Ncrv

De NCRV (Nederlânske Kristlike Radio-Feriening; Nederlânsk: Nederlandse Christelijke Radio-Vereniging) wie in Nederlânske publike omropferiening.

De protestantsk-kristlike NCRV, oprjochte yn 1924 en fan protestantsk-kristlike oertsjûging, wie de âldste omrop fan Nederlân. Yn 2014 fusearre de NCRV mei de KRO ta de KRO-NCRV.

Ncrv
It logo fan de NCRV yn 2012
Ncrv
A.B. Roosjen, foarsitter fan de NCRV, sprekt by it 35-jierrich bestean. Utert, 16 novimber 1959

Skiednis

De earste tsientallen jierren liet de omrop in ortodoks-protestantsk (grifformeard) lûd hearre. De measte oare publike omroppen kamen fuort út it maatskiplik middenfjild, as inisjatyf fan boargers. De radio wie foar de oprjochters fan de NCRV wichtich foar evangelisaasje op plakken dêr't men oars gjin tagong hie. It wie ek in middel om 'it kristlik folksdiel' te stypjen en te befêstigjen. De taak wie rommer as it útstjoeren fan tsjerketsjinsten, moarnswijïngen en soksoarte saken. Dochs wie it útstjoeren fan tsjerketsjinsten goed foar de ferhâlding mei de tsjerken, wat sines die ta de besteanssekerheid fan de NCRV. Fanwege de komst fan de EO yn 1967 koe de NCRV him fierder ûntjaan ta in iepener omrop, dy't minske- en mienskiprjochte is, fanút de protestantsk-kristlike ynspiraasje.

Hjoed-de-dei is de missy fan de omrop: "De NCRV is een maatschappelijk betrokken mediaorganisatie die zich laat inspireren door het protestants-christelijke gedachtegoed en zich inzet voor de kwaliteit van de samenleving" en makket er foar it grutste part programma’s foar radio, telefyzje en ynternet dy't net (allinnich) te meitsjen hawwe mei it kristlik leauwe. Fan augustus 2010 ôf waard der praat mei de IKON, KRO en RKK oer in mooglike fúzje ta in grutte konfesjonele omrop. De IKON heakke letter ôf en gie gearwurkjen mei de EO. Yn maaie 2011 waard buorkundich makke dat de KRO en NCRV mooglik fusearje soene en mei yngong fan 1 jannewaris 2014 waard dat in feit ûnder de namme KRO-NCRV. Op 1 jannewaris 22019 fusearren de Feriening NCRV mei de Feriening KRO ta de nije Feriening KRO-NCRV.

Telefyzje

Sûnt de ynfiering fan it programmearmodel fan septimber 2006 wiene de measte programma’s fan de NCRV te finen op Nederlân 2. Bekende titels wiene Altijd Wat en Man bijt hond. Mar ek op it bredere, mear op ferdivedaasje rjochte Nederlân 1 wienne as NCRV-programma’s te sjen, lykas Praatjesmakers, De rijdende rechter , Babyboom en Eén tegen 100. Op Nederlân 3 joech de NCRV ek programma’s. Op Zapp waard de NCRV fertsjintwurdige mei programma's foar de jongerein as Willem Wever, De BZT-Show en SpangaS.

Programma's

Bekende NCRV telefyzje-programma's út it ferline binne: Swiebertje (fan de jierren ’60 ôf) Stiefbeen & Zoon (’63), Farce Majeur (’66), De Glazen Stad (68), Bartje (’72), De Kleine Zielen (69), De kleine waarheid (70), Memorandum Van Een Dokter (63), Het meisje met de blauwe hoed (’73), De koperen tuin (’75), Sil de strandjutter (’76), Showroom (’77), De Zevensprong (’82) en De zomer van ’45 (’91), Holidayshow ('90), Pommetje horlepiep (76), Ted's familiespelshow ('89) Thomas & Senior (85)

Omroppers/omropsters

alfabetysk oardere

  • Ansje van Brandenberg (1956-1964)
  • Els Buitendijk (1963-1966/1970-1982)
  • Lenie Couvée (1973-1982)
  • Karin Douma (1992)
  • Rieke van Epen (1969)
  • Céline van Hoorn (1988-1991)
  • Lisette Hordijk (1968-1991)
  • Diane van Hulst (1967-1984)
  • Tanja Koen (1951-1962)
  • Henk Mouwe (1982-1992)
  • Els Nijssen (jierren '60)
  • Thari Schröder (1985-1991)
  • Leonie Speelman (1992)

Telefyzjepresintatoaren & presintatrises

  • Jacobine Geel
  • Ursul de Geer
  • Jochem van Gelder
  • Ewout Genemans
  • Cees Grimbergen
  • Karin de Groot
  • Pepijn Gunneweg
  • Nico de Haan
  • Leo de Haas
  • Antoon van Hooff
  • Jan ten Hoopen
  • Lisette Hordijk
  • Henk van der Horst
  • Marc-Marie Huijbregts
  • Mariska Hulscher
  • Guido Jonckers
  • Minoesch Jorissen
  • Catherine Keyl
  • Louis Kockelmann
  • Tanja Koen
  • Legien Kromkamp
  • Paul de Leeuw
  • Frénk van der Linden
  • Joris Linssen
  • Frank Masmeijer
  • Patrick van Mil
  • Henk Mochel
  • Irene Moors
  • Frank du Mosch
  • Chazia Mourali
  • Henk Mouwe
  • Willy Nap
  • Dick Passchier
  • Ghislaine Plag
  • Peter Plaisier
  • Alexander Pola
  • Martine Prenen
  • Sandra Reemer
  • Han Rensenbrink
  • Edwin Rutten
  • Christiaan Scheen
  • Annemiek Schrijver
  • Hans Sleeuwenhoek
  • Ernst Daniël Smid
  • Mike Starink
  • Piet Steltman
  • Kick Stokhuyzen
  • Caroline Tensen
  • Conny Vandenbos
  • Colet van der Ven
  • Frank Visser
  • Mieke van der Weij
  • Aart Zeeman


Keppelings om utens

Tags:

Ncrv SkiednisNcrv TelefyzjeNcrv Keppelings om utensNcrv1924NederlânNederlânsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hans Christian AndersenBachelortitel19411971Knier (lichemsdiel)16 aprilRoomsk-Katolike TsjerkeHûntsjeshâldingNikola TeslaMasturbaasje1901Aafke BijlsmaYves BaillatLouis PasteurOerisel1945Pornografyske filmOezbekistanFrysktalige WikipedyEarste WrâldkriichAda SanchezFuortplantingYnternasjonaal Systeem fan IenhedenJohn AdamsGeografyMarilyn CrystalBostonJapanAlawitenMarijn KuipersWesterske wrâldBruce VentureIranFideoMaartKosta RikaJim MorrisonPakistanNational Broadcasting CompanyRaerdSpanjeTehmeena AfzalAntysemitismeSiblingAneHavana GingerSeksuele opwiningTelefoanFilipynske pappegaaido1952Sinne-enerzjy19251671GazastripeJapanskToskedokter29 desimberMaya BijouNegevNederlânWrâldkampioenskip fuotbalJean-Louis Trintignant1889Flechtleaze fûgelHans Vredeman de Vries1946DierenMozilla FirefoxEgypte🡆 More