Duët

In duët is in muzikale komposysje of in muzykstik foar twa persoanen.

Duët
It Duët, fan Hendrik ter Brugghen.

Histoaryske betsjutting

Yn 'e Renêssânse waard mei in duët spesifyk in muzykstik oantsjut dat bedoeld wie as oefening, en dat dêrta troch in learaar en in learling tegearre spile wurde koe.

Yn 'e klassike muzyk

Yn 'e klassike muzyk wurdt de term 'duët' benammen brûkt foar in komposysje foar twa sjongers of foar twa pianisten dy't tegearre op deselde piano spylje, wylst foar alle oare sitewaasjes (wêrûnder dus ek twa pianisten dy't op twa ferskillende piano's spylje) de oantsjutting duo brûkt wurdt.

Yn 'e popmuzyk

Yn 'e popmuzyk wurdt de oantsjutting duët losser brûkt, bgl. foar twa sjongers dy't tegearre of ôfwikseljend in liet sjonge, of foar twa muzikanten dy't tagelyk of ôfwikseljend itselde soarte ynstrumint of ferskillende ynstruminten bespylje. Allinnich as twa muzikanten twa piano's bespylje, wurdt noch altyd sprutsen fan in pianoduo. Fierders kin de term 'duët' ek jilde foar in muzykstik dat troch twa persoanen útfierd wurde kin en yn bredere sin foar in net-muzikale aktiviteit dy't troch twa persoanen ferrjochte wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Muzyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

OseaanIngelskSeksuele penetraasjeBaton Rouge (Louisiana)PolyteïsmeFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)RestaurantFinlânFacebookFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)GrykskCityJetGysbert JapiksBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2016Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1920Bill GatesEreksjeRomeIsambard Kingdom BrunelBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2000BrazyljeMahatma GandhiYnternetDútslânGelsenkirchenKarl MarxVladimir PûtinLegaatAmerikaanske BoargeroarlochSkearmês fan OckhamDaisy SummersDe Trije MusketiersKatPontius PilatusJoachim HoppersOekraïneJasmine AlohaWaadseeMcDonald'sMeindert SchroorStavangerISBNJaylene RioJ. Mac994Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972MauretaanjeSulawesyWikidata1993Beyoncé KnowlesThe World Is Not Enough (film)1986Valéry Giscard d'EstaingRenée Zellweger2005BefolkingStefan LöfvenThe GuardianGnostisismeFingerjenMaya BijouMegyn KellyCoward of the County (liet)KubaAbû DabiShalina DevineRebecca RomijnEtiopysk-Otterdokse Tsjerke🡆 More