Massachusetts

Massachusetts is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika.

Commonwealth of Massachusetts
Vlag van Massachusetts Zegel van Massachusetts
Massachusetts
Ofkoarting MA
Haadstêd Boston
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 27.360
Befolking 6.416.505
Oare ynformaasje
Tatreden 6 febrewaris 1788
Oantal countys 14

De haadstêd is Boston. De namme Massachusetts soe ôfkomstich wêze fan it Yndiaanske Massa-dchu-es-at, dat "grutte heuvel, lyts plakje" betsjut.

Skiednis

Yn 1620 stiften de Pilgrim Fathers, dy't mei de Mayflower de oertocht makken nei Amearika, in koloanje, de Plymouth Colony, wêr't tsjintwurdich Plymouth leit. Al gau soenen de Puriteinen de Massachusetts Bay Colony stifte.

Massachusetts 
Mayflower yn Plymouth Harbor fan William Halsall (1882)
Massachusetts 
Mount Greylock

Massachusetts wie ien fan de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin it Britsk bewâld. Op 5 maart 1770 fûn by Boston in moarderij plak, doe't Britske troepen op protestearjende boargers skeaten. Op 9 febrewaris 1775 wie it Britske parlemint fan betinken dat de koloanje rebellearre en stjoerde ekstra troepen. Op 19 april 1775 begûn de Amerikaanske ûnôfhinklikheidsoarloch mei skermutseljen yn Leksington en Konkord. Op 6 febrewaris 1788 ratifisearre Massachusetts de nije grûnwet fan de Feriene Steaten en waard de 6e steat.

Op 15 maart 1820 waard Maine, dat oant dan in diel fan Massachusetts wie, in selsstannige steat.


Geografy

Massachusetts is 27.360 km² grut en heart by de wat lytsere steaten fan Amearika. It heechste punt is Mount Greylock (1063 meter). Yn de steat lizze in soad grutte en lytse marren. De wichtichste rivier is de Konettikut.

Massachusetts, dat oan de Atlantyske Oseaan leit, bestiet út in skiereilân Cape Cod en de eilannen Martha's Vineyard en Nantucket. Yn it noarden grinzet it oan de steaten Nij Hampshire en Fermont, yn it westen oan New York en yn it suden oan Konettikut en Rhode Island.

De wichtichste stêden binne de haadstêd Boston, Springfield, Worsjester en Lowell. Massachusetts heart ta de Eastern-tiidsône.

Nijsgjirrichheden

Yn Massachusetts lizze in soad ferneamde ûnderwiisynstellings, lykas de Harvard-universiteit en it Massachusetts Institute of Technology (MIT).

Troch in útspraak fan it Heech Gerjochtshof yn Massachusetts meie homoseksuelen yn Massachusetts sûnt 17 maaie 2004 mei inoar trouwe. Oant no ta is it dêrmei de ienige steat yn de Feriene Steaten wêr't dat mei.

Keppeling om utens

 
             Feriene Steaten
Massachusetts 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia

Tags:

Massachusetts SkiednisMassachusetts GeografyMassachusetts NijsgjirrichhedenMassachusetts Keppeling om utensMassachusettsBostonFeriene Steaten fan Amearika

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Feriene Arabyske EmiratenOerflakMediaWikiWebsteeBefallingVictoria CakesKontraktMinsklike seksuele aktiviteitItaaljeAndamanenpappegaaidoFilmprodusintPornoakteurMaya BijouDedemsvaartMichelle TuckerJonkheidTouGreefskip Bentheim (Landkreis)Abbey Brooks5 jannewarisAneHeldEksplosyfOrganisearre misdieNoard-IerlânHarmony WonderKrêftSophie HilbrandMaart29 desimber24 novimberGoud66 f.Kr.ArgentynjeDaphne RosenNijverdal1200NatuerkundeGeografyNeolitikumAnneke DoumaTiranaAld SelskipPornografyMiddellânske SeeFrysktalige WikipedyGroubekpappegaaido19 aprilHans Vredeman de Vries29 maartTongeISBNCJ MilesKirgyzjeMaasSkaai (taksonomy)TelefoanFleanboatMount RushmoreEarste Wrâldkriich6 augustusBachelortitelIstanbûlHaadsideSûmbapappegaaido1904Grutte-boarstesjenre🡆 More