De Golden Globes (Gouden Globes) of Golden Globe Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier yn jannewaris útrikt wurde oan 'e bêste wurken op it mêd fan Amerikaanske en ynternasjonale films en tillefyzje fan it foargeande jier.
De útrikking fan dizze prizen wurdt organisearre troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA), en de tawizing fan 'e Golden Globes fynt plak troch in stimming ûnder de 93 leden fan 'e HFPA. De earste útrikking fan 'e Golden Globes fûn plak yn 1944, en sûnt 1961 fynt de huldigingsseremoanje tradisjoneel plak yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills. De Golden Globes wurde beskôge as de op ien nei wichtichste Amerikaanske filmprizen, en foarmje de opmjitte foar de útrikking fan 'e Oscars, yn it foarjier.
Golden Globe | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | film en tillefyzje | |
útrikt troch | Hollywood Foreign Press Association | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | jannewaris | |
plak | Beverly Hills (Kalifornje) | |
ynsteld | 1943 | |
1e útrikking | 1944 | |
offisjele webside | ||
www.hfpa.org |
Foar listen mei winners fan 'e Golden Globes, sjoch ûnder de kop See also op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Golden Globe, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.