en karriêrebegelieding.

Yn desimber 2009 waard bekendmakke dat Lisa Ann in kontrakt tekene hie om wurdfierster te wurden foar it produkt RealTouch, in meganisearre teledildoanyske keunstfagina produsearre troch AEBN. Yn 2011 liet se fierders har mûle, fagina en anus fan lateks neimeitsje as seksboartersguod fan Fleshlight.

Yn maart 2010 ferskynde Lisa Ann mei û.o. kollega's as Julie Meadows, Kaylani Lei, Alektra Blue en Ron Jeremy yn in ideële ynternetfideoboadskip fan 'e Free Speech Coalition tsjin ynternetpiraterij fan pornografysk materiaal.

Yn 'e mande mei har kollega's Nikki Benz en Sean Michaels presintearre Lisa Ann yn april 2010 de útrikkingsseremoanje fan 'e XRCO Awards.

Lisa Ann wie te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer My Swag fan Bugsi mei meiwurking 2k The Murderman, út 2011.

Yn 2013 presintearre Lisa Ann op 'e Amerikaanske radiostjoerder Playboy Radio in skoft it programma Strippertown.

Lisa Ann wie as stimaktrise belutsen by it fideospultsje Grand Theft Auto V, dat útkaam yn septimber 2013. Hja liende dêrfoar har stim on it personaazje "prostituee #2".

Lisa Ann wie ien fan sechstjin pornoaktrises dy't yn 2013 filme waarden foar de dokumintêre Aroused.

Lisa Ann 
Lisa Ann posearret mei in fan yn 2009.

Yn augustus 2013 wie Lisa Ann te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Dead Bite fan 'e Hollywood Undead.

Yn 2019 hiene Lisa Ann en har pornokollega's Rayveness en Cory Chase rollen as mainstream-aktrises yn 'e ôflevering Infinite Game fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje Billions (seizoen 4, ôflevering 7), dy't útstjoerd waard op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Showtime.

Priveelibben

Wenplak

Lisa Ann hat teminsten fyftjin jier lang yn it Kalifornyske Huntington Beach wenne, in foarstêd fan Los Angeles oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. Dêrnjonken hat se ek in jier yn Boca Raton wenne, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn oktober 2015 besiet se twa apparteminten: ien yn Los Angeles en in twaddenien yn 'e New Yorkske wyk Manhattan.

Lisa Ann 
Lisa Ann by de útrikking fan 'e AVN Awards yn 2010.

Hobbys

Yn fraachpetearen hat Lisa Ann oanjûn dat se in grut fan fan sport is, benammen fan basketbal en Amerikaansk fuotbal. Yn 't bysûnder is se in fan fan it basketbalteam de Los Angeles Lakers út Los Angeles en fan it Amerikaansk fuotbalteam de Dallas Cowboys út Dallas. Nei eigen sizzen soe se, as se net yn 'e pornoyndustry bedarre wie, nei alle gedachten in sportagint of sportsjoernalist wurden wêze.

Relaasjes

Yn 2000, doe't se 28 jier wie, troude Lisa Ann mei in útsmiter, mar dat houlik einige inkele jierren letter yn in skieding.

Yn novimber 2009 fertelde se oan 'e webside TMZ dat se in relaasje krigen hie mei Rob, de jongere broer fan realitytillefyzjestjer Kim Kardashian, nei't se mei dyselde yn in sportskoalle yn 'e kunde kommen wie. It tydskrift Us Weekly wist in boarne deunby de Kardashians te finen dy't oer dat ûnderwerp prate woe. Dy befêstige dat Rob Kardashian en Lisa Ann mei inoar yn 'e kunde kommen wiene yn in sportskoalle, mar ûntstried dat der sprake wie fan in relaasje.

Lisa Ann 
Lisa Ann op 'e útrikking fan 'e AVN Awards yn 2013.

Fanwegen har belangstelling foar sport en har wurk as sportferslachjouster foar it radiostasjon Sirius XM wennet Lisa Ann in soad wedstriden by. Dat hat laat ta ynteraksje, soms publyklik, mei sporters. Yn oktober 2014 waard der spekulearre oer in mooglike relaasje doe't Lisa Ann (42) mei de doe achttjinjierrige Amerikaansk fuotbalspiler Justin Brent yn Madison Square Garden, yn New York, by in Amerikaansk fuotbalwedstryd sjoen waard. Neitiid waarden inkele persoanlike foto's fan harren beiden tegearre op bêd frijjûn fia it ynternet. Yn novimber 2014 lies Lisa Ann op har Twitterpagina iishockeyspiler Michael Del Zotto it leksum nei't er har oanhâldend lestich fallen hie om in ôfspraakje te krijen.

Yn in fraachpetear dat se yn febrewaris 2014 joech oan it tydskrift GQ, stelde Lisa Ann dat sy nei jonge sporters fan 18 oant 20 jier sjocht sa't in protte manlju yn harren middeljierren nei jonge modellen yn linzjery fan Victoria's Secret sjogge. Wat har yn dy jonges oanloek, sei se, wie dat se noch sa nayf en opwûn binne en noch net bedoarn binne troch negativiteit. Op 'e fraach mei hoefolle sporters oft se op bêd west hie, antwurde Lisa Ann: "Yn myn libben yn 'e [porno]yndustry de ôfrûne tweintich of sokssawat jier? In soad. Hûnderten." Yn itselde ynterview joech se ek oan dat se it leafst omgiet en seks hat mei spilers fan 'e basketbalkompetysje NBA. Se stelde dat se besocht om net mei ferskate spilers fan ien team te sliepen om 'e teamdynamyk net yn gefaar te bringen, mar joech ta dat it dochs ta ferfelende sitewaasjes liede koe as spilers mei wa't se in relaasje of onenightstand hân hie troch in transfer yn it team bedarren dêr't al in oare eks fan har spile.

Politike foarkar

Lisa Ann is net lid fan in politike partij en seit dat se harsels ek net mei ien fan 'e beide grutte Amerikaanske politike partijen (de Demokraten en de Republikeinen) identifisearret. Yn oktober 2008 liet se witte dat se by de presidintsferkiezings fan dat jier op 'e Demokratyske kandidaat Barack Obama stimme soe, en dat se yn 'e Demokratyske foarferkiezings in oanhingster fan Hillary Clinton west hie. By de presidintsferkiezings fan 2012 stipe se Obama op 'e nij. Lisa Ann hat fierders te kennen jûn dat se it rjocht op wapenbesit stipet.

Lichemsskaaimerken

Lisa Ann is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 51 kg, en cupmaat 38DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hie. Nei har twadde comeback, yn 2018, wie dúdlik dat se ûnderwilens har boarsten in stik ferlytsje litten hie. Der wurdt gauris sein dat Lisa Ann ek stútymplantaten sette litten hat, mar dat is net sa. Se hat gjin tatoeaazjes, mar op it mêd fan piercings hat se njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen sûnt 2006 wol in nâlpiercing.

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2006 CAVR Award wûn comeback-artyste fan it jier n.f.t.
2007 Adam Film World Guide Award wûn comeback fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn bêste comeback n.f.t.
2009 AVN Award wûn milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
AEBN VOD Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste aktrise Who's Nailin' Paylin?
Exotic Dancer Award wûn pornoaktrise fan it jier n.f.t.
FAME Award wûn leaflingsmilf n.f.t.
XFANZ Award wûn milf fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Massive Facials 2
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Alexis Ford, Monique Alexander,
Andy San Dimas, Celeste Star en Teagan Presley)
Femme Core
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
AEBN VOD Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
Urban X Award wûn bêste milf-artyste n.f.t.
ynhuldige Urban X Hall of Fame n.f.t.
Xbiz Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste milf-artyste (publykspriis) n.f.t.
wûn bêste yndividuële webside (foar TheLisaAnn.com) (publykspriis) n.f.t.
Urban X Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Lisa Ann: Fantasy Girl
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn sosjale-mediastjer n.f.t.
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
nominearre milf fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Jules Jordan) Deep Anal Drilling 4
nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Lisa Ann: Can't Say No
wûn bêste milf-produksje (as regisseur) MILF Revolution
wûn meast seksy milf n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste cougar/milf-artyste (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Presley Hart, Holly Michaels,
Maddy O'Reilly en Kristina Rose)
Lisa Ann's School of Milf
nominearre bêste groepsekssêne (mei Veruca James, Mark Anthony, Jason Brown,
Jon Jon, Wesley Pipes en Nat Turnher)
Black Out 2: Jailed 'n Nailed
2016 Xbiz Award wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.

Trivia

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Lisa Ann Libben en karriêreLisa Ann LichemsskaaimerkenLisa Ann Prizen en nominaasjesLisa Ann TriviaLisa Ann Keppelings om utensLisa Ann19721993199720062008201420189 maaieAVN AwardComebackEaston (Pennsylvania)EtnyskFeriene SteatenFerlineFisazjistFise-presidintHaadrolItaljanenKomôfNammeNeakenmodelParodyPennsylvaniaPornoPornoaktrisePornofilmPornografysk aktrisePornoyndustryPublykRadioRegisseurRepublikeinske PartijSarah PalinSkûlnammeStripperUrban X AwardWho's Nailin' Paylin?WurkpaadXRCO AwardYmpressario

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lev TolstojIngelskFjilddowen fan de Âlde WrâldKeppelingStacie LaneTuistoSeptember ReignRia RodrigezWillem WestraBlaudokeDouwe AlgraHaïtyFiktoaria fan it Feriene KeninkrykJohannes HoornbeeckIerdeWaaierdoMoslimBibliobusFarusslachKollumersweach2017DenemarkMarrit van der WalKatedraal fan CataniaWesterlauwerske FriezenTehmeena AfzalSkiftThe New York TimesGeert GratamaMyanmarAgnostisismeCassidy BanksCharley AtwellJeropaTennisDomtsjerke fan SienaFrijaSydneySimmertiidBelgjeNoelle EastonSkriuwerAletta JacobsMichael JordanKasinoWurdAlaskaSpartakusMilfpornografyShalina DevineFerdjippingSineeskNikki AndersonFingerjenSlowaakskJohan van SeijstTsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenMariûpolGaya PatalEjakulaasjeSophie HilbrandScatlers kroandoFranke SloothaakRocco SiffrediYndo-Jeropeeske talen🡆 More