Gansu

Gansu is in provinsje fan de Folksrepublyk Sina yn it noardwesten fan it lân.

Gansu waard oprjochte yn 1666 en leit tusken Tsjinghai, Binnen-Mongoalje en de Huangtu Plato's en grinzet oan Mongoalje yn it noarden. De Giele Rivier rint troch it súdlike part fan de provinsje. Yn Gansu wenje om-ende-by 25 miljoen minsken (1997) en hat in grutte minderheid fan Hui Sinezen. De haadstêd fan Gansu is Lanzhou yn it súdwesten fan de provinsje. In oare wichtige stêd is Baiyin.

Gansu
De Provinsje Gansu yn Sina.

Geografy

De Gansu provinsje beslacht in gebiet fan 454,000 km², en grutste part fan it lân leit boppe de 1000 meter. It leit tusken it Tibetaansk Heechlân, Binnen-Mongoalje en it Löss Plato. Yn it uterste noardwesten grinzget oan Mongoalje. De Giele Rivier (Huang He) streamt troch it súdlike part fan de provinsje.

De Goby woastyn beslacht in grut part fan it noarden fan Gansu. It grutste diel fan it wetter fan de Giele Rivier komt ek út de provinsje en streamt allyksa troch Lanzhou, de provinsjehaadstêd. It lânskip yn Gansu is tige bercheftich yn it suden en flak yn it noarden. De bergen yn it suden fan de provinsje meitsje diel út fan it berchtme Kwiniangshan. It heechste punt yn de provinsje leit op 5.547 meter en is de pyk fan Kwilian San (Kwilianberch).

Bestjoerlike yndieling

Gansu bestiet út tolve stêdsprefektueren en twa autonome prefektueren.

De autonome prefektueren binne:

  • Autonome Tibetaanske Prefektuer Gannan
  • Autonome Hui Prefektuer Linksia

Demografy

Gansu wie ynearsten de meast westlike Sineeske provinsje fan Sina. Troch har lizzing oan de grinzen fan it ryk wennen der ek in soad oare folken en minderheden. Dat is werom te sjen yn de autonome gebieten dy't yn de provinsje lizze. Yn it uterste súdwesten leit de Tibetaanske Autonome Prefektuer Gannan en noardlik dêrfan is de Hui Autonome Prefektuer Linksia. Nei de Han mei 91% foarmje de Hui (5%), Tibetanen (2%) en Dongksiang (2%) de grutste befolkingskloften.

Stêden yn de provinsje Gansu

  • Baiyin
  • Dunhuang
  • Jiayuguan
  • Jinchang
  • Lanzhou (haadstêd)
  • Wuwei

Tags:

Gansu GeografyGansu Bestjoerlike yndielingGansu DemografyGansu Stêden yn de provinsje Gansu1666Folksrepublyk SinaGiele RivierMongoalje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Vasco da GamaAldfryskWarkum (gemeente)Reade ibisCowgirlhâldingVladimir PûtinLeppeltsje-leppeltsje86De LauwersEastfryskBeauty Dior1977Grutte OseaanAchillesKristendomCassandra WildeNeakenensBlondie (pornografysk aktrise)1975Grykske mytologySint-PetersburchFeltenwrotmûs1927LatynMinnie BeetsKo-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)WenenHavenCottagestylSlowaakskMaserati XXXBerchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2016PakistanEl NiñoJulianna VegaSekshâldingÔflûken (seksualiteit)Súdlike wetterrôtPornofilmGouden Iuw15 desimberKristoffel KolumbusList fan planetoïden 49901-50000KoalstofJoyce OliveiraJayden LeeKazachstanMan (sekse)Video Art HollandDe BoarnWeblochJureka del MarKleanPeaskeYouTubeTatoeaazjeOrale seks1999YnternetPuna-ibisMiss Montreal (band)Marcel HirscherGNU/FDLList fan Fryske famkesnammenLânMûs (kompjûter)Froulike ejakulaasjeWurkhûs🡆 More