Minsklike seksuele aktiviteit
Minsklike seksuele aktiviteit is de manear dêr't minsken harren seksualiteit op belibje en der útdrukking oan jouwe.
Minsklike seksuele aktiviteit is de manear dêr't minsken harren seksualiteit op belibje en der útdrukking oan jouwe. Men kin dêrby tinke oan in breed ferskaat oan hannelingen dy't yn útinoar rinnende patroanen fan frekwinsje en om in grut ferskaat oan redens bedreaun wurde. Yn it algemien kin lykwols steld wurde dat sekuële aktiviteit troch seksuele stimulaasje fuortkomt út en/of liedt ta seksuele opwining. Dêrtroch fine der fysiologyske feroarings plak yn 'e opwûne persoan, wêrfan't guon tige dúdlik binne, wylst oaren folle subtiler binne. Minsklike seksuele aktiviteit hat sadwaande sosjologyske, emosjonele, lichaamlike en biologyske aspekten.
Seksuele oriïntaasje en seksuele identiteit
Oan 'e grûnslach fan seksuele aktiviteit stiet de seksuele oriïntaasje fan 'e dielnimmer(s). Dat is in oanberne en yn prinsipe net te feroarjen ûnderdiel fan 'e minsklike persoanlikheid, wêrby't men in seksuele oantrekking, faak yn kombinaasje mei in gefoel fan romantyk, fielt foar oare persoanen oer. Der wurde almeast trije fan sokke seksuele oriïntaasjes ûnderskaat: heteroseksualiteit, wêrby't men seksuele gefoelens hat foar lju fan it tsjinstelde geslacht; homoseksualiteit, wêrby't men sokke gefoelens koesteret foar lju fan itselde geslacht; en biseksualiteit, wêrby't men jin oanlutsen fielt troch lju fan beide geslachten. By homoseksualiteit wurdt faak ûnderskie makke tusken homo's (manlju dy't har oanlutsen fiele ta oere manlju) en lesbiënnes (froulju dy't har oanlutsen fiele ta oare froulju).
As fjirde kategory wurdt soms noch aseksualiteit tafoege, dat it brekme fan it fielen fan seksuele oantrekking ynhâldt. Oare oantsjuttings op dit mêd, lykas panseksualiteit of polyseksualiteit, binne eins nije yndielings foar âlde begripen. Transseksualiteit wurdt faak út ien sike wei mei dizze oare termen neamd, mar dat hat eins inkeld ynfloed op hoe't men jinsels sjocht, en net op hoe't men foar oaren oer stiet. (Transseksualiteit is dêrom mear ferbûn mei geslachtsidentiteit, it gefoel dat immen hat oer syn eigen geslacht en hoe't hy/sy dat persoanlik belibbet.) By eltse minske sil ien fan 'e fjouwer kategoryen heteroseksualiteit, homoseksualiteit, biseksualiteit en aseksualiteit in wichtich diel fan syn of har seksuele identiteit útmeitsje. Jins seksuele identiteit is hoe't men oer jinsels tinkt mei it each op seksuele oantrekking en romantyske foarkar foar oare lju oer.
Yndieling fan seksuele aktiviteit
Seksuele aktiviteit kin op ferskate manearen yndield wurde. Yn it foarste plak moat in ûnderskie makke wurde oangeande it tal persoanen dat derby belutsen is. As der mar ien peresoan by belutsen is, sprekt men fan autoseksualiteit, wêrfan't de bekendste foarm masturbaasje is. Dêrby kin gebrûk makke wurde fan seksboartersguod, lykas in dildo, in fibrator, in fleshlight of Sineeske baltsjes (hoewol't sokke helpmiddels ek by seksuele aktiviteit ynset wurde kinne as men net allinnich is). As by seksuele aktiviteit twa minsken belutsen binne, kin it folle mear foarmen oannimme, ôfhinklik fan it geslacht en de persoanlike foarkar fan 'e dielnimmers. Dêrby kin men tinke oan tútsjen, streakjen, fingerjen, motorboating, orale seks (kunnilingus of felasio) en folsleine geslachtsmienskip, dy't bestean kin út faginale seks en/of anale seks troch penetraasje. As der trije minsken oan seksuele aktiviteit dielnimme, neamt men dat in triootsje, en by noch mear dielnimmers sprekt men fan groepseks. Yn sokke gefallen wurde noch mear farianten mooglik, lykas dûbele penetraasje.
Fierders kin by seksuele aktiviteit sprake wêze fan flechtich seksueel kontakt, lykas by in seks yn flechtige relaasjes, anonime seks, onenightstands, friends with benefits, bûtenhoulikse seks, prostitúsje en swinging. Mar likegoed kin it gean om in duorjende relaasje, lykas ferkearing, gearwenjen, ferloving of in houlik. Seksuele aktiviteit kin ek sjoen wurde as konvinsjoneel of as kinky. Yn it lêste gefal is der faak sprake fan in seksueel fetisjisme (bygelyks foar lear, lateks, fuotten, skuon, linzjery of grutte boarsten), in parafily (lykas foyeurisme of ekshibysjonisme) of fan bondaazje en/of sadomasogisme.
Hoe't men tsjin minsklike seksuele aktiviteit oansjocht, kin fan kultuer ta kultuer ferskille. Yn guon lannen kinne beskate foarmen fan seksualiteit taboe of sels yllegaal wêze, of der kinne wetlike beheinings oan steld wêze dy't ferbân hâlde mei de âldens, it geslacht, de boargerlike steat en oare skaaimerken fan 'e dielnimmers. Yn in stikmannich islamityske lannen is alle seksuele aktiviteit foar en bûten it houlik by wet ferbean, en stiet dêr in lange finzenisstraf of sels de deastraf op. Oer it algemien is seksuele aktiviteit inkeld wetlik tastien, sels yn 'e frijste maatskippijen, as alle dielnimmers der út frije wil oan meidogge. Seksuele aktiviteit tsjin 'e wil fan ien fan 'e dielnimmers is seksueel misbrûk, seksuele oantaasting of ferkrêfting. Om't jongerein ûnder de wetlike minimumleeftyd foar seksueel kontakt op dit mêd wilsûnbekwaam achte wurde, stiet seks mei sa'nent yn 'e measte lannen gelyk oan ferkrêfting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Minsklike seksuele aktiviteit, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply. (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 3.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
#Wikipedia® is a registered trademark of the Wikimedia Foundation, Inc. Wiki (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wikimedia Foundation.
In other languages:
- Afrikaansk: Menslike seksuele gedrag - Wiki Afrikaans
- Alemannisch: Sex - Wiki Alemannisch
- Arabysk: سلوك الإنسان الجنسي - Wiki العربية
- Egyptian Arabic: سكس - Wiki مصرى
- Azerbeidzjaansk: İnsanın seksual fəaliyyəti - Wiki Azərbaycanca
- Samogitian: Seksos - Wiki žemaitėška
- Wyt-Russysk: Секс - Wiki беларуская
- Belarusian (Taraškievica orthography): Сэкс - Wiki беларуская (тарашкевіца)
- Bhojpuri: मानव यौन गतिविधि - Wiki भोजपुरी
- Bengaalsk: মানব যৌনাচার - Wiki বাংলা
- Tibetaansk: མིའི་རིགས་ཀྱི་ཆགས་སྦྱོར་གྱི་བྱ་སྤྱོད། - Wiki བོད་ཡིག
- Bosnysk: Seks - Wiki Bosanski
- Katalaansk: Comportament sexual humà - Wiki Català
- Soranî: چالاکیی جنسیی مرۆڤ - Wiki کوردی
- Tsjechysk: Lidské sexuální chování - Wiki čeština
- Deensk: Sex - Wiki Dansk
- Dútsk: Sex - Wiki Deutsch
- Ingelsk: Human sexual activity - Wiki English
- Esperanto: Seksumado - Wiki Esperanto
- Spaansk: Comportamiento sexual humano - Wiki Español
- Perzysk: آمیزش جنسی در انسان - Wiki فارسی
- Finsk: Seksi - Wiki Suomi
- Frânsk: Comportement sexuel humain - Wiki Français
- Guianan Creole: Sekswalité moun - Wiki Kriyòl gwiyannen
- Hebreeuwsk: פעילות מינית אנושית - Wiki עברית
- Hindi: मानव कामुक क्रिया - Wiki हिन्दी
- Armeensk: Մարդու սեռական կյանք - Wiki հայերեն
- Interlingua: Sexo - Wiki Interlingua
- Yndonezysk: Kegiatan seksual manusia - Wiki Bahasa Indonesia
- Japans: 性行動 - Wiki 日本語
- Kazachs: Жыныстық қатынас - Wiki қазақша
- Koreaansk: 인간의 성행위 - Wiki 한국어
- Latyn: Actus sexuales - Wiki Latina
- Litouws: Lytiniai santykiai - Wiki Lietuvių
- Letlâns: Sekss - Wiki Latviešu
- Marathi: मानवी लैंगिक क्रियाकलाप - Wiki मराठी
- Maleis: Kegiatan seks manusia - Wiki Bahasa Melayu
- Laagduits: Sex - Wiki Plattdüütsch
- Nepalees: यौन - Wiki नेपाली
- Nederlânsk: Seksuele handeling - Wiki Nederlands
- Palatine German: Sex - Wiki Pälzisch
- Poalsk: Seks - Wiki Polski
- Pasjtoe: جنسي اړيکې - Wiki پښتو
- Portugeesk: Comportamento sexual humano - Wiki Português
- Roemeensk: Comportamentul sexual al oamenilor - Wiki Română
- Russysk: Сексуальное поведение человека - Wiki русский
- Schots: Human sexual acteevity - Wiki Scots
- Servokroatysk: Ljudska seksualna aktivnost - Wiki Srpskohrvatski / српскохрватски
- Tashelhiyt: Tuqqut - Wiki Taclḥit
- Simple English: Human sexual activity - Wiki Simple English
- Slowaaks: Súlož - Wiki Slovenčina
- Servysk: Људска сексуална активност - Wiki српски / srpski
- Zweeds: Sex (aktivitet) - Wiki Svenska
- Silesian: Seks - Wiki ślůnski
- Tadzjieks: Ҳаёти ҷинсӣ - Wiki тоҷикӣ
- Thais: กิจกรรมทางเพศของมนุษย์ - Wiki ไทย
- Tagalog: Gawaing seksuwal ng tao - Wiki Tagalog
- Turks: İnsan cinsel eylemi - Wiki Türkçe
- Tataars: Җенси мөнәсәбәт - Wiki татарча / tatarça
- Twi: Mpenatweɛ - Wiki Twi
- Oekraïens: Секс - Wiki українська
- Oezbeeks: Jinsiy hayot - Wiki Oʻzbekcha / ўзбекча
- Vietnamees: Hoạt động tình dục của con người - Wiki Tiếng Việt
- Waray: Binubuhat seksuwal hin tawo - Wiki Winaray
- Wu Chinese: 人类性行为 - Wiki 吴语
- Jiddysk: סעקס - Wiki ייִדיש
- Sineesk: 人类性行为 - Wiki 中文
- Cantonese: 扑嘢 - Wiki 粵語