Stephanie Zacharek

Stephanie Zacharek (13 augustus 1963) is in Amerikaansk sjoernaliste út New York, dy't benammen bekendheid krigen hat as filmkritika fan 'e krante The Village Voice en it tydskrift Time

Stephanie Zacharek
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephanie Zacharek
nasjonaliteit Stephanie Zacharek Amerikaansk
berne 13 augustus 1963
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Stephanie Zacharek Poalsk
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste
aktyf as filmkritika
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
Stephanie Zacharek yn 'e IMDb

Libben en karriêre

Oplieding

Zacharek, dy't fan etnysk Poalsk komôf is, studearre oan 'e S.I. Newhouse School of Public Communications fan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York), dêr't se in bachelortitel yn sjoernalistyk behelle.

Karriêre

Zacharek begûn har karriêre fan 1986 oant 1988 as haadredaktrise by de Crosby VandenBurgh Group. Yn 'e 1990-er jierren wurke se foar de krante The Boston Phoenix en it tydskrift Inc. Fan 1999 oant 2010 wie se as haadferslachjouster en filmkritika ferbûn oan 'e webside Salon.com.

Yn 2010 waard Zacharek haadfilmkritika foar de webside Movieline, dêr't se mids 2012 wei rekke. Yn april 2013 waard se troch de Voice Media Group oannommen as filmkritika foar de krante The Village Voice, út 'e wyk The Village, yn Manhattan. Njonken har foltiidsbaan wie Zacharek ek op freelancebasis aktyf foar oare publikaasjes, wêrûnder CNN.com, de Los Angeles Times, Entertainment Weekly, Rolling Stone en NPR

Zacharek wie yn 2015 finaliste foar de Pulitzerpriis foar Krityk, de wichtichste priis fan har fakgebiet. Datselde jiers stapte se fan The Village Voice oer nei it tydskrift Time. Yn 2018 waard se frege as lid fan 'e sjuery fan it 68ste Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.

Priveelibben

Zacharek wennet yn New York, en is troud mei Charles Taylor, dy't ek filmkritikus is.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.

Tags:

Stephanie Zacharek Libben en karriêreStephanie Zacharek Keppelings om utensStephanie Zacharek13 augustus1963Feriene SteatenFilmkritikaKranteNew York (stêd)SjoernalistTime (tydskrift)Tydskrift

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2000WielenpôleSamoähunningiterPornografyDomtsjerke fan ParmaCassidy BanksSieds Johannes RienksBoarstferlytsingSkiermûntseachIt Dronkene Skip8 augustusBommesmiterBad Samaritan (film)5 augustusHûnJulie SkyhighGaya PatalFiere EastenVanessa SkyHarley RaineYndoneezjeRain ManKunnilingusFerstjerrenPaulina SeikolaPsychologyJan Hepkes WoudaGazastripeYnternasjonale Kynologyske FederaasjeJapanskNovial8 febrewarisSkaai (taksonomy)Yby PotlatchAnusJohan KaartpriisHylke SpeerstraMarianna MadiaLexxxi LockhartSpaanskWolverine9 junyToskdoSêfte pornografyCharlie ChaplinNeakenfotografySineeskJoo Min LeeBurj KhalifaYvette BovaLycklama à NijeholtNeakenmodelMuskusrôtBudgetDelotta BrownJ.K. RowlingNicole Oring1901FêsteljûnNoardhoekskKatee OwenAustraalje (lân)Lofthaven Eelde1 febrewarisJ. MacNoarwegen1951🡆 More