Francesca Petitjean (Cannes, 1963), is in Frânsk fitnessmodel en bodybuildster, dy't as sadanich aktyf wie yn 'e jierren tachtich en njoggentich en twa kear wrâldkampioen bodybuilding by de amateurs wie.
Nei't se har sportive karriêre mids njoggentiger jierren beëinige hie, sette se útein mei te wurkjen as neakenmodel en pornografysk aktrise, wêrby't se ek wol gebrûk makke fan skûlnammen as Francesca Rosa, Sally Body en Mara Moresco.
Francesca Petitjean | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Francesca, Francesca Rosa, Sally Body, Mara Moresco | |
echte namme | Francesca Petitjean | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 1963 | |
berteplak | Cannes (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1998 – 2003 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Francesca Petitjean waard yn 1963 berne yn it Súdfrânske baaiplak Cannes. Yn 'e tachtiger jierren sette se útein mei in karriêre as bodybuildster en fitnessmodel. Yn 1989 en nochris yn 1992 behelle se it earste plak by de wrâldkampioenskippen foar amateur-bodybuilders organisearre troch de World Amateur Body Building Association (WABBA) yn 'e kategory "lang". Yn 1990 wie se twad nei de Eastenrykske Gabriele Klug by de WABBA-wrâldkampioenskippen yn 'e kategory "profesjoneel", en yn 1989 wûn se de brûnzen medalje by de Jeropeeske amateurkampioenskippen fan 'e WABBA.
Yn 1993 waard Petitjean prof en stapte se oer nei de International Federation of BodyBuilders (IFFB). Dêr einige se almeast by de earste tsien, mar helle se nea it poadium. Har bêste resultaat wie by de Grand Prix fan Praach, yn 1996, doe't se op it sechsde plak einige. Oan 'e ein fan dat jier loek se har werom út it profesjonele bodybuilden.
Nei't se opholden wie mei kompetatyf bodybuilden, sette Petitjean útein mei in karriêre as pornografysk aktrise. Foar dit wurk liet se har boarsten fergrutsje, en troch har tige spierde uterlik loek se al rillegau de oandacht. Se makke har debút yn 'e pornoyndustry yn 1998, doe't 35 jier wie, yn 'e film Acteurs Porno en Analyse, fan regisseur José Bénazéraf. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se yn totaal yn 20 pornografyske films spile.
Dêrby wurke se it measte foar de studio Channel 69, dy't de rige Bodybuilders in Heat publisearre. Petitjean spile yn fiif dielen út dy searje. Teffens wurke se foar oare labels, wêrûnder it Dútske Videorama en it Italjaanske Moonlight Video. Se wurke gear mei û.o. de Frânske akteur Richard Langin en de Dútsk-Tsjechyske aktrise Dolly Buster. Dêrby mijde Petitjean de hurdere pornografy net, en die se oan anale seks en dûbele penetraasje. Uteinlik loek se har yn 2003 út 'e pornoyndustry werom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Francesca Petitjean, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.