1957 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1957. )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren.
Foarfallen
1 jannewaris - It Protektoraat Saarlân hâldt op te bestean. It gebiet wurdt feriene mei West-Dútslân en giet fierder as de Dútske dielsteat Saarlân . 6 maart - Gana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk . 8 maart - De lêste Israelyske troepen lûke har ûnder swiere Amerikaanske druk werom út Egypte . Dêrmei komt in ein oan 'e Suëzoarloch . 25 maart - Mei it Ferdrach fan Rome rjochtsje de Benelúks -lannen, West-Dútslân , Frankryk en Itaalje de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip op, in foarrinner fan 'e Jeropeeske Uny . 29 maart - Aartsbiskop Makarios III, de lieder fan 'e ûnôfhinklikensbeweging yn 'e Britske koloanje Syprus, wurdt frijlitten út 'e Seysjellen , dêr't er troch de koloniale autoriteiten hinne ferballe wie. 27 juny - De orkaan Audrey makket it plak Cameron, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana , mei de grûn lyk. Der falle likernôch 400 deaden. 9 july - De Steaten fan Fryslân lizze offisjeel it wapen en de flagge fan Fryslân fêst. 10 augustus - It Bûn fan Fryske Fûgelwachten organisearret yn Winsum it earste Frysk Kampioenskip Fierljeppen . Kampioen wurdt R. Jongema dy't 10,20 meter springt. 31 augustus - Maleizje wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk . 3 septimber - By de talitting fan njoggen swarte learlingen op in earder blanke legere skoalle yn Little Rock, yn 'e Amerikaanske steat Arkansas , wol gûverneur Orval Faubus de Nasjonale Garde ynsette om 'e "oarder te hanthavenjen" (d.w.s. om 'e swarte bern de tagong ta de skoalle te ûntsizzen). Pas nei't de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower federale troepen stjoert en de Nasjonale Garde yn Arkansas ûnder befel fan it Amerikaanske Leger pleatst, bynt de gûverneur yn en kinne de bern nei skoalle. 4 oktober - De Sovjet-Uny bringt de Spûtnik 1, de earste keunstmjittige satellyt , yn in baan om 'e Ierde , en lokket dêrmei de Romtewedrin mei de Feriene Steaten út. 1 novimber - Yn Nederlân wurde de maksimumsnelheid fan 50 kilometer de oere yn 'e beboude kom wurdt ynfierd. 3 novimber - De Sovjet-Uny bringt de Spûtnik 2 yn in baan om 'e Ierde , mei oan board de earste romtefarder : it hûntsje Laika . Berne
Ferstoarn
8 - Othmar Schoeck, Switsersk komponist en dirigint (* 1886 ) 11 - Richard E. Byrd , Amerikaansk ûntdekkingsreizger (* 1888 ) 13 - Rommert Casimir , Frysk opfiedkundige en ûnderwiisfernijer (* 1877 ) 27 - Ferdinand Porsche, Eastenryksk autobouwer, oprjochter fan Porsche (* 1875 ) 2 - Joseph McCarthy, Amerikaansk politikus (* 1908 ) 8 - Jan Sluijters , Nederlânsk keunstskilder (* 1881 ) 12 - Guillermo Saavedra, Sileensk fuotballer (* 1903 ) 19 - Otto van Rees, Nederlânsk keunstskilder (* 1884 ) 13 - Irving Baxter, Amerikaansk atleet (* 1876 ) 24 - František Kupka, Tsjechysk-Frânsk skilder (* 1871 ) 26 - Malcolm Lowry, Ingelsk skriuwer (* 1909 ) 14 - Bill Whitehouse, Britsk autokoereur (* 1909 ) 15 - James M. Cox, Amerikaansk politikus (* 1870 ) 15 - Marie van Zeggelen, Nederlânsk skriuwster (* 1870 ) 31 - Sem Dresden, Nederlânsk komponist en muzykpedagooch (* 1881 ) 7 - Oliver Hardy, Amerikaansk akteur en komyk (* 1892 ) 16 - Irving Langmuir, Amerikaansk natuer- en skiedkundige en Nobelpriiswinner (* 1881 ) 7 - Jan Lutz, Nederlânsk yllustrator (* 1888 ) 17 - Jan Eisenloeffel, Nederlânsk keunstner (* 1876 ) 20 - Jean Sibelius , Finsk komponist (* 1865 ) 21 - kening Haakon VII fan Noarwegen (* 1872 ) 22 - Bok de Korver, Nederlânsk fuotballer (* 1883 ) 24 - Christian Dior, Frânsk moade-ûntwerper (* 1905 ) 25 - Mary Beekman, Nederlânsk aktrise (* 1884 ) 25 - Lord Dunsany, Iersk skriuwer (* 1878 ) 26 - Nikos Kazantzakis, Gryksk skriuwer (* 1883 ) 27 - Herman Amelink, Nederlânsk fakbûnslieder en politikus (* 1881 ) 29 - Louis B. Mayer, Amerikaansk filmprodusint (* 1882 ) 17 - J.G.A. Koenders, Surinaamsk ûnderwizer en skriuwer (* 1886 ) 24 - Diego Rivera, Meksikaansk skilder (* 1886 ) 30 - Beniamino Gigli, Italjaansk operasjonger (* 1890 ) Literatuer
Films
Muzyk
Jailhouse Rock Andy Williams, Butterfly Billy Ward & The Dominos, Stardust Buddy Holly, Everyday Buddy Holly, I'm Looking for Someone to Love Buddy Holly, Oh Boy Buddy Holly, Peggy Sue Buddy Holly, That'll Be the Day Buddy Holly, Words of Love Caterina Valente, Tipitipitipso Chuck Berry, Rock-'n-Roll Music Corry Brokken, Net Als Toen Danny & The Juniors, At the Hop Eddy Fisher, Cindy, Oh Cindy Elvis Presley , All Shook Up Elvis Presley, Jailhouse Rock Elvis Presley, Teddy Bear Fats Domino, Blueberry Hill Fats Domino, I'm Walking Frankie Lymon, Goody, Goody Harry Belafonte , Island in the Sun Harry Belafonte, The Banana Boat Song Herman Emmink, "Tulpen uit Amsterdam" Jerry Lee Lewis , Great Balls of Fire Jim Reeves, Four Walls Johnnie Ray, Yes Tonight, Josephine Joop de Knegt, Ik Sta op Wacht De Trekvogels, Achter Tralies Limburgse Zusjes, De Boerinnekes Dans Little Richard, Good Golly Miss Molly Margot Eskens, Cindy, Oh Cindy Pat Boone, April Love Pat Boone, Begin the Beguine Pat Boone, Bernadine Pat Boone, Love Letters in the Sand Paul Anka, Diana Paul Anka, I Love You, Baby Perry Como, Catch a Falling Star Petula Clark, Alone Rijk de Gooyer en John Kraaijkamp sr. , Ik Ben Zo Blij De Selvera's, De Postkoets Sonny James, Young Love Tab Hunter, Young Love The Butterflies, Kaik, Kaik, de Gait van Piet The Everly Brothers, Bye Bye Love The Everly Brothers, Wake Up, Little Susie The Platters, Only You Dorus , Twee Motten Willy Alberti, Tani Zwarte Riek, De Appeltaart
Boarnen, noaten en referinsjes Boarnen, noaten en/as referinsjes: Wiki Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1957 fan Wiki Commons .
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1957 , which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0") ; additional terms may apply (view authors ). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0 , at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.