Julianna Vega: Kubaansk-Amerikaansk pornografysk filmaktrise

Julianna Vega, echte namme ûnbekend (yn Kuba, 5 july 1981), is in Kubaansk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise.

Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Ein 2014 krige Vega bredere bekendheid troch har rol yn 'e film Mia Khalifa Is Cumming for Dinner, dy't foar in soad opskuor soarge.

Julianna Vega
Julianna Vega: Libben en karriêre, Lichemsskaaimerken, Keppelings om utens persoan yn de seksyndustry
Julianna Vega: Libben en karriêre, Lichemsskaaimerken, Keppelings om utens
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Julianna Vega: Libben en karriêre, Lichemsskaaimerken, Keppelings om utens Kubaansk
Julianna Vega: Libben en karriêre, Lichemsskaaimerken, Keppelings om utens Amerikaansk
berne 5 july 1981
berteplak ûnbekend (Kuba)
etnisiteit Julianna Vega: Libben en karriêre, Lichemsskaaimerken, Keppelings om utens Kubaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Julianna Vega op Twitter

Libben en karriêre

Vega waard omtrint 1987 berne op Kuba, mar groeide op yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn 2014, doe't se likernôch 27 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Vega neitiid yn teminsten acht films, wêrby't it yn hast alle gefallen om produksjes fan 'e pornowebside BangBros gie. Dêropta spile se yn ien film fan 'e lytse studio Airerose Entertainment. Njonken har aktearwurk is Vega ek aktyf as neakenmodel.

Vega krige in beskate bekendheid troch har rol yn 'e film Mia Khalifa Is Cumming for Dinner, út it neijier fan 2014. Dêryn hie se in trioke mei akteur Sean Lawless en de Libaneesk-Amerikaanske pornostjer Mia Khalifa. It feit dat Vega en Khalifa dêrby hidjaabs droegen, in stik klean dat ornaris assosjearre wurdt mei islamityske froulju, soarge yn it Midden-Easten en benammen Khalifa har bertelân Libanon foar in protte krityk, dy't yn Khalifa har gefal sels útrûn op deadsbedrigings. Dat nettsjinsteande it feit dat Khalifa it grutste part fan har libben yn 'e Feriene Steaten trochbrocht hie en fan hûs út net islamitysk mar eastersk-katolyk is. Vega ûntkaam troch har Kubaanske eftergrûn fierhinne oan soksoarte eksessen. Troch alle trelit waard Mia Khalifa Is Cumming for Dinner ien fan 'e populêrste pornofilms dy't BangBros ea makke hat.

Lichemsskaaimerken

Julianna Vega is in Latina mei in blanke en yndiaansk hûdskleur, brune eagen en brún hier. Gegevens oer har lingte en gewicht binne net foarhâns, mar se hat kupmaat 34E, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Se hat, behalven troch har earlellen, gjin piercings, mar wol hat se in tribal-tatoeaazje yn 'e foarm fan in bân om har rjochterboppe-earm hinne.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Julianna Vega Libben en karriêreJulianna Vega LichemsskaaimerkenJulianna Vega Keppelings om utensJulianna Vega198120145 julyFeriene SteatenKubaMia Khalifa Is Cumming for DinnerNammeNeakenmodelPornoPornofilmPornografysk aktriseWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Carl JungMasturbaasjeMauritsiusKanadaWebloch2007MytologyPersia Monir88 f.Kr.FermaakDyami MillarsonPornofilmEkonomyIerdeDemokrasyLeppeltsje-leppeltsjeMaya BijouSeksualiteitFryske gemeentenVanessa SkyMuzykFjildmûzen (tûke)Angelica RavenUndergrûnske wrotmûzen fan de Nije WrâldShalina DevineEtioopje15 maaieAlbum (muzyk)69 (sekshâlding)WurdumHylpenWiskundeUOarehelte7e iuwSweedskAmsterdamList fan Fryske famkesnammenSêgeAlvestêdetocht1968Liza MinnelliGetalMediaWikiVienna BlackEnsyklopedySkiermûntseagerskLillian GishGaelyske talenOera Linda BoekNoardwestgermaanske talenRotaasjeperioadeMaserati XXXKatalaanskSensual JaneList fan Belgyske keunstskildersSarah YoungFenus (mytology)BotanyCassidy BanksT-sekshâldingGrutte-boarstesjenreHeuvelSophie HilbrandHarry Potter en de Stien fan 'e WizenKiribatyAna Foxxx🡆 More