Heinrich Himmler

Heinrich Luitpold Himmler (München, 7 oktober 1900 – Lüneboarch, 23 maaie 1945) wie in Dútsk nasjonaal-sosjalistysk politikus.

Hy wurdt ferantwurdlik hâlden foar de Holocaust. Hy wie lieder fan de Schutzstaffel (SS).

Heinrich Himmler
Heinrich Himmler

Iere libben

Neffens de heit fan Heinrich Himmler komt de famylje út Switserlân. Yn Bazel is der in hûs dat it "Himmlerhûs" neamd wurdt. Heinrich Himmler waard berne op 7 oktober 1900 as twadde bern út in goede húshâlding yn München. De húshâlding Himmler hie goede kontakten mei it Beierske keninklik hûs.

Yn syn jonge jierren hie Heinrich slim lijen fan syn minne sûnens. Dat besocht er te kompensearjen mei de stúdzje. Hy helle it diploma fan it gymnasium dêr't er ek al niget hie oan skiednis, taal en religy. Wilens de lêste wiken dat er op it gymnasium siet sette de Earste Wrâldkriich út ein. Hy woe graach fjochtsje foar de Dútske marine mar hy waard wegere omdat syn eagen sa min wienen. By de lânmacht koed er yn 'e maitiid fan 1914 begjinne mei de offisiersoplieding, dy't er yn 1918 dien makke hie, doe't de kriich al oer wie. Himmler hat sels net fochten oan it front yn de Earst Wrâldkriich lykas Adolf Hitler, Rudolf Hess en Hermann Göring. Fan 1919 oant en mei 1923 wie Himmler by de Bayerischen Volkspartei (BVP). Op 2 augustus 1923 waard er lid fan de NSDAP en die mei oan de mislearre Hitler-Putsch.

NSDAP en Reichsführer-SS

    1925: Rykswurdfierder fan de NSDAP
    1925: Lieder fan de NSDAP-Partijpropaganda foar Niederbayern
    1925: Siktaris fan de Gauleitung Niederbayern
    1926: Gaugeschäftsführer en stellvertretender Gauleiter foar Niederbayern-Oberpfalz
    1926: Stellvertretener Gauleiter foar Oberbayern-Schwaben
    1926: Gau-SS-Führer Niederbayern
    1926: Plakferfangend Rykspropagandalieder
    1927: Plakferfangend Reichsführer-SS
    1927: Lid fan de Stabes der Obersten SA-Führung
    1929: Beneaming Reichsführer-SS
    1933: Earste konsintraasjekamp Dachau
    1934: Haad fan Gestapo

Flecht

Yn 'e maitiid fan 1945 wie Himmler wis fan it ferlies fan Nazi-Dútslân, hy besocht út Lübeck wei kontakt op te nimmen mei Greve Folke Bernadotte yn Sweden dêr't er mei besocht te ûnderhanneljen oer in Dútske oerjefte. Hy besocht ek te ûnderhanneljen mei leden fan it Joadsk Wrâldkongres. Himmler hie de hope dat de Amearikanen en Britten de Wehrmacht wol brûke woenen om tsjin de Russen te fjochtsjen. Doe't Adolf Hitler oan 'e weet kaam dat er mei fredesûnderhannelings út ein sette, neamde er Himmler in ferrieder en naam him alle funksjes en titels ôf.

De ûnderhannelings mei Greve Bernadotte en it Joadsk Wrâldkongres mislearren, en Himmler koe net mear werom nei Berlyn. Hy teach nei Flensboarch dêr't admiraal Karl Dönitz it befel hie oer alle Dútske striidkrêften yn West-Jeropa. Dönitz stjoerde Himmler fuort omdat der gjin plak mear foar him wie yn it nije Dútske parlemint.

Hy strúnde in deimannich om by de Deenske grins, mar gie op 'e flecht nei Beieren. Hy hie in sersjant-majoar unifoarm fan de geheime militêre plysje en neamde himsels Heinrich Hitzinger. Hy hie falske dokuminten by him, mar dêr hienen de Britten erchtinken op. Hy waard arrestearre troch in Britske lânmacht ienheid. By eintsjebeslút die Himmler himsels tekoart yn Lüneboarch. Wêr't er te hôf brocht is, is net bekend.

Sjoch ek

Tags:

Heinrich Himmler Iere libbenHeinrich Himmler NSDAP en Reichsführer-SSHeinrich Himmler FlechtHeinrich Himmler Sjoch ekHeinrich Himmler1900194523 maaie7 oktoberHolocaustMünchenSchutzstaffel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2 aprilFreed1989Kûl Sjarif-moskee1952BoksenPalermoTechnologyHenk van der VeerMir (romtestasjon)List fan planetoïden 77001-78000FerstoarMoskouMediaWikiFerkundigingskatedraal (Kazan)Dominion NijfûnlânBestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)May ThaiKosovo-oarlochTuberkuloaze1827Alexander Graham BellNeakenensClara TrinitySlotYonkers (New York)Sicario (film út 2015)Hybride (biology)KroaasjeIslamityske SteatEarymarHilligeTwadde WrâldkriichPriya PriceLift (hefmeganisme)1949AC/DCPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)Spoar fan Grins nei EemshavenSean Lawless2011Wim KanTomas fan AkwinoDôve NettelISO 3166IrakRomeinenCreative CommonsAudree JaymesTurkmenistanHenny Tuinhout-de LeeuwFeriene KeninkrykKatee OwenKraj Kamtsjatka16e iuwImerkes (fûgel)HelpNoardatlantyske FerdrachsorganisaasjeKneppelfreedWikipedyRuslânNHL Stenden HogeschoolAppingedamIvan IV fan Ruslân12008 septimberLeafdeMeksikoRoarikKanonike evangeeljesWite BrânnettelArtefakt (archeology)🡆 More