Jade Jantzen

Jade Jantzen, echte namme ûnbekend (Dallas, 1 july 1993), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf.

Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Jade Jantzen
Jade Jantzen persoan yn de seksyndustry
Jade Jantzen
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Jade Jantzen Amerikaansk
berne 1 july 1993
berteplak Dallas (Teksas)
etnisiteit Jade Jantzen Brazyljaansk
Jade Jantzen Dútsk
Jade Jantzen Frânsk
Jade Jantzen Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Jade Jantzen op Twitter

Libben en karriêre

Jantzen waard yn 1993 berne yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Yn 2012 begûn se as neakenmodel te wurkjen, en yn 2014, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt dy tiid lit se har fertsjintwurdigje troch it ympressariaat Hussie Models, fan Riley Reynolds, dat fêstige is yn North Miami, yn Floarida. Jantzen die har earste anale sêne yn oktober 2014 yn Amateur Babe Tries Anal Sex, en har earste dûbele penetraasje yn maart 2015 yn Latina Is Feeling Slutty Today.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Jantzen begjin 2019 yn mear as 140 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Evil Angel, Jules Jordan Video, Digital Sin en Hustler Video. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Girlfriends Films en Mile High Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Jantzen gearwurke mei kollega-aktrises as Diamond Jackson, Kelsi Monroe, Priya Price en Ada Sanchez, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Manuel Ferrara, J-Mac, Sean Lawless, Ramon Nomar en Mark Wood. Yn 2016 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory meast seksy nijynkommelinge.

Lichemsskaaimerken

Jade Jantzen is blank, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 48 kg, en natuerlike cupmaat 32C. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, mar se hat wol tatoeaazjes op har beide ankels en in floral op har ûnderrêch.

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2015 NightMoves Award nominearre bêste nije stjer (sjuerypriis) n.f.t.
nominearre bêste nije stjer (publykspriis) n.f.t.
2016 AVN Award nominearre meast seksy nijynkommelinge (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Jade Jantzen Libben en karriêreJade Jantzen LichemsskaaimerkenJade Jantzen Prizen en nominaasjesJade Jantzen Keppelings om utensJade Jantzen1 july19932014Dallas (Teksas)Etnyske groepFeriene SteatenKomôfNammeNeakenmodelPornofilmPornografysk aktrisePornoyndustryWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NeakenfotografyLos AngelesBertolt BrechtJulianna VegaWillem WestraWeenske oesterKasinoDenemarkReadboarstkroando11 febrewarisRussyskEuroFjilddowen fan de Âlde WrâldAuke VisserMisjonarishâldingOrgasmeHeipealhâldingISSN21e iuwBoskmarmotZaawaadiAquaZoo FrieslandMoslimBibliobusSudokuNicole BexleyAzerbeidzjanSaskatchewanIerskManchester City FCTrajanusLev TolstojVanessa SkyMegan SalinasKroniken fan FredegarRachel AzianiMahina ZaltanaDormitio-abdijOflûken (seksualiteit)Twadde luitenantAaliyah Hadid22 augustusPessariumItaaljeSilezyskKollumersweachGearstallingHeather LeeVina SkySekshâldingAnita BlondMinnie BeetsKanadaBuorljuSimone HorváthEl GrecoMay ThaiShalina DevineNederlânBruce VentureNikki AndersonTyra Moore2005EreksjeJeruzalimSean Lawless🡆 More