Doris Mary Ann Kappelhoff (Cincinnati, 3 april 1922 – Carmel Valley Village, 13 maaie 2019, wie in Amerikaansk sjongster, aktrise en diere-aktiviste.
Hja waard bekend ûnder de artystenamme Doris Day.
Doris Day | ||
akteur | ||
Doris Day yn 1958 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Doris Mary Ann Kappelhoff | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 april 1922 | |
berteplak | Cincinnati | |
stoarn | 13 maaie 2019 | |
stjerplak | Carmel Valley Village | |
jierren aktyf | 1939–2012 |
Day's artistike karriêre begûn yn har lette tsienerjierren as sjongster yn in big band. Yn 1945 hie hja har earste hit, "Sentimental Journey", en yn 1948 ferskynde hja yn de film Romance on the High Seas. Yn har artistike karriêre hat hja yn 39 films spile en hat se mear as 650 lieten opnaam, ûntfong sy in Oscar-nominaasje, wûn in Golden Globe en in Grammy Award, en krige yn 1989 de Cecil B. DeMille Award foar al har fertsjinsten yn spylfilms.
Day hat fjour kear troud west. Earst mei Al Jorden, in trombonist, dy't de heit waard fan har iennichst bern, Terry. Ferfolgens waard it George Weidler. Doe't dat houlik yn in skieding einige boaske hja oan Martin Melcher en bleaun by him oant er yn 1968 ferstoar. Melcher adoptearre har soan, dy waard doe Terry Melcher. Har fjirde en lêste houlik mei Barry Comden duorre mar koart en einige ek yn in skieding. Doris Day wennet yn Carmel, Kalifornje ûnder de namme Clara Kappelhoff. Day is mei Shirley Temple de iennichste frou yn de top tsien fan filmartysten dy't it measte publyk lutsen hat.
Doris Day hat har grutte populêrens fral te tankjen oan har rollen yn romantyske komeedzjes:
en in oantal súksesfolle filmlietsjes:
Yn 1975 ferskynden har memôres ûnder de titel Doris Day: her own story.
Fan 1968 oant 1973 spile se yn de telefyzjerige The Doris Day Show, dy't yn de jierren 70 ek yn Nederlân op de byldbuis kaam.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Doris Day, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.