Malta

Malta, sûnt 1974 offisjeel de Republyk Malta, is in lân yn de Middellânske See yn Súd-Jeropa.

Repubblika ta' Malta
Republic of Malta
Flagge fan Malta Wapen fan Malta
Flagge Wapen
Lokaasje fan Malta
Offisjele taal Malteesk
Ingelsk
Haadstêd Valletta
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
316 km²
0­%
Ynwenners (2003) 399.867
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 23 juny
Lânkoade MLT
Ynternet .mt
Tillefoan 356

De haadstêd is Valletta.

Malta
Kaart fan Malta
Malta
De Mnajdra Timpels
Malta
Valetta

Geografy

Malta leit op de rich tusken Tuneezje en Sisylje, dy't de Middellânske See opdield ta in westlik bekken en in eastlik bekken.

It lân bestiet út trije bewenne eilannen: It grutste eilân is Malta, 246 km² grut, mei in 357.000 ynwenners. Noardwest fan Malta leit Gozo, 67 km² grut, hjir wenje sa'n 30.750 minsken. Tusken Malta en Gozo leit it tredde bewenne eilân Komino, mei mar 5 ynwenners. Dêrneist binne dêr noch in tal lytse ûnbewenne eilantsjes of rotsen sa as, Kominotto en Filfla.

Skiednis

Malta hat in lange skiednis. Op it eilân Malta en Gozo steane in tal tige âlde prehistoaryske bouwurken, sa as de Tempel fan Tarxien, boud tusken 3500 en 2500 f.Kr., de timpels fan Ħaġar Qim en Mnajdra en op it eilân Gozo de timpel fan Ġgantija, bouwurken dy't âlder binne as de piramiden yn Egypte en ek âlder as Stonehenge yn Ingelân.

De histoarje begûn yn Malta mei de komst fan de Foenisjers. By ien fan de Punyske Oarloggen waard Malta ferovere troch de Romeinen en it bleau Romeinsk oant de ein fan it Romeinske Ryk.

Om en de by 870 wurdt Malta in besit naam troch de islamityske Arabieren en yn 1127 troch de Wytsingen. Fan 1530 ôf oan komt it eilân yn besit fan de Johanniters, ek wol de Maltezer Oarder of Maltezer ridders neamd. Sy bouden de grutte festings yn ûnder oaren Valletta, Mdina en Rabat op Gozo. Fan 1800 ôf wurdt Malta in Britske koloanje.

Under de Twadde Wrâldkriich wurdt Malta swier bombardearre en oanfallen troch de Dútske Luftwaffe, foaral ûnder de Slach om Malta. Malta bliuwt in Britske koloanje oant de ûnôfhinklikens binnen it Britske Mienebest op 21 septimber 1964. Oant 1974 bleau de Britske keninginne ek keninginne fan Malta, mar dêrnei waard it lân in republyk.

Demografy

Der wenje likernôch 400.000 minsken op it eilân. Der binne lykwols bêden foar mear as in miljoen toeristen. De offisjele talen fan it eilân binne Malteesk en Ingelsk.

Gearwurking

Malta is sûnt 1965 lid fan de Rie fan Jeropa. It is sûnt 2004 lid fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.

Ekonomy

BYP per persoan is $23.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,7% lânbou, 22,3% yndustry en 74,9% tsjinsten.

Militêr

    Struktuer

De definsje fan Malta bestiet út ien organisaasje, dêrûnder falle lânmacht, loftmacht en marine.

    Mankrêft

Yn 2008 wienen der 96.309 Malteeske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 80.227 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 2.815.

    Budzjet

Militêr budzjet $31 miljoen (2004).
Persintaazje fan it BYP 0,7 % (2004).

 
Jeropeeske Uny
Malta 
Lidsteaten: BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinyk • Réunion • Sint-Marten
Portegal: AzoarenMadearaSpanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten: AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije

Tags:

Malta GeografyMalta SkiednisMalta DemografyMalta GearwurkingMalta EkonomyMalta MilitêrMalta1974JeropaMiddellânske SeeValletta

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1944Olympyske Winterspullen 2018Leppeltsje-leppeltsjeSleepautoTiidsônes yn de Feriene SteatenSkiednis fan Fryslân (wengebiet)FegetarismeOmgong fan Itaalje 1959Pake en beppePornoaktriseGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2004De OesdripJohann Jacob EngelMax WernerGaastShae SummersJake SteedVanessa SkyPaulina SeikolaNeakenensGrypsturtInes RidereSoarteSeksualiteitLyts-Fryslân (Ommelannen)Rocco SiffrediJulie SkyhighIranNederlânJaylene RioGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2021SneinPornografyMaya BijouSensual JaneWynturbineFryskFriezenSpanjeGoudjakhals9e iuwMisjonarishâldingLuna Silver1839Grut-LondenGenemuidenFenolFellatioMick JaggerMediaWikiSkiednis fan FryslânSpoar fan Mariënberg nei AlmeloPappegaaidowenKartaachske RykMichael StefanoAutoJeropaLowbudgetfilmHarry TrumanNoard-Fryslân🡆 More