Trini Lopez (berne as Trinidad López III, Dallas (Teksas), 15 maaie 1937 - Palm Springs, 11 augustus 2020) wie in Amerikaansk sjonger fan Meksikaansk komôf.
Lopez hie in soad súkses yn 1963 mei it liet If I had a hammer dat it earste plak yn de hitlisten yn 25 lannen helle, ek de Nederlânske Tijd voor Teenagers Top 10. It nûmer stie op syn debútalbum Trini Lopez Live at PJ's, dat ferskynde op Reprise Records, it platelabel fan Frank Sinatra. Ek La Bamba fan deselde lp waard in hit. Letter hie Lopez noch súkses mei ûnder oaren This land is your land, Kansas City en Adalita.
Lopez wie ek akteur, mar pykte der op dat mêd net út. Njonken Sinatra en Dean Martin die er mei yn syn earste film "Marriage On The Rocks" (1965). De bekendste film dêr't er yn spile wie "The Dirty Dozen" (1967).
Ek anno 2014 ferskynde Trini Lopez noch op 'e planken.
Trini Lopez stoar yn de âldens fan 83 jier oan de gefolgen fan COVID-19.
Titel | Label | Utbrocht |
---|---|---|
Welcome To Trini Country | Collectables | 1990 |
Teenage Love Songs | Bear Family | 1995 |
Hits & Rarities | Marginal | 1996 |
Singles Collection | Reyes | 2001 |
Only The Best Of Trini Lopez | Collectables | 2008 |
Sinner Not A Saint | ACE | 2011 |
Live At PJ's | Warner | 2013 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Trini López fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Trini Lopez, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.