Karin De Groot

Karin de Groot (Ryswyk, 27 maart 1963) is in Nederlânsk presintatrise en programmamakster, dy't sawol foar de tillefyzje as de radio wurke hat.

Hja waard oarspronklik bekend troch har presintaasje fan 'e natoerkwis Ja, Natuurlijk. Letter wie De Groot it gesicht fan û.m. Spoorloos, AVRO's Service Salon en Ontbijt TV.

Karin de Groot
Karin De Groot tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Karin De Groot
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karin de Groot
nasjonaliteit Karin De Groot Nederlânsk
berne 27 maart 1963
berteplak Ryswyk (Súd-Hollân)
etnisiteit Karin De Groot Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise
medium tillefyzje, radio
wurksum by NCRV, KRO, AVRO
bekend fan Ja, Natuurlijk
Spoorloos
jierren aktyf ±1985 – no
offisjele webside
www.karindegroot.tv

Libben en karriêre

De Groot waard yn 1963 berne yn Ryswyk, ûnder de reek fan De Haach. Se folge in oplieding yn 'e sjoernalistyk oant 'e Akademy foar de Sjoernalistyk yn Tilburch, dêr't se lid wie fan it T.S.C. Sint Olof, in studinteferiening foar lju út 'e hegere sosjale fermiddens. Nei har stúdzje kaam se yn 'e tachtiger jierren yn 'e tsjinst fan 'e NCRV, en waard se al rillegau bekend as opfolchster fan Jan-Just Bos yn 'e funksje fan presintator fan 'e natoerkwis Ja, Natuurlijk.

Behalven foar de tillefyzje wurke De Groot ek foar de radio, dêr't se û.m. de programma's Dolce Vita en Cappuccino presintearre. Yn 1995 stapte se oer fan 'e NCRV nei de KRO, en naam se de presintaasje fan û.m. it programma Spoorloos op har, wêryn't sy en har tiim minsken wer yn kontakt brochten mei famyljeleden of freonen dy't se út it each ferlern hiene. Teffens wie De Groot ien fan 'e presintators fan it moarnsprogramma Ontbijt TV, en letter presintearre se foar de AVRO it programma AVRO's Service Salon.

Fan 2014 ôf is De Groot wurksum foar de fúzje-omrop KRO-NCRV. Yn 2011 die se mei oan it alfde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma Wie Is de Mol?, wêrby't se yn 'e tsiende ôflevering ôffoel. Yn 2016 kearde se yn dat programma werom yn 'e rol fan kandidatebegeliedster, wêrby't se Jan Peter Pellemans opfolge. Njonken har wurk as presintatrise en programmamakster is De Groot ek de skriuwster fan twa romans: Geheime Visite en Schaduwwaarheid, dy't se beide útbrocht by útjouwerij Nieuw Amsterdam. De Groot is troud en hat trije bern.

Wurk

  • 2008 – Geheime Visite (roman)
  • 2011 – Schaduwwaarheid (roman)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.

Tags:

Karin De Groot Libben en karriêreKarin De Groot WurkKarin De Groot Keppelings om utensKarin De Groot196327 maartKwisNatoerNederlânPresintatriseProgrammamaksterRadioTillefyzje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KommunismeRottekopMaría del Carmen CarricartDuëtSlavyske talenRaffarinadeYndoneezjeVictoria GivensVienna BlackKatedraal fan TorcelloNederlânske gemeenteLânNaughty AmericaKoördinearre WrâldtiidErflikheidslearProvinsjes fan NederlânDútslânBluesKrisjnaAkkrumDomtsjerke fan SienaYnternet5 jannewarisAfganistanInes RidereRae Lil BlackIerdeMinsklike seksuele aktiviteitAleksander Pûsjkin1576NederlânSeksuele penetraasjeTeksasMenno BandstraNon-profitNeakenfotografyAcademy of Country Music Award1868Lexi DiamondAmerican Music AwardHelen DuvalSean LawlessAldskouTwadde WrâldkriichPausNational Basketball AssociationHaadsideKatedraal fan CataniaAdolf HitlerKatedraal fan NapelsMoanne (tiid)Billy GlideLetskFryske gemeentenMilitêr transportfleantúchTyne6 novimberHelpAVN AwardArtefakt (archeology)LibbenSûpengrottenbrij1859Danyel CheeksMoskouMickey MouseWilhelmus🡆 More