Grykske Mytology

De Grykske mytology is de kennis fan de Grykske myten en sêgen en bestiet út ferhalen oer goaden, healgoaden en de ynteraksje tusken goaden en minsken.

De mytology jout ferklearrings foar it ûntstean fan de wrâld, de himellichems, de minsken, de goaden, it kwea, sykten, natoerferskynsels, en de oereleminten ierde, wetter, fjoer en loft. Hja foarme de grûnslach foar it leauwen en tinken fan de âlde Griken.

Grykske Mytology
Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Grykske Mytology
De Grykske triniteit en de ferdieling fan 'e trije keninkriken fan 'e ierde: Zeus God (himel), Poseidon (seeën en oseanen) en Hades (ûnderwrâld). Theos (lytse goaden) binne de bern fan dy trije-ienheid.

Polyteïsme

De Griken leauden dat der in protte ferskillende goaden en oare mytyske wêzens bestienen. It meastepart dêrfan wiene healgoaden. Hja wienen dêrom polyteïstysk (poly = soad en teos = god) en ferearen in mannichte panteon oan goaden en goadinnen. Dat polyteïsme hat ûnder mear de oarsaak west dat lokale kulten feriene waarden ta ien pan-Helleenske godstsjinst, lykas dat ek in gefal wie mei de Egyptyske mytology. De goadeferhalen waarden mûnling oerlevere, wat nei alle gedachten de reden is dat út en troch pleatslike farianten en tsjinstridige feiten opdûke.

Yn de Grykske wrâld waarden offers brocht om de goaden geunstich te stimmen of harren te tankjen. Soks barde meastentiids op in alter. Sa'n alter stie yn in temenos, in hillich domein, dêr't soms ek in timpel yn stie. It offer wie faak in lânbouprodukt; in bloedjefte wie meastal in (sûn) bist. Yn myten wurdt wol sein fan minske-offers, bygelyks it ferhaal dêr't Agamemnon syn dochter Ifiginea offeret om fan Artemis in geunstige wyn te krijen om nei Troaje ôffarre te kinnen.

De Grykske goaden beskikten oer in ferskaat oan bûtengewoane krêften, koenen minskestalten oannimme en har hâlde en drage as minsken, mei ynbegryp fan alle gebrekken. Underinoar waarden faak machtsspultsjes spile, en emoasjes as gleonens, lilkens, fleurigens en jaloerskens wienen harren net frjemd.

Tags:

GodGrikenHealgodLeauwenMyteMytologySêge

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FacebookDútskMount RushmoreMegan SalinasNoard-AmearikaBad Samaritan (film)List fan Fryske jongesnammen8 febrewarisNoelle EastonHylke SpeerstraChesty PullerFuotbalFideospultsjeJasmine BlackYndoneezjeGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 200824 aprilSensual JaneGrutte OseaanJan Hepkes WoudaGrutte-boarstesjenreGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007Meso-AmearikaLexi DiamondKroandowenBelestingAborted4181 augustusEkwadorMuskusrôt5 oktoberBistJarretankHarley RaineNoarwegenDetroitNasjonaal parkList fan sterke tiidwurden yn it FryskToskdoHôfdowenSpaanskOrale seksAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996Leppeltsje-leppeltsjeJureka del MarLycklama à Nijeholt20148 junyJ. MacGrikenSteatsfoarmSineeskWolkekliuwerOezbekenItalyske talenDomtsjerke fan ParmaMasturbaasjeJezus (tradisjoneel-kristlik)Tel AvivLjouwert (stêd)De Holder (literêr tydskrift)Etiopyske kalinderBoarstferlytsing5 desimberAubrey KateTrio (seksualiteit)🡆 More