Skopje

Skopje (Masedoanysk: Скопје; Turksk en oant 1912 offisjeel: Üsküp) is it haadplak en fierwei de grutste stêd (mei likernôch 500.000 ynwenners) yn Noard-Masedoanje, mei in kwart fan it totaal tal ynwenners fan it lân, en ek op it mêd fan polityke, kulturele, ekonomyske en akademyske saken it sintrum fan it lân.

Wapen Lokaasje
Posysje fan Skopje yn Jeropa
Basisynfo
steat: Noard-Masedoanje
oerflak: 1818 km²
tal ynwenners: 506,926 (1 jannewaris 2002)

Yn de Romeinske tiid wie de stêd ferneamd ûnder de namme Scupi. De stêd hat him gau ûntwikkele nei de Twadde Wrâldkriich, oant it jier 1963, doe't de grutte ierdbeving yn de stêd plak fûn. Hjoed-de-dei is Skopje in moderne stêd mei in grut tal monuminten.

De lokaasje fan Skopje is 42°0′N 21°26′E, yn it noarden fan Massedoanje op it ferneamde noard-súd Balkanpaad tusken Sintraal-Jeropa en Atene.

Skiednis

Skopje 
De oere fan 'e ierdbeving fan 1963

Op 26 july 1963 wurdt Skopje moarnsier troffen troch in swiere ierdbeving fan 6,1 op 'e skaal fan Richter. Dêr kamen 1.000 minsken by om it libben en rekken 120.000 minsken harren hûs kwyt. 80% fan de stêd, mei in protte monuminten, waard ferneatige troch de beving. Sadwaande is de Ottomaanske ynfloed op it stêdsbyld lykwols fuort. Troch ynternasjonale help is de stêd der rap boppenop kaam. Ek it âlde treinstasjon waard ferneatige troch de ierdbeving. De klok stiet noch hieltyd op 5.17 oere, it stuit dat de ierdbeving plakfûn.

Under Joegoslaavje waakste de stêd rap en waard in wichtich yndustrysintrum foar it suden fan 'e Balkanregio en súd-east Jeropa. Doe't yn 1991 de Joegoslavyske federaasje oan syn ein kaam, waard Skopje haadstêd fan it ûnôhinklike Noard-Masedoanje. Grikelân wie tsjin op 'e namme Masedoanje en begûn mei in ekonomyske boykot tsjin it lân, wat in soad ekonomyske skea feroarsake hat troch it sluten fan Masedoanjes paad nei de see fia Tessaloniki (Solun). De boykot kaam yn 1995 ta in ein nei in oerienkomst tusken beide regearen.

Polityk

It regear fan 'e stêd is ferparte tusken de boargemaster en de Ried fan de stêd Skopje.

Boargemaster

De boargemaster wurdt yndirekt keazen foar in termyn fan fjouwer jier. Under de boargemaster syn ferantwurdelikens falt it útfierend stêdsregear en it fertsjinwurdigjen fan de stêd. De boargemaster fan Skopje wurket op mei de boargemasters fan de stêdsdistrikten.

Ried fan de stêd Skopje

De ried fertsjinwurdiget de ynwenners fan Skopje. De ried is gearstald út 39 keazen riedshearen, 25 direkt troch ferkiezings en de oare 14 troch de distriktsoerheden; dat betsjut 2 leden keazen troch in distrikt yn Skopje.

De Ried is organisearre yn sân kommisjes/ôfdielings:

    • Kommisje foar stêdsûntjouwing, ferkear en omkriten
    • Kommisje Sinteraasje
    • Kommisje Wetjouwing
    • Kommisje sosjale aktiviteiten
    • Sintrale administraasje
    • Kommisje planning en ûntwikkeling
    • Kommisje ynformaasje Systeem

De ried wurket gear mei de lokale distrikten fan 'e stêd, oare stêden yn Noard-Masedoanje en Skopje syn partnerstêden.

Partnerstêden

Ferneamde minsken berne yn Skopje

Keppelingen om utens

Skopje 
Commons
Op Wiki Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Skopje

Tags:

Skopje SkiednisSkopje PolitykSkopje PartnerstêdenSkopje Ferneamde minsken berne yn Skopje Keppelingen om utensSkopje19121963IerdbevingMasedoanyskNoard-MasedoanjeRomeinske tiidTurkskTwadde Wrâldkriich

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PornografyKatedraalDouglas C-47 Skytrain1990-er jierrenPolitikusDinnewrotmûsTresoarGrutte pappegaaidoIngelskCassandra WildeHylpenRussenList fan Fryske jongesnammenTekkelMissoery (steat)Reality KingsSekretaris-generaalFeriene SteatenAhmed Aboutaleb24 augustusCassidy BanksDrugsKompjûterkloftwebsteePearsSkilderkeunstSybe Sybesma8 maartBarack ObamaMarksismeVina SkyFositeDominikaSensual JaneEtioopjeElektromagnetismeSaya SongWrotmûseftigenMazar-e-SharifMasturbaasjeVienna BlackPierre Auguste CotAldfrysk11 maaieFrou1974Agnes TilliKomoarenRichard NixonGrykskGonzopornografy1 aprilDjakartaMia LiEnsyklopedy15 maaieTechnology88 f.Kr.640Audi1649IngelânTogoAlexa Flexy🡆 More